Boerebrulloft (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Boerebrulloft is in jierliks feest op De Jouwer. Yn park Heremastate op De Jouwer wurdt sûnt 1954 in tradysjonele boerebrulloft neispile, lykas dat troch de hegerein om 1850 dien waard. Meastentiids wurdt de Boerebrulloft neispile, in inkele kear is de trouwerij echt. Muzyk en minsken yn kleandracht foarmje it dekôr foar it breidspear.

Breid en brêgeman ride yn in fersierde sjeas - lutsen troch Fryske hynders - fan restaurant 'De Grytman' nei it "Gritenijhûs" yn it 18e iuwske park "Herema State". Nei it ja-wurd en ûndertekenjen fan de trou-akte wurdt neffens tradysje de houlikspiip troch de breidssuster oan de breid jûn. Dy jout de piip dan wer troch oan har man. Dan stekt hja syn piip oan om sjen te litten dat se tsjinstich wêze sil. Dy troupiip nimt de brêgeman de hiele dei mei. Mocht de piip brekke, dan foarseit soks net folle goeds foar it houlik!

Om tolve oere is it brulloftsmiel. Hjirby wurde neffens tradysje prûm-en-bôle en sûkerbôle optsjinne, en wurdt boerejonges dronken. Wylst treedt ek in sjong- en dûnsgroep op.

Letter op de dei is der ringriden en hurddraverij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: