Nijjiersrevu fan De Jouwer
De Nijjiersrevu fan De Jouwer is in revu dy't alle jierren yn jannewaris troch in ploech Jousters op de planken brocht wurdt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste revu waard yn 1987 organisearre troch de Fryske Krite De Jouwer. Dy Krite wie doe al ien fan de grutste amateurtoanielferienings yn Fryslân. Der binne net folle nijjiersrevu's mear. Yn 2014 wie dy fan De Jouwer de iennige Nijjiersrevu fan Fryslân, mar dat kaam trochdat de ploech fan de Nijjiersrevu fan Koatstertille dat jier net optrede koe fanwegen de ferbou fan harren akkommodaasje, it MFS It Tillehûs.[1][2]
Ta de minsken fan it earste oere hearden Aukje Steeman en Lammie Toering. Aukje wie neist spylster, de earste 16 revu’s (oant 2002) muzikaal lieder. Dêrnei is sij stoppe. Doe’t yn 2013 de nije stichting oprjochte waard, is Aukje Steeman 5 jier regisseur west. Lammie Toering hat oant en mei 2003 as spylster meidien. De earste revu yn 1987 wie eins in bûnte jûn, letter waard it alle jierren profesjoneler. Doe’t der mear en mear talint fan soms fier bûten de Jouwer kaam, waarden de kosten heger en rûn de bining mei it publyk werom. Troch de hege kosten moast de Fryske Krite him yn 2013 weromlûke. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer waard oprjochte yn 2013 en koe yn 2014 har earste revu foar it fuotljocht bringe. Sûnt dy tiid waard it wer in revu foar en troch Jousters, mei allinnich Jousters yn de haadrol.
De revuploech bestiet út spilers mei ûnderfining en foar in part nije jonge spilers. Yn de revu wurdt mei sankjes en sketskes weromsjoen op it foarôfgeande jier. Elke Nijjiersrevu hat in tema. Der wurdt besocht om markante doarpsbewenners of situaasjes yn de sketskes te ferwurkjen. Ek it nijs út en om De Jouwer is ynspiraasje foar in nije akt.[3] De revu waard yn it begjin trije foarstellingen, letter waard oergien op fjouwer foarstellingen, dy't opfierd wurde yn de earste twa wiken fan it nije jier. De foarstellings binne yn party- en sealesintrum ’t Haske, nei ôfrin is der dûnsjen.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Troch de revu ûntstie om 2002 hinne de band Keatling.[4]
List mei Tema's fan de revu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Titel | Regy | Muzikaal lieder | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
2024 | (Op ’e) Hichte | Anneke van den Akker | Marcin Rachula | |
2022 | Keallepoten, Sturtklokken en oare kofje | Anneke v/d Akker | Leon Smits | Utfieringen yn oktober |
2020 | Grut, grutter, grutsk | Anneke v/d Akker | Leon Smits | |
2019 | Hulten en Bulten | Anneke v/d Akker | Leon Smits | |
2018 | Wy dogge noch in rûntsje | Aukje Steeman | Leon Smits | |
2017 | Fjoer en Flam | Aukje Steeman | Leon Smits | |
2016 | Út en Thús | Aukje Steeman | Leon Smits | |
2015 | In Wiete Boel | Aukje Steeman | Leon Smits | |
2014 | Frjemde Fûgels | Aukje Steeman | Leon Smits | Fan 2014 ôf organisearre troch de 'Stichting Nijjiersrevu de Jouwer' |
2013 | Krisis | Rieneke de Haan | Atsje Lettinga | |
2012 | Hichtepunt | Rieneke de Haan | Atsje Lettinga | |
2011 | 80.000 Kopkes kofje | Herman Emmelkamp | Durk Brouwer | |
2010 | De Beam | Herman Emmelkamp | Durk Brouwer | |
2009 | Kommunikaajse | Piet Zeilstra | Leon Smits | |
2008 | Heechste tiid (hoareka) | Piet Zeilstra | Leon Smits | |
2007 | Op 'e strjitte | Piet Zeilstra | Wim Boersma | |
2006 | Tweintich ! | Herman Emmelkamp | Leon Smits | |
2005 | Lêst | Herman Emmelkamp | Leon Smits | |
2004 | Famylje | Afke Toren | Leon Smits | Fanôf dit jier is der (nei lange tiid) wer in live band foar de muzikale begelieding. |
2003 | Targets | Rieneke de Haan | ||
2002 | It Doarp | Rieneke de Haan | Aukje Steeman | |
2001 | Nacht | Rieneke de Haan | Aukje Steeman | |
2000 | In reis troch de ieu | Rieneke de Haan | Aukje Steeman | |
1999 | Media | Foppe Kielstra/ Rieneke de Haan/ Lammy Toering | Aukje Steeman | |
1998 | Jild, jild en nochris jild | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1997 | Gek | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1996 | 10 Jier (feest) | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1995 | Toeristen | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1994 | Wolwêzen | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1993 | Plysje | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | |
1992 | Toeristen | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | Mei muzyk fan Yska de Leeuw en ballet fan de Skarsterlândûnsers ûnder lieding fan Mirim Velthuis. Skriuwers en oersetters, Lammy Toering, Aukje Steeman, Johan Veenstra, Anne van der Mark en Foppe Kielstra. Underwerpen wiene ûnder oare it ôfketsen fan it hoteleilân yn de Tsjûkemar, de mooglike komst fan in MacDrive en it stoart yn De Dolten. |
1991 | Foppe Kielstra | Aukje Steeman | ||
1990 | De Tiid | Siebren Sigtema | Aukje Steeman | De trettjin spilers brochten tema's as 'Hoe komt it mei it ôffal?' en 'komt der al of net in museum foar moderne keunst?'.[5] |
1989 | Iepenbier ferfier | Fedde Bergsma | Aukje Steeman | |
1988 | Fedde Bergsma | Aukje Steeman | Skriuwers en oersetters Japke Kornelis, Aukje Steeman, Lammy Toering, Fedde Bergsma. De muzyk wie fan Arend Piersma. Neist de bigband fan Frits Hazeberg wie der ek in optreden fan gymnastykferiening SHELL fan Aldehaske. Tema’s yn de tweintich nûmers tellende programma wiene ûnder oaren: wetteroerlêst en omrop Oskar.[6] | |
1987 | De wyn yn ‘e seilen | Fedde Bergsma | Aukje Steeman | Fan dit jier ôf organisearre troch Toanielferiening Fryske Krite De Jouwer |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|