Springe nei ynhâld

Ruterwille

Ut Wikipedy

Lanlike rydferiening Ruterwille en ponyklup Jong útein is in ruterferiening fan De Jouwer. Ruterwille en Jong Utein ha sa'n 50 leden (2018) en brûke de akkomodaasje fan Hynstesportsintrum De Jouwer oan de Haskerfjildwei. De akkomodaasje hie yn 2018 twa binnenbakken (20 by 20 m) dy't omsetten wurde kinne nei in baan fan 20 by 60 m en 20 by 20 m.

De feriening waard oprjochte yn 1970 troch in tal ruters út Vegelinsoard. Der waard earst riden op it lân fan B. Klompmaker en nei 1972 by Beene Krikke oan de Polderboskdyk. Omdat der yn dy tiid al streekwedstriden hâlden waarden kaam der ek in kluptenu. It bestie út in swart jaske en in bêzje rydbroek. Dames en hearen droegen inselde jaske. De sealdekjes wiene knalgrien mei in giele râne en krigen de nammeopdruk ‘Ruterwille’.

Winterdeis waard riden yn de maneezje yn Himrik. De earste feestjûnen waarden holden en der kaam in ûnderlinge springwedstryd. Dêrby waard riden yn de dissiplines Springen en Dressuer. Om de klupkas te stypjen waard alle winters in koekeaksje holden. De klup ried alle kearen mei yn de optocht fan de Oranjeferiening fan Aldehaske. De jierfergaderingen waarden hâlden by kafee Dijkstra letter barde dat yn de kantine fan Stoeterij Hynstesportsintrum De Jouwer.

Neist aktiviteiten as de ferieningslessen waard alle jierren in bûtenkonkoers holden en in tal wedstriden binnendoar. Sûnt it jier 2001 organsesearret de feriening in hynstekonkoers Dressuer en Springen foar pony’s. It konkoers waard de earste jierren holden op de Nutsbaan oan de Hurddraversdyk, letter yn de Bloksleatpolder yn De Broek. Yn 2017 waard it ûnderdiel 'mennen dressuer' tafoege oan it programma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: