Jouster Slûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jouster slûs)
De Jouster slûs
Kaartsje mei de trije slûslokaasjes
Gasbedriuw by de brêge oan de Slûsdyk.

De Jouster slûs is in slûs benoarden De Jouwer, tusken de Noarder Alde Wei en de Jouster Sylroede. De Jouster slûs is al jierrenlang in skutslûs, mar hat wierskynlik ea in spuislûs west, in sylroede is ommers fanâlds in feart efter in spuislûs. De slûs fan it Wetterskip Fryslân stiet meastentiids iepen. Allinnich by noard- oant súdwesterstoarm wurde de slûsdoarren sluten om foar te kommen dat it boezemwetter te heech opjage wurdt yn ûnder mear de Sylroede, De Kolk, de Noardbroekster Feart en de Jonkersleat. De polderdiken en kaaien om dy fearten soenen oars gear rinne kinne.

Twa eardere slûzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It krekte plak fan de earste slûs fan De Jouwer en de tiid fan ûntstean is net krekt oan te jaan. Mar doe't de gebieten om Westermar mear bewenne waarden sil ferlet ûntstien wêze om te wetterstân regelje te kinnen. Op 9 febrewaris 1647 waard in fernijing fan 'de slutslûs op De Jouwer' oanbestege. De slûs krige doe in nije fulling, dy't oant 1718 tsjinst die. Yn 1718 is de slûs ferpleatst. In lettere tekening toant in houten falbrêge, sûnder slûsdoarren. Dat hat mooglik te krijen mei de tanommen skipfeart neidat yn 1614 De Kolk groeven wie.

De nije slûs lei tichter by De Jouwer. Dat wie geunstiger foar de hannel en ek foar de bûtermerk. Trochdat de nije slûs foarby De Kolk kaam te lizzen moasten de kaaimuorren fa De Kolk ferhege wurde. Oars soe fia de Skipsleat it lân by de Hoarnstermar ûnder wetter strûpe. Dêrom waard yn 1718 in daam tusken de Skipsleat en De Kolk makke. De daam sels bleau letter bestean, mar de namme is ferdwûn, krektas de oanlynjende buorrens. It skipferkear koe nei 1718 trochfarre nei it sintrum fan de flekke. Neist in soad, hea, fee en bûter koe ek terpierde en grienten fan it bûtewetter troch de slûs farre. Yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw waard noch in slûswachterhûs by de slûs setten, mar koart nei 1960 waard de slûs dimpt. Dêrtroch ferdwûn ek de wetterferbining fan it bûtewetter mei de nije wenwiken fan de Jouwer. Yn dy tiid waarden ek de klapbrêgen yn de buert ôfbrutsen. De sloop fan de slûs by it gasfabryk betsjutte ek de ein fan in tiidrek dat De Jouwer twa slûzen hie. Yn 1883 hiene Provinsjale Steaten besluten om de âlde Slachtedyk net te fersterkjen. Ynstee waard in nije Slachtedyk oanlein. Dy soe begjinne by de Skiensdyk ûnder de Jouwer, dêrwei nei de Alde Wei, de Noarder Alde Wei, Goaiïngarypster Puollen, Sâltpoel en dan lâns de Snitsermar. By de krusing fan de dyk mei de Jouster Sylroede waard in skutslûs fan san meter breedte oaniein. Omdat de dyk nei de Jouster Slûs lâns de Noarder Aldewei kaam te lizzen, kaam de poel de Kromme Far binnendyks te lizzen. De Kromme Far soe yn 1953 droechlein wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: