De Griene Mole

Ut Wikipedy
De Griene Mole

De Griene Mole op De Jouwer waard om 1800 hinne boud. It moletype is in spinnekopmole op stelling, de ienige yn Fryslân. De funksje is poldermole. Eigener is de gemeente De Fryske Marren. It is in ryksmonumint.

De mole is net mealree op wynkrêft, mar in diselmotor út 1937 kin it wurk noch goed oan.

De kape fan de mole is grien, mar yn 2007 is der in blau seil oerhinne hong, trochdat stoarmskea de kape beskeadige hie. Der wurdt wurke oan in restauraasjeplan.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]