Utwreidingskaart
Appearance
Doe't de ûntwikkelings op it mêd fan de persoanlike kompjûters oer inoar hinne rôlen waard gauris gebrûk makke fan útwreidingskaarten (adaptor cards). Jo kompjûter kin bygelyks útwreide wurde mei in lûd-, grafyske- of oersetkaart (modem card) en wa wit wat der noch betocht wurdt. Op it memmeboerd fan jo kompjûter sitte in oantal kontaktsluven wêr't jo de stekkerkant fan sa'n útwreidingskaart ynstekke kinne. Freget jo nije byldskerm om opwurdearre apparatuer dan hoege jo net it memmeboerd te fernijen mar kinne soks opfange mei in útwreidingskaart mei nijere/hegere mooglikheden. Der bestiet sels in útwreidingskaart mei allinne mar kontaktsluven om noch mear útwreidings mooglik te meitsjen.