Springe nei ynhâld

Eeltsje Holtrop van der Zee

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eeltsjebaes)

Eeltsje Holtrop Sytses van der Zee (Drylts 1824 - De Jouwer 12 jannewaris 1901) wie in Fryske skipsbouwer.

Eeltsje Holtrop van der Zee (±1880)

Eeltsje "Eeltsjebaes" wie de soan fan Sytze Tjeerds van der Zee en Klaaske Eeltsjes Holtrop en de pakesizzer fan Eeltje Taedzes Holtrop. Hy kaam út in laach fan skipsbouwers yn Drylts. Syn pake waard beskôge as de earste grutte Fryske boeierbouwer. Yn it earstoan wurke Eeltsje as learling op de skipswerf fan syn pake, mar nei dy syn ferstjerren waard er eigen baas. Eeltsjesbaes naam yn 1848 de werf fan syn pake oer en ûntwikkele him letter ta in tige ferneamde en legindaryske skipsbouwer. Hy boude syn houten skippen sûnder passer, liniaal of begrutting, mar wurke ûnder de liifspreuk myn each is myn rij.

Yn 1849 boaske Holtrop van der Zee yn Drylts mei Wytske Aukes Rinkema, dochter fan Auke Rinkes Rinkema en Antje Willems van Dijk.[1]

Yn 1857 ferhuze er nei De Jouwer, dêr't er in besteande skipswerf oernaam.

Hy lei him ta op de bou fan beropsskippen foar de binnenfeart, snikken en skûtsjes. En hy begûn mei de bou fan 'lúkse' boaten- Fryske jachten, boeiers en tsjotters. Boaten dêr't er syn fakmansskip mei toane koe. Yn de perioade 1848 en 1894 wurde troch him mar leafst 800 fartugen as preammen, snikken, skûtsjes, fiskersaken, sloepen en wyldsjitters boud. It Fryske Steatejacht "Friso" en de Boeier "Albatros" komme fan syn werf.

Yn 1893 waard de werf oernomd troch syn soan Auke Holtrop van der Zee, mar Eeltsje hâlde it tafersjoch. Nei it ferstjerren fan Eeltsjebaes yn 1901 begûn Auke ek mei it bouwen fan izeren skippen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.J. Boes - 'Scheepsbouwer Eeltje Holtrop van der Zee' yn: 'DBW' jrg. 56 nr. 9 (2001)