Springe nei ynhâld

KMail

Ut Wikipedy
KMail


Untwikkelder It KMail-tiim
Meast resinte ferzje 1.13.0
Platfoarm Multyplatfoarm (Linux, BSD, Solaris, Windows, Mac OS X)
Kategory E-postkliïnt
Lisinsje GNU General Public License
Webstee kontact.kde.org/kmail

KMail is foar KDE de e-postkliïnt. De oarspronklike ferzje kaam út yn 2014.

Hy hat stipe foar mappen, filters, HTML, en in ynternasjonale karakterset. Boppedat kin er omgean mei IMAP, dIMAP[1], POP3 en lokale postfakken foar ynkommend e-berjochten. Ek kin er mei help fan SMTP of sendmail e-berjochten ferstjoere.

Unpost en filter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate manieren om e-berjochten te filterjen yn KMail en dêrby kin ek gearwurke wurde mei ûnpost-filterprogramma's lykas hjirûnder omskreaun binne:

  • In programma neist KMail, dat de ynhâld fan de e-berjochten krijt om se te hifkjen op ûnpost.
  • Troch in programma helje, sadat der net allinne hifke wurdt mar ek de koppen fan it berjocht oan te passen binne, sadat dy better te hifkjen binne.

De filters kinne kombinearre wurde mei tekstfilters, dy't bygelyks sjogge nei de spesjale koppen en sa de post fan de ûnpost skiede kinne.

KMail stiet ta dat der rjochtstreeks op de posttsjinner filtere wurdt. Soks is nijsgjirrich foar de minsken mei in ynbelabonnemint. In e-berjocht dat grutter is as in grinswearde (standert 50kib) wurdt net automatysk kopiearre nei de kompjûter. Mei de opsje "helje, beslis letter, wiskje", makket KMail der in list fan, mar lit it berjocht op de tsjinner. Dat jout de mooglikheid om ûnpost en te grutte berjochten te wiskjen sûnder tiid te ferbargjen.

Kryptografyske stipe

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

KMail stipet de OpenPGP-standert en kin automatysk fersiferje, ûntsiferje en ûndertekenje. En boppedat kin er de hantekenings fan e-berjochten en taheakken ferifiearje, troch in ynboude OpenPGP/MIME-metoade fan tekenjen/fersiferjen. KMail is foar dy funksjonaliteit ôfhinklik fan GnuPG. Om it fisueel makliker te meitsjen, sil KMail de ferifiearre berjochten grien kleurje; giel by net fertroude ûndertekening; read by ûnjildige ûndertekening; en blau foar fersifere berjochten.

KMail stipet ek S/MIME-berjochten en ek Chiasmus [2], dat in kryptografysk systeem is hokker bûn is oan in merk en makke is troch de Dútske Federal Office for Information Security (BSI).

Groupware stipe

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

KMail kin as ûnderdiel fan Kontakt ek fungearje as groupware-kliïnt en sa kontaktlisten, e-berjochten, aginda's en notysjes tusken de brûkers diele.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]