Springe nei ynhâld

Cees Egas

Ut Wikipedy
Cees Egas
politikus
Cees Egas yn 1965
Cees Egas yn 1965
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1 augustus 1913
berteplak Holwert
stjerdatum 21 desimber 2001
stjerplak Alkmar
Twadde Keamerlid
amtsperioade 1952-1965,
1967-1972
Steatssekretaris fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk
amtsperioade 1955-1966
offisjele webside
Profyl by parlement.com

Cornelis (Cees) Egas (Holwert, 1 augustus 1913 - Alkmaar, 21 desimber 2001) wie in Nederlânsk politikus út namme fan SDAP en letter de Partij van de Arbeid.

Egas by in saneamde paint-in yn Amsterdam, mei as tekst û.o. "Egas for President", 3 febrewaris 1967

Egas wie lânbou- en fiskerij-wurdfierder fan de PvdA-Twadde-Keamerfraksje fan de PvdA. Hy wie in Fryske boeresoan, dy 't sels op jonge jierren lânarbeider waard en dy't aktyf wie yn de sosjalistyske jeugdbeweging, de AJC. Syn mem wie learares húshâldkunde oan de folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean.

Nei de oarloch wurke er yn it foarmingswurk yn Fryslân. As lânbousaakkundige waard er foarme yn de rûnte fan de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA.

As Keamerlid hold er yn de jierren fyftich en sechstich praatsjes foar de VARA-radio oer lânbou yn de rubryk 'Voor het platteland'. Yn it kabinet-Cals wie er as steatssekretaris belêstige mei maatskiplik wurk. Hy sette him sawol yn dy funksje as neitiid as Twadde Keamerlid en bestjoerder yn foar de belangen fan âlderein.

Nei syn fuortgean út it parlemint folge er kursussen kulturele antropology, sosjology, psychology en filosofy oan de Frije Universiteit Amsterdam.

  • De Duivel is Oud, 1975
  • Onze toekomst. Tien vragen over welzijn, 1993