Frysk alfabet

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Fryske alfabet hat net lykas it Latynske alfabet 26, mar 24 letters. De Q en de X fan it Latynske alfabet wurde yn it Frysk net skreaun.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte letters
A B C D E F G H I J K L
M N O P R S T U V W Y Z
Lytse letters
a b c d e f g h i j k l
m n o p r s t u v w y z
Nammen
aa bee see dee ee ef gee haa ii jee kaa el
em en oo pee er es tee uu fee wee Fryske y zet

Fonetysk skriuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fryske skrift is foar it meastepart fonetysk skreaun. Om't de Fryske taal in grutte rykdom en ferskaat oan lûden hat, binne der in soad diakrityske tekens. Hjir in rychje:

  Fryske diakretyske tekens
skerpteken   é     ú  
breedteken â ê   ô û  
trema ä ë ï ö ü  
klamteken à è ì ò ù
gearskriuwing Æ æ        

De lûden mei in trema of in klamteken jouwe gjin oare lûden oan: it trema jout oan dat in lûd net ta in mearlûd heart; it klamteken wurdt brûkt om klam op in wurdlid te lizzen.

It is yn it Frysk wol tastien, mar net wisânsje om op haadletters diakrityske tekens te setten. De ligatuer æ en de ligatuer Æ wurde somtiden yn nammen of by in âldere stavering brûkt.

IJ[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas yn it Nederlânsk is ek yn it Frysk net dúdlik at de ij (IJ) in letter apart is of in gearskriuwing.

Yn oare Fryslannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol’t it dêr sprutsene Frysk troch de skieding fan iuwen (en yn it gefal fan it eilâns-Noardfrysk faaks sels troch in oare oarsprong) sa oars is as it Westerlauwerske Frysk, dat men hast fan aparte talen sprekke kin, is it Fryske karakter dochs dúdlik oanwêzich. Dochs komme gauris oare lûden foar. Mei dêrom wurde gauris oare tekens brûkt.

Sealtersk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealtersk brûkt it trema " foar deselde lûden as dy by de Dútske umlauttekens, ek as it net om histoaryske umlaut giet, dus ä, ö, ü.
De Sealter sch komt oerien mei de Hollânske en dus net mei de Dútske, dy’t mear fan sj hat. Dêrom wurdt ek wolris sk skreaun, wat oan ‘e ein fan in wurd dan wol wer de krekte útspraak oanjout.

Mooringer Noardfrysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat hat út it Deensk it teken å oernommen foar ús koarte iepene o-lûd: dåt, ås. Umlauttekens wurde op sawat deselde wize brûkt as yn it Sealtersk. Foar sch jildt hjir wol in útspraak dy’t ticht by de Dútske leit.

Sylter Noardfrysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat brûkt in lizzende streek as langteteken: ā, ē. It trema wurdt allinne brûkt yn ö, ü. Brutsene lûden wurde oanjûn mei ia, ua. Bysûnder is it teken đ, dat itselde lûd oanjout as th yn Ingelsk this.

Ferring-Öömrang[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brûkt ä, ö, ü en ia, ua.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]