Springe nei ynhâld

Jugendstil

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Art Nouveau)
Aubrey Beardsley
Moët & Chandon White Star fan Alfons Mucha

Jugendstil ('Jeugdstyl') of Art Nouveau ('Nije Keunst') is de oantsjutting fan in ynternasjonale keunststreaming dy't tusken sa'n 1880 en 1914, mei in hichtepunt tusken 1890 en 1905, yn grutte parten fan Europa (fan Moskou oant Madrid) populêr wie, fral as reaksje op it de foarmferdizening fan it ympresjonisme. De jugendstil oppenearre him foaral yn gebrûksfoarwurpen (glêskeunst, plateel, sieraden, meubels ensf.), de arsjitektuer en de skilderkeunst, mar ek bygelyks yn de typografy. De bloeitiid fan de streaming wie koart mar fûleindich. Yn West-Europa wie de styl yn 1910 al ferline tiid, yn it easten koe se wat langer oerlibje.

Rûchwei kinne twa rjochtingen ûnderskieden wurde: de iene wurdt skaaimerke troch in asymmetryske, weagjende line (Frankryk, Belgje); de oare rjochting hie in mear strakkere styl (Eastenryk, Nederlân: H.P. Berlage). De skilders út de Jugendstyltiid wurde wol oantsjut as symbolisten (Nederlân: Jan Toorop). Har wurk wurk fûn ek neifolging yn boekyllustraasjes en boekbannen.

Hoewol't Art Nouveau út de tiid rekke mei de komst fan allerhanne modernistyske stilen, wurdt it tsjintwurdich sjoen as in wichtige brêge tusken it histoarisearjende Neoklassisisme en it modernisme. Fierders jout de UNESCO Art Nouveau-monuminten geregeldwei in plak op har Wrâlderfgoedlist as erkenning fan har wichtige bydrage oan it kultuereel erfgoed.

De oantsjutting jugendstil giet werom op de namme fan it wykblêd Die Jugend dat fan jannewaris 1896 ôf yn München ferskynde. Besibbe streamings op oare plakken yn Jeropa hawwe ek oare nammen, dêr't ien fan, art nouveau, lykas jugendstil in oerkoepeljende term wurden is. Art nouveau wurdt yn it generaal it meast brûkt foar de styl yn Belgje en Frankryk, jugendstil wurdt meast ferbûn mei Eastenryk en Dútslân. Neist dizze termen wurdt yn Nederlân de oersetting nieuwe kunst wol tapast op úteringsfoarmen fan de styl yn Nederlân sels. Dêrneist wurdt wol gekjeiend sprutsen fan slaoalje-, spaghetti- of fermisellistyl. Beneamingen foar oare pleatslike farianten binne Wiener Secession yn Eastenryk, it Ingelske modern style of Liberty style, it Katalaanske modernisme en de Russyske stil modern.

Nettsjinsteande regionale ferskillen binne der inkelde kenmerken dy't hja mienskiplik hawwe: in optimistysk wrâldbyld en leauwe yn de takomst, in foarleafde foar it brûken fan nije, moderne techniken, tsjinsin fan symmetry en in foarkar foar ornamintyk, mei oerhearskjende blomme- en fûgelmotiven.

Algemiene skaaimerken fan jugendstil

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

it jugendstilornamint is gearstald út motiven dy't gewoanwei asymmetrische komposysjes foarmje mei in twadimensjonaal karakter, sa't men dy sjen kin op meubels, sieraden, lampen, bedrukte stoffen ensaf. De wichtichste ynspiraasjeboarne is de natoer. De motiven binne faak sierlik stileare planten en blommen mei lange stâlen (leeljes, kelken, irissen, papavers, roazeknop), fûgels (swannen, pauwen), libellen, de aaifoarm, wolke- wetter- en rotspartijen, faak kombinearre mei slanke frouljusfigueren. Dizze ôfbylden waarden foaral op tegeltablo's tapast. Fral gebouwen dy't wat kostje mochten, sa as warehuzen, winkelpânen, apteken, fersekeringskantoaren, filla's en hotels waarden yn jugendstilstyl boud.

De weachjende linen wiene in middel om emoasjes stal te jaan. Dizze foarmen wurde fûn by de boekdrukkeunst en by dekorative foarmen fan bygelyks trepsleuningen, balkons en gevels. Izer wie nammentlik gaadlik materiaal om ferwurke te wurden yn sierlike bûgde foarmen. Dat de styl yn sa'n protte keunstfoarmen tapast waard, kaam omdat it wenstich wie dat in arsjitekt ek meubels, sulver, glêswurk, wandfersieringen en affysjes ûntwurp (gesamtkunstwerk). De jugendstilkenmerken kamen it meast ta utering yn de grafyske keunst, dêr't de line it wichtichste elemint is. De yllustraasjes en de letters waarden yn it gehiel ûntwurpen. Sa ûntstie in kombinaasje fan byld en tekst.

Jugendstilprodukten hawwe ek faak Japanske kenmerken sa as lege rûmten en de waaierfoarm. Dat keunstners mei de Japanske keunst yn 'e kunde kamen, dy't nei 1854 op de Jeropeeske- en Amerikaanske merk ferskynde, kaam ûnder oaren troch de gesachhawwende keunsthanneler Siegfried Bing. Bing spesjalisearre him yn dizze keunst en hie dêr in protte fan yn syn Paryske galery L’Art Nouveau, dêr't de streaming har Frânske namme fan oernaam.

De letters waarden yn de jugendstilperioade sa min mooglik assosjearre mei de boekdrukkeunst en de meganyske produksje. Ien tekst koe mear as ien letterhichte hawwe trochdat inkele of mear letters fergrutte of ferlytse waarden.

Wizigings yn de sosjale en ekonomyske omstannichheden en de tapassing fan nije materialen sa as beton, brochten de ein fan de Jugendstil nei de Earste Wrâldkriich. Dochs belibbe de jugendstil mids jierren sechtich in nije bloei, meast yn ûntwerpen foar affysjes en tekstyl. De letterfoarmen, fral de inisjalen út de jugendstil- of art nouveauperioade, ynspirearje kalligrafen noch hieltyd.

Wichtige Jugendstil arsjitekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Art Nouveaupoarte fan Alfred Wagon, 1905

Jugendstil yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sinderen, Wim van - Art nouveau in Friesland.Utjouwerij Stichting Het Leven, 1981.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]