Avéna

Ut Wikipedy

Swim- en Poloclub Avéna is de swimferiening fan De Jouwer. De feriening hie yn 2018 hast 200 leden. Avena is de Latynse namme foar it gerseftige hjouwer, (Avena sativa)

Avéna waard oprjochte op 6 maaie 1967 en brûkt it subtropysk swimbad 'Swimfun’ as ûnderkommen.[1] De feriening hat trije ôfdielings:

  • Rekreatyf swimmen
  • Wedstrydswimmen
  • Wetterpolo

Swimmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist rekreatyf swimmen wurdt der ek swommen yn kompetysjeferbân. Avéna hat klupkampioenskippen en docht mei oan de Fryselcup. Dy wedstrydrige spesjaal foar begjinnende talinten bestiet út fiif rondes tsjin oare Fryske swimferienings.

Wetterpolo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfdieling wetterpolo fan Avéna hat sûnt 2004 in gearwurkingsferbân mei swim- en poloklup HZ&PC út It Hearrenfean. De namme SGHA stiet foar Start Gemeenschap Heerenveen Avena). De gearwurking makket it mooglik om mear wetterpoloteams te meitsjen sadat it nivo heger wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: