Fryske Krite De Jouwer
De Fryske Krite De Jouwer is in Fryske toanielferiening fan De Jouwer. It doel fan de Krite is it behâlden fan de Fryske taal en skiednis en alle kulturele aspekten dy’t dêrmei ferbân hâlde.
Fryske Krite De Jouwer is mei 750 leden ien fan de grutste amateurtoanielselskippen fan Fryslân. De feriening is oprjochte yn 1938. Troch omstannichheden en de oarloch lykwols waarden yn it winterskoft 1945 -1946 úteinlik de earste kritejûnen holden yn de seal fan Romke de Boer oan de Bûterstege. Douwe Tamminga hold in lêzing oer Piter Jelles Troelstra en hat foarlêzen út eigen wurk. Dhr. Schippers hold dat jier yn deselde seal in sjongjûn, wylst Ds. Postma in oare jûn Simke Kloosterman har ‘Hoara’s fan Hastings’ behannele. Twa jûnen kaam de Krite op de planken mei Bonne Hylkema syn ‘Wylde hierren’. Tetman de Vries spile fjouwer jûnen en ien middei syn revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Alle jierren wurde twa produksjes op ‘e planken brocht, folslein yn ‘t Frysk en spile troch akteurs en aktrises út eigen regio. De toanielstikken wurde opfierd yn novimber en maart en binne ûnderskaat.[1]
De earste opfierings fûnen plak yn de seal fan Romke de Boer yn de Boterstraat. Dêrnei is de Krite ferhuze nei Hotel Reekers fan Rob Terwisga. Sûnt 1983 is binne de teäterfoarstellings yn Sealesintrum ’t Haske. Neist leden komme ek in soad net-leden nei de foarstellings. De Krite fierde yn 2014 syn 75-jierrich bestean.
It ferieningsblêd hjit Krite Krante.
Nijjiersrevu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1986 oant en mei 2013 produsearre de Krite 27 kear de Nijjiersrevu fan De Jouwer. Nei 27 edysjes moast der ôfskied nommen wurde. De kosten wiene foar de feriening te heech. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer hat it stokje fan de Fryske Krite oernaam.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sieger Bijsterveld, Harmen Houtman, Popke Popma - 19e Nijjiersrevu "Fryske Krite De Jouwer" (2004)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|