Springe nei ynhâld

De Twigen

Ut Wikipedy
De Twigen
Heger stik fan it gebiet

De Twigen is in benei 20 hektare grut natoergebiet noardwest fan De Jouwer. It gebiet leit ynsluten tusken de âlde rykswei en de yn de twadde helte fan de tweintichste iuw oanleine sneldyk A7 nei Snits.

It noardwestlike diel fan De Twigen hat in iepen ferbining mei de Langwarder Wielen. Om dy reden is De Twigen in wichtige skeakel yn de ekologyske ferbining ( griene as) tusken it Fryske marregebiet, de histoaryske wynsingel Omkromte, it natoerterrein De Famberhorst en park Heremastate.

De Twigen is in ryk natoergebiet mei ferskate biotopen wêryn meardere soarten fûgels, flearmûzen, kikkerts, podden, flinters en libellen har thús fiele. De oanwêzige beammen en (beidragende) strewellen binne meast ynhiemsk wat bydraacht oan de natoerlike ûntjouwing fan it gebiet. Yn De Twigen binne ek planten- en moassoarten te finen dy't op de Nederlânske reade (planten) list steane. De Twigen is as rêstgebiet net frij tagonklik.

Histoarje en omjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat yn de twadde helte fan de tweintichste iuw de snelwei A7 nei Snits oanlein waard, gie de rûchte fan De Twigen neist de âlde rykswei (Tramwei) naadleas oer yn de greiden fan boeren yn de buorskip De Wâldfinnen. De pleatsen stienen oan de dearinnende syddyk fan de Tramwei. Inkele pleatsen steane der noch, mar de dyk is troch de A7 trochsnien. It earste stik fan de Wâldfinnen is noch altiten in syddyk fan de Tramwei en rint dea tsjin de A7. It twadde stik fan de Wâldfnnen is berikber oer it fiadukt De Jouwer West en rint dea tsjin de Skarster Rien. Oer dy dyk is de sânôfgraving ‘Put fan Nederhorst’ te berikken. De put is ûntstien as sânôfgraving foar de oanlis fan de A7. Simmerdeis lûkt de Put in soad rekreanten. Der is in strantsje en der wurdt in soad dûkt troch sportdûkers. Foardat de Put fan Nederhorst troch sânwinning ûntstie waard der troch de befolking fan De Jouwer in soad rekreeard op de sânflakte oan de Langwarder Wielen oan de ein fan de Wâldfinnen. By de oanlis fan de A7 wie De Twigen eigendom fan de Tsjinst Domeinen. It gebiet is yn 1995 oankocht troch de gemeente Skarsterlân en wurdt beheard troch Stichting natoergebiet ‘De Twigen’.

Nije ûntwikkelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken ôfslach De Jouwer West en De Twigen is op in braaklizzend terrein in plan ûntwikkele foar oanlis fan it grutste iperen-arboretum fan Europa. Yn de 20e iuw stoar hast 90% fan de iperenbeammen. Yn it nije park komme mear as 40 ferskillende soarten ipen te stean. De oanlis is op 23 maart (beamfeestdei) 2011 útein setten. It iperarboretum is oanlein yn in gearwurkingsferbân tusken Beamkwekerij Tonsel, Stichting Iperwacht Fryslân, gemeente Skarsterlân en BTL Beammetsjinst.