Jouster Wettertoer

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wettertoer fan De Jouwer

De Jouster Wettertoer is ûntwurpen troch arsjitekt C.J. Wierda en boud yn 1928, omdat de wettertoer fan It Hearrenfean net genôch druk op it wetterliedingnet hâlde koe.

De wettertoer hat in hichte fan 30,3 meter, in wetterreservoir fan 150 m3 en bestiet út in betonskelet mei bakstien der tusken.

De toer, yn 1956 restaurearre, is oant 1987 brûkt en waard yn 1990 omboud ta wenhûs. Op 't heden (2019) is de wettertoer bewenne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: