Springe nei ynhâld

It Tolhûs (De Jouwer)

Ut Wikipedy
It Tolhûs
bouwurk
Tolhûs fan De Kolk ôf sjoen om 1925 hinne. Njonken it tolhûs links Hermastate, rjochts op de foto in beurtskip oan 't Sân.
Tolhûs fan De Kolk ôf sjoen om 1925 hinne. Njonken it tolhûs links Hermastate, rjochts op de foto in beurtskip oan 't Sân.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Appelwyk 11
bysûnderheden
boujier 16e iuw
± 1790
It Tolhûs yn 1905
De Syl foar 1920
Tolhûsbrêge

It Tolhûs op De Jouwer is in earder tolhûs by de Tolhûsbrêge oer de Jouster Sylroede. It gebou waard letter in kafee-restaurant, dêr't ek ferkeapings en gearkomsten holden waarden.[1] Oan de noardwestkant fan de Tolhûsbrêge rint de Jouster Sylroede bylâns de Slachtedyk en de Grienedyk nei de Jouster slûs.

Op it steed fan it âlde Heremastate stie yn de fyftjinde iuw in stins. De stins foarme mei in syl by it Tolhûs in strategyske lokaasje dy’t mei de groei fan Westermar de oanset joech ta de ûntwikkeling fan de flekke De Jouwer.[2] Al yn 1610 wurdt al in ferkeaping yn it Tolhûs neamd. Grytman Hobbe fan Baerdt krige yn 1646 it rjocht om tol te heffen foar skippen en bisten dy't foarby it tolhûs farden. De toljilden kamen goed fan pas omdat de bou fan de Hobbe fan Baerdt Tsjerke in slompe jild koste hie. De bou fan dy herfoarme tsjerke hie yn 1644 hie wol 24.000 gûne koste en waard foar in part betelle troch ekstra belêsting op bier te heffen.[3] Skippers moasten tol en havenjild betelje yn it Tolhûs. Yn it âlde Tolhûs wie om 1758 hinne in rjochtkeamer.[4] Yn it letter swart ferve Tolhûs sit in gevelstien mei de tekst Int Tolhuys Goet Logis'.[5]

Yn de nacht fan 9 op 10 april 1935 wie der in grutte brân yn it Tolhûs. Benammen de boppeferdjipping rûn in soad skea op. It gedielte fan de ferdjipping links fan de yngong waard brûkt as sealromte. Dat gedielte waard nei de brân net werboud.[6]

It Tolhûs wie yn 1824 eigendom fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Op 5 febrewaris fan dat jier ferhierden de tsjerkefâden fan Westermar it loazjemint foar fiif jier 'met de profijten en tollen der brugen'.[7] Letter waard it loazjemint oankocht troch A. Vegelin van Claerbergen. Yn 1953 hie A. Dijkstra tritich jier eigener west. Hy groech it oer oan H. J. Kerkhof, dy't oant dy tiid in kafee hie oan de Bûterstrjtte.[8]

De grutte kolk by it Tolhûs waard makke yn 1604. By it útdjipjen fan it Hurdspytsje en it graven fan de Kolk yn 1604 kaam sân frij. Yn de 17e iuw hie men it oer 'It Nije Sân' west fan de Skipsleat en it 'Ald Sân' oan de eastkant dêrfan. Letter, yn 1907, wie dyselde ferdieling der wer. Yn de Kolk by it Jouster Tolhûs wie it eartiids in soad drokte. Yn de kolk leine winterdeis de Hamburchfarders en in oare grutte skippen dy't hjir harren thúshaven hiene.[9] Der waard op De Jouwer in soad hannele yn bier, klokken en koper. Op de wâl wiene skipswerven.[10] Oan de súdeastkant rûn it wetter it 'Hurdspytsje' fan it Tolhûs nei de Bantsterskâns by de Fok op It Hearrenfean. De hjoeddeiske Slûsdyk rûn nei de slûs út 1718 yn de koart nei it 1960 dimpte Hurdspytsje.

De ophelbrêge oer de Kolk by it Tolhûs is yn de tweintichste iuw ferfongen troch in fêste brêge. Dat barde op fersyk fan kofjefabryk Douwe Egberts: de ophelbrêge koe de swiere frachtweinen net mear drage. De hoareka yn it Tolhûs hat letter noch om 'e nocht besocht om de ophelbrêge werom te pleatsen sadat sylboatsjes fan de Kolk op de Snitser Mar komme koene. Yn 2016 waard de Tolhûsbrêge renovearre en wat ferhege.[11]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: