Iisklup 'Vlecke Joure'
Iisklup 'Vlecke Joure' is in feriening mei in iisbaan oan de Uilke Boanstraleane op De Jouwer.
Vegelinbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klup waard oprjochte op 28 novimber 1858. Ien fan de oprjochters wie Valerius Vegelin van Claerbergen, in broer fan Arent Johan Vegelin van Claerbergen dy't fan 1892-1906 boargemaster fan Haskerlân wie. Nei him waard de baan neamd dy't yn 1898 op syn grûn oanlein waard yn de Súdwestpolder, oan de súdwestkant fan Meubelfabryk De Vrij, efter de roomske tsjerke. Dy Vegelinsbaan wie in rjochthoekige flakte fan 246 meter langte, de ryd- of sportbaan wie 160 m. mei op elk ein in útrinstik fan 20 meter, de bybaan wie 46 meter. Dêr waarden al wedstriden holden, sa waard op 23 desimber 1890 riden om it 'Meesterschap van Nederland'.
Yn in op 24 novimber 1898 holden bysûndere ledegearkomst ta betinking fan it 40-jierrich bestean fan de iisklup waard in 'Reglement voor het gebruik van den Kunstbaan' fêststeld en waard besletten om de 'kunstbaan' de Vegelinsbaan te neamen.
Nutsbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 jannewaris 1929 op It Nutssportterrein oan de Hurddraversdyk de nije iisbaan yn gebrûk nomd. It jier dêrfoar, op 1 oktober 1928 wie dêr al in hurddraversbaan yn gebrûk nomd troch de hurddraverij- en renferiening 'Joure en Omstreken'. De Nutsbaan ferfong de âlde Vegelinsbaan. De iisbaan waard offisjeel iepene troch Joachim Carel Vegelin van Claerbergen, dy't dêrby bystien waard troch syn suske Charlotte Hélène Henrike. Neist de famylje Vegelin van Claerbergen wiene bestjoersleden fan it Nutsdepartemint en fan de iisklups "Vlecke Joure" en "De Jeugd" oanwêzich. Oan "De Jeugd" wie it tabetroud de earste wedstryd op de nije baan te organisearjen. Der diene dy dei 76 pearen mei oan de jeugdriderij. Jûns waard der ek in soad gebrûk makke fan de ferljochte baan. Op 29 jannewaris 1929 waard it nasjonaal kampioenskip koartebaanriden op de Jouster baan ferriden. Winner waard Joue de Jong fan Sniksweach, krekt foar Jaap Slof fan De Jouwer. By de froulje wûn dy dei Geeske Woudstra fan Dunegea, mei in twadde plak foar Jitsche de Boer fan Boarnburgum.
-
Vegelinbaan
-
Vegelinbaan
-
Vegelinbaan
-
Vegelinbaan
-
Sûkelarjetintsje by it ringriden yn 1908
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |