Avant Browser
Appearance
| Avant Browser | |
|---|---|
|
| |
| Untwikkelder | Avant Force |
| Meast resinte ferzje | 2015 build 12/ 20 july 2015 |
| Platfoarm | Windows |
| Kategory | Webblêder |
| Lisinsje | Freeware |
| Webstee | (ned) www.avantbrowser.com |
Avant Browser is in webblêder, dy't programmaûnderdielen fan Internet Explorer, Firefox of Chrome brûkt om ynternetpagina's wer te jaan. De oarspronklike ferzje is út 2004.
Oersetting nei it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn septimber 2006 is de oersetting fan de Avant Browser útbrocht. Dy Avant-blêder wurdt as skyl oer de Internet Explorer-blêder/motor hinne plakt. Foar minsken dy't graach dy bewende blêder brûke, is soks no dochs yn it Frysk te dwaan.
Fryske staveringshifker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de gruttere ferzjes wurde Firefox en Chrome ek stipe, en sille har staveringshifkers, mei wurdlisten Frysk fan Hunspell/Myspell, ek yn Avant wurkje.