Jazz Jackrabbit

Ut Wikipedy
Jazz Jackrabbit

Untwikkelder Epic MegaGames
Meast resinte ferzje Orizjineel/ 30 july 1994
Platfoarm MS-DOS
Kategory Spultsjes
Lisinsje Shareware
Webstee http://www.epicgames.com/

Jazz Jackrabbit is in kompjûterspultsje út 1994, makke troch Epic MegaGames. It spultsje is makke yn Turbo Pascal 7.0 troch programmeur Arjan Brussee. Meidat it spultsje sa populêr wie, kaam der yn 1998 in ferfolch, Jazz Jackrabbit 2.

Der binne ferskillende ferzjes fan it spultsje. Earst wie der de shareware ferzje mei ien ôflevering. Ien ôflevering hie trije wrâlden, en eltse wrâld hie twa levels en in 3D-bonuslevel. De kommersjele ferzje hat seis ôfleverings, dy't se op twa diskettes ferkochten. Letter waard noch in CD-ferzje útbrocht mei noch trije ôfleverings.

Oan 'e ein fan 1994 en 1995 binne der twa krystferzjes makke. De earste, Christmas Edition, hie trije levels, de twadde, Holiday Hare '95, hie twa wrâlden mei beide twa levels.

Op oare plakken op 'e wrâld binne der noch mear ferzjes fûn, lykas in cd mei allinnich de ôflevering 'Ballistic Bunny' dêrop.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trijetûzen jier nei it barren fan Aesop „De Skyldpod en de Hazze“, is der wer fijannigens tusken skyldpodden en hazzen. De jazz Jackrabbit komt op ferskate planeten om Prinses Eva Earlong en Carrotus fan de skyldpod-terroristen te rêden, dy't laat wurde troch de betiisde Devan Shell.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ingelsk Haze's Hideout - Ynformaasje oer de ferskillende ferzjes en downloads fan de shareware ferzjes
  • Ingelsk Jazz2Online - Grut webstek mei downloads en foarums