Andries Baart sr.
Andries Baart (Hoarn, 30 augustus 1885 - Ljouwert, 10 desimber 1969)[1] wie in arsjitekt út Ljouwert. Hy wurdt yn 'e regel neamd mei de tafoeging 'senior' ta ûnderskied fan syn soan mei deselde namme, de restauraasje-arsjitekt Andries Baart jr.
Fan 1919 ôf wie er arsjitekt yn Ljouwert, oant 1937 learaar boukunde oan de MTS. Hy boude yn en bûten Fryslân in soad nije wenningen en wenningboukompleksen, ynrjochtingen, skoallen en riedhuzen. Foar Ljouwert makke er útwreidingsplannen.
Baart restaurearre tsjerken yn Hylpen, Minnertsgea en Rinsumageast, Sint Anne, Boalsert, Jistrum en Hantumhuzen.
Hy wie lid en bestjoerslid fan in soad kommisjes, earelid fan de 'Friesche Bouwkring' en lid fan fertsjinste fan de provinsjale skientmekommisje.
Baart wie ûnder mear lid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten, foarsitter en earelid fan de 'Friesche Bouwkring', lid fan de provinsjale wolstânskommissy en fan de frijmitselerslôzje "De Friesche Trouw". Hy publisearre ek oer boukeunst, ûnder oare yn it Bouwkundig Weekblad Architectura.
In kar út syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Filla Zonneweelde, Ljouwert
-
Koöperative Suvelbank, Ljouwert
-
mts, Ljouwert
-
Riedhûs fan Himmelumer Aldefurd
-
Dankbaar Leeuwarden aan het Spoorwegpersoneel
-
Van Eysingabank, Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|