Springe nei ynhâld

Snikke

Ut Wikipedy
In snikke, út: G. Groenewegen, 'Verzameling van vierentachtig stuks Hollandsche schepen', Rotterdam 1789.
Fryske snik, kolleksje Suderseemuseum
Houten Grinzer snik foar persoaneferfier, Grins 1877. Let op de mêstkokers.

In snik of snikke wie in sylskip mei ien mêst foar de binnenfeart. It wie in populêr skipstype foar de beurtfeart. Njonken dat wie it ek in fiskersskip mei twa mêsten, in type dat fral op de Waadsee brûkt waard. Wierum, Peazens-Moddergat, it Amelân en Skiermûntseach hiene snikken foar de fiskerij.
Dy skippen waarden yn nauwe fearten, at der gjin wyn wie, faak lutsen, sadat 'snik' faak ûnterjocht as synonym foar trekskip brûkt wurdt. Allinnich yn de provinsje Grinslân wie it brûken fan snikken yn de trekfeart algemien.

Oars as de Grinzer snikke wiene de Fryske wol sylskippen. Sy hiene in grutseil en in lytse gaffel. De Fryske snik wie betreklik lang neffens syn breedte en de efterkant hie follere, tsjalkeftige foarmen. Ek hie de Fryske ferzje yn lytsere roef ôf in lytse kajút op it efterskip. Fierders wie der noch de lytse snik, mei foar en efter rjocht fallende stjûnen.

Fryske snikken wiene fral beurtskippen. Sy woegen sa'n 15 oant 30 ton en wiene sa'n 15 meter lang. Fryske snikken waarden sawol fan hout as (letter) fan stiel makke. Guon stielen Fryske snikken waarden letter omboud ta jachten. In houten Fryske snikke wurdt bewarre yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen.

Grinzer sniklietsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Grinzersk bestiet in lietsje, dat algemien bekend wie. At de snik hast by it pleisterplak oankaam wie, blies de skipsjager op syn hoarn, sadat de passazjiers op 'e tiid farske kofje krije koene, en men begûn te sjongen:

Moeke, moak de kovvie kloar,
snikke komt van Stad.
Wie hebt zo'n laange raize doan
en nog gain kovvie had.
oersetting:
Mem, set de kofje mar fast klear,
de snikke komt út de stêd.
Wy hawwe in lange reis folbrocht
en noch gjin kofje hân.

Noard-Dútske snik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze snik wie mear as 10 m lang, nochal swier boud (sa’n 40 ton), hie in folle kop, mei in steile, súntsjes bûgde stjûne, in trochrinnend dek en in ‘’bun’’ om de fongen fisk yn te bewarjen. Oan de foarste mêst hie hja in fok en klúffok en oan de eftermêst in trijehoekich seil mei beam. Ofbyldings litte in tsjalkeftich skip sjen. It brûkme fan de snikke is dokumintearre foar Wierum (1658), Ternaard (1687), en Holwert (1692). Yn de 18e iuw wreide it brûkme fan de Snikke him út ta Sâltkamp, It Amelân, Norderney, Bremerhaven enHelgolân. Lykwols warden de snikken yn de 19e iuw faak ferfongen troch de hurder silende botters en sloepen (of schaluppen). Yn Sleeswyk-Holstein bleaune snikken noch in skoft yn brûkme by de frachtfeart, foaral de Helgoländer Schnigge (of Eiderschnigge), ek wol Kuff neamd. At der gjin wyn wie waard dit type lutsen troch saneamde Malihynders,

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]