De Famberhorst
De Famberhorst is in natoergebiet fan sa'n 3 hektare yn de gemeente De Fryske Marren. De namme Famberhorst” is ôflaat fan (Fam)ylje (Ber)gsma. De Famberhorst is net frij tagonklik om de rêst te bewarjen. It is in wichtige skeakel yn de ekologyske ferbining Fryske marren, Langwarder Wielen, natoerterrein De Twigen, histoaryske wynsingel de Omkromte (bewesten de Koaileane), natoerterrein De Famberhorst en Park Heremastate.
It gebiet giet yn it noardeasten oer yn Park Heremastate en it âlde tsjerkepaad Boeresingel. Oan de westkant wurdt it gebiet omsletten troch de Jonkersleat de eardere grins tusken de gemeente Haskerlân en Doanjewerstâl. Oan de súdkant grinzet De Famberhorst oan wynsingel de Omkromte.
Terrein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Famberhorst bestiet oan de westkant út in hege, brede, ûngelyk foarme polderdyk om de eardere Jonkerspolder (tusken de Hurddraversdyk en de Jonkersleat) om mei de Jouster slûs te beskermjen tsjin heech wetter. Yn it eastlike diel is it sompich om inkele puollen. De wetterhichte fan de puollen skilt ûnderling hast 75 sintimeter, dat komt troch de ûntrochdringbere felstlaach. De beide houtwâlen oan de noard- en eastkant besteane út ynhiemske beammen en strewellen. Guon planten út it gebiet steane op de Nederlânske reade list.
-
Opper fan pitreid, skûl- en oerwinteringplak
-
Stobbewylch boppe Jonkersleat
-
Blommelân
-
Ien fan de puollen