Springe nei ynhâld

It Sael

Ut Wikipedy
It Sael

It Sael is in ryksmonumint oan de Gieljittersstrjitte op De Jouwer. It Seal is ûnderdiel fan Museum De Jouwer.

De boerepleats op dit steed wie al yn de njoggentjinde iuw ôfbaarnd. Fan de skuorre waard in seal foar dakleazen yn de gemeente Haskerlân makke. Yn 1954 is it pân ôfbrutsen en waard in nije gieljitterij fan Gieljitterij Keverling boud op de fûneminten fan it dakleazegebou.[1] Yn dit fabrykje stiene in smeltûne, in jitterij, modellemakkerij en rimmen mei in soad jitmallen. It ôfwurkjen barde yn it metaalguodfabryk.

Yn 1980 waard it gebou oankocht troch de gemeente dy't it fan 1991 ôf brûkte as museumwurkplak en opslachromte. Yn 2010 waard it gebou hielendal oanpast yn opdracht fan de gemeente Skarsterlân. Sûnt 2010 is it in eksposysjeromte foar Fryske klokken fan Museum De Jouwer mei in ambachtlik wurkplak.

It sobere gebou is oplutsen út reade en giele stien. Op it sealdak mei hollânske dakpannen stiet in skoarstien. Fierders is der in rjochtsluten fyftjinrúts ramen en dûbele bedriuwsdoarren. Yn de gevel sit in stientsje mei as opskrift P.S.K.G.Z. 1954. De letters binne inisjalen fan Petrus Sybrandus Keverling Gerards zoon, de soan fan eigener Gerard Keverling, dy't de earste stien lei yn 1954.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: