De Kolk (De Jouwer)
De Kolk is in wetter yn De Jouwer. It wie eartiids de ferbining tusken it Hurdspytsje oan de súdkant en de It Syl en de Jouster Sylroede oan de noardeastkant. Oan de noardwestkant fan De Kolk stiet by de brêge It Tolhûs út 1825. Oer De Kolk leit de Bûterstrjittebrêge dy’t de Bûterstrjitte ferbynt mei ‘t Sân.
De Kolk waard yn 1614 oan de ein fan it wetter Hurdspytsje útgroeven as binnenhaven.[1] By it útdjipjen en ferbreedzjen fan it Hurdspytsje en it graven fan de Kolk kaam sân frij. De strjitte oan de noardkant hjit dan ek ’t Sân. Yn de 17e iuw hie men it oer 'It Nije Sân' west fan de Skipsleat en it 'Ald Sân' oan de eastkant dêrfan. Letter, yn 1907, wie dyselde ferdieling der wer.
Yn de Kolk wie it eartiids in soad drokte. Winterdeis leine dêr de kofskippen dy’t op Hamburch farden en in oare grutte skippen dy't hjir harren thúshaven hiene.[2] Hamburchfarders sochten al yn de midsiuwen in lisplak dat in ein fan de kust ôf lei en sa relatyf feilich wie foar de Noarmannen. It Hurdspytsje oan de súdeastkant fan de Kolk rûn lâns Westermar nei de Bantsterskâns by de Fok op It Hearrenfean.[3] De hjoeddeiske Slûsdyk rûn nei de slûs út 1718 yn it koart nei it 1960 dimpte Hurdspytsje. Der waard op De Jouwer in soad hannele yn bier, klokken en koper. Op de wâl gan de Kolk wiene dan ek ferskate skiphellings.[4] Der wiene skipswerven en in libbene hannel yn bier, klokken en koper. Grytman Hobbe fan Baerdt krige yn 1646 it rjocht om tol te heffen foar skippen en bisten dy't foarby it tolhûs farden. By it Tolhûs moasten skippers it havenjild betelje.
Yn 2016 binne is de Tolhûsbrêge fernijd en waard fan de Kolk in sloepehaven makke.[5] De tsjustere ûndertrochgong fan de (fêste) Tolhúsbrêge waard ferfongen troch in smellere brêge mei in koartere en hegere trochfeart. Underoan de brêge kamen terrassen oan it wetter om de tagong nei de Kolk wat sfearfoller te meitsjen. De ferbettere oanlisplakken wiene bedoeld om de toeristen nei de Midstrjitte te lûken.[6] Foar de winter wurdt it Jouster skûtsje oer de brêge fan de Jouster Sylroede nei de Kolk takele.[7]
-
1902
-
De Kolk yn 1905
-
De Kolk yn 1915
-
Yn de winter fan 1915
-
foar 1930
-
1929
-
it brechje nei de Bûterstrjitte yn 1933
-
't Sân
-
't Sân
-
't Sân yn fûgelflecht
-
Bûksleat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |