Springe nei ynhâld

Skilbus

Ut Wikipedy
Bus en skilbus neist elkoar yn Assen
Skilbus te Sint-Gillis-ûnder-Dendermonde

De skilbus (Nederlânsk: belbus) is een foarm fan iepenbier ferfier op oanfraach. Dizze bustsjinst riidt allinne at der reservearre is. Meast bard dat telefonysk, dêrom de namme de namme skil-bus.

Skilbussen binne der kaam om tinbefolke gebieten te betsjinjen, dêr't in regelmjittige bustsjinst net mear rendabel is troch te min passazjiersoanbod.

In skylbus hat wol in tal fêste haltes, mar riidt net neffens in fêste rûte of in fêste tsjinstregeling. De bus stoppet inkeld op plakken dy't foarôf oanfrege binne by de ferfiersmaatskippij. Teffens moat de passazjier sizze op hokker tiden dat er op- en ôfstappe wol. De maatskippij jout dan it tiidstip fan fertrek troch.

In rit mei de skilbus kostet likefolle as in rit op in gewoane busline.

Skilbussen binne yn de regel lytser as gewoane autobussen ("minibussen", mei in kapasiteit fan sa'n 10-15 passazjiers). Oer it generaal binne skilbussen ek gaadlik foar selsstannich reizgjende rolstoelbrûkers.

Ferfier mei de skilbus kin útfierd wurde troch in iepenbierferfierder of troch in ûnderoannimmer, sa as in pleatslik taksybedriuw.