De Kanoniers

Ut Wikipedy

De Kanoniers is de kanoferiening fan De Jouwer.

De feriening waard oprjochte op 17 maaie 1986. De klup mei sa’n 70 leden (2018) hat har ûnderkommen yn de jachthaven fan De Jouwer. Neist de fêste farjûn wurde fanôf de eigen kanosteiger ek tochten organisearre. De tochten binne meast om de Jouwer hinne. Troch de eigen kanotrailer kin ek fearn wurde op de Amsterdamske grêften, De Weerribben en it Prinsehof.

Yn gearwurking mei skoallen wurde kanolessen jûn. Yn de winter is der in swimbadkursus yn swimbad ’Swimfun’.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: