Utrecht (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Utrecht, Twibaksmerk 48, Ljouwert

De Utrecht is in gebou en ryksmonumint yn Art Nouveau- styl oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, dat oant 1933 in bykantoar fan de libbensfersekeringsmaatskippij 'De Utrecht' út Utert wie.

It lytse gebou waard yn 1903/1904 set, nei in ûntwerp fan de arsjitekten A. J. Kropholler en J. F. Staal. De foargevel is ryk fersierd, mar foaral ek binnendoar is suver elts flak benutte om fersierings oan te bringen. De kantoarrûmte krige glês-yn-leadruten, op de muorren tegeltablo's, dy't de wapens fan de stêd fan in bykantoar ferbyldzje: Amsterdam, Rotterdam, Tilburch, Kopenhagen, Brussel en Risel (Frankryk). Alles foarmjûn yn Art Nouveau-styl.

Op it dak is in tal mei de rêgen tsjin elkoar steande pelikanen te sjen. In fliermozayk lit ek pelikanen, mei jongen, sjen. Neffens de myte fiedet in pelikaan har jongen in nuodlike omstannichheden mei har eigen bloed. In metafoar dêr't De Utrecht har graach mei identifisearre.

Pax intrantibus ('Frede foar dejinge dy't hjir yn komt') is boppe de doar te lêzen; boppe de skou stiet: STEEK T VUUR IN DEZE SCHOUW/TOT SCHILD U VOOR DE KOU/ZORG DAT VOOR S NOODLOTS ROEDE/'T VERZEEKRINGSSCHILD U HOEDDE, en boppe de brievebus: DEEZ SLEUF LEIDT NAAR DEN BRIEVENBUS/WERPT HIER IN UWE BRIEVEN DUS. It boppeljocht fan in oare doar hat de tekst: Uit de pop der verzekeringen ontwikkelt zich eenmaal zeker de gouden vlinder van het kapitaal.

It pân húsmanne nei 1933 ûnder mear in apteek yn en letter jierrenlang glês-yn-lead restauraasjebedriuw. Anno 2013 hat eigner Dolf Dijkstra de Utrecht ferhierd oan keunstner Jan-Dirk van Ravesteijn dy't der in teäterke fan makke[1]. De vier Pelikanen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd, 30 novimber 2013, s. 39.