Gieljitterij Keverling
Gieljitterij Keverling wie in koperjitterij op De Jouwer. De gieljitterij waard ein 18e iuw fêstige en bestie oant 1980. It fabrykskompleks is in ryksmonumint en is sûnt 1985 in ûnderkommen foar Museum De Jouwer. Yn dit diel fan it museum wurdt in byld jûn fan it destiidske koperjitten.
Gieljitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in kasboek fan it Gilde fan Koperbewurkers, dat yn Amsterdam bewarre wurdt, stiet dat op 15 oktober 1689 Jacobus Kevelingh van Jouwer de meesterproef van bekwaamheid in het Kopervak heeft afgelegd te Amsterdam'.
De gieljitterij fan Keverling raande it erts, dat ûnder oaren út Sily en Afrika kaam, om yn saneamde 'broadsjes'. Dy broadjes koene ferskillende gearstallingen hawwe. Neist suver koper wienen der ek mingsels mei ferskillende oare metalen. Fan himsels hat koper in reade kleur, mar troch der sink oan ta te foegjen ûntstiet in giele legearing. Dy legearing waard destiids gielkoper neamd, letter stie it bekend as messing. Messing is folle geskikter om te jitten as suver koper.
Fan heit op soan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De jitterij hat sûnt 1769 altyd yn hannen west fan de famylje Keverling. Yn 1854 fêstige Petrus Sijbrandus Keverling syn bedriuw op it hjoeddeiske adres Gieljittersstrjitte 11. It gebou wie oant dy tiid it ûnderkommen fan de learloaierij fan syb heit Brant-Petrus Keverling (1860-1937). De jitterij stie oan it wetter Hurdspytsje, de farferbining fan De Jouwer nei It Hearrenfean. De jitterij wie neist wurkplak ek pakhûs, kantoar en bewarplak fan de kolleksje. Begjin tweintichste iuw wie yn de Jouster klokmakkerijen in soad ferlet fan gielkoper. Yn 1911 wreide it fabryk út mei it gebou op Gieljittersstrjitte 6. Dat stie oan de oare kant fan de opwyk fan it Harspytsje. Op dit twadde gebou steane de jiertallen 1854 en 1911, as ferwizing nei de oankeap fan de âlde en de nije gieljitterij. Yn 1954 wie der noch in flinke útwreiding mei Gieljittersstrjitte 8. Dit eardere tehûs foar dakleazen It Sael waard doe oanpast ta jitterij en joech romte foar de modellemakerij en de opslach fan jitterijmaterialen.
In soad bedriuwen op De jouwer hiene ferlet fan koperen foarwerpen. Neist klokmakkers ek sealmakkers, skipsbouwers en boeren. It bedriuw levere ek oan bedriuwen bûten De Jouwer. Ien fan de ôfnimmers wie it Paleis op de Daam yn Amsterdam. Om 1900 wurken sa'n 40 manlju by Keverling.
Twa iuwen letter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tweintichste iuw krige Keverling te meitsjen mei slimme konkurrinsje út Dútslân, Portegal en Itaalje. Boppedat ûntstie ferlet fan goed personiel wylst de fraach nei koperen artikels weromrûn. Yn 1980 stoppe de produksje en stoppe it bedriuw twa iuwen neidat de famylje mei it gieljitten begûn wie. Op de Jouwer bleau noch ien metaaljitterij oer. Yn 1983 waard de gieljitterij sluten en kaam it gebou yn hannen fan de gemeente. Yn 1984-1985 waarden de bedriuwsgebouwen restaurearre. De skoarstien fan it eardere metaalfabryk Keverling waard doe ôfbrutsen. It fûnemint fan de toer leit der noch. In 1996 binne by de restauraasje fan it gebou de earder weihelle houten tekstboerden boppe de sydfleugels weromsetten.[1]
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|