Fryske Staveringshifker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fryske Staveringshifker

Untwikkelder GridLine
Meast resinte ferzje 1.1/ 23 novimber 2015
Platfoarm Android
Kategory Taalhelpmiddel
Lisinsje Freeware
Webstee fryske-akademy.nl

De Fryske Staveringshifker is in losse mobile app dy't gebrûk makket fan de webservice fan de Fryske Akademy. Dizze software waard ûntwikkele troch de Fryske Akademy en yn 'e oarspronklike ferzje útbrocht yn 2007.

In staveringshifker hifket krekt sa’t it der stiet de stavering en sjocht dêrby mei klam net nei sinsferbannen of ynhâld. De sin "Ik sjoch it nút fan in nut net" sil de hifker dan ek gjin flaters yn tsjinkomme, likemin as dat er it ferskil tusken hert en hart sjocht. Hy sjocht allinnich nei oft in wurd goed stavere wêze KIN.

De measte tekstferwurkers hawwe standert in ‘staveringshifker’ oan board mar dy beskikke mar komselden oer in Frysktalige wurdlist. Faak kin dy wol tafoege wurde of der kin in eksterne staveringshifker ‘’oanhongen’’ wurde.

De aktuele sitewaasje 2017 foar it Frysk mei it brûken fan de nijste software is dat jo jo teksten online hifkje litte kinne op it Taalweb fan de Fryske Akademy en nei it al of net akseptearjen fan feroarings weromplakke kinne yn jo eigen tekstferwurker.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eksterne link:[bewurkje seksje | boarne bewurkje]