Springe nei ynhâld

Folkshegeskoalle Allardseach

Ut Wikipedy
Folkshegeskoalle Allardseach
Volkshogeschool Allardsoog
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. folkshegeskoalle
wurkmêd folwoeksene-ûnderwiis
fêstige yn Allardseach (Fryslân)
oprjochte 1932
opdoekt 1988
oprjochter Jarich van der Wielen
kaart
Folkshegeskoalle Allardseach (Opsterlân)
Folkshegeskoalle Allardseach
De lokaasje fan 'e Folkshegeskoalle Allardseach yn 'e gemeente Opsterlân.

De Folkshegeskoalle Allardseach (Nederlânsk en offisjeel: Volkshogeschool Allardsoog) wie de earste folkshegeskoalle yn Nederlân. Dit ynstitút foar folwoeksene-ûnderwiis, dat de foarm fan in ynternaat oannaam, waard yn 1932 op inisjatyf fan Jarich van der Wielen oprjochte yn Allardseach, by Bakkefean, deunby it trijeprovinsjepunt.

Miniatuer fan de folkshegeskoalle yn Madurodam

De Folkshegeskoalle Allardseach stie fan 1932 oant 1948 ûnder lieding fan H.G.W.G. van der Wielen, H.D. de Vries Reilingh en O.V.L. Guermonprez. Nei 1948 stie C. Stapel der oan it roer. De ynstelling hie yn 'e 1950-er jierren in gebouwekompleks yn trije sintra op in terrein dat likernôch 100 ha meat.

Yn 1933 begûn de Folkshegeskoalle Allardseach mei buerthûswurk, wêrby't yn 1958 400 húshâldings ûnderwiis folgen. Yn 1933 kaam der ek de earste lânbouhúshâldkursus, dy't him ta in skoalle mei 250 learlingen ûntjoech, krekt as de earste lân- en túnbou- en ymkerijkursus, dêr't de legere lânbouskoalle mei 80 learlingen út groeide. Yn 1934 waard op 'e folkshegeskoalle it earste sintrale wurkplak foar fakûntwikkeling yn Nederlân stifte (tagelyk mei Doardt). Yn 1938 folge it earste gesinsfersoarchstersynternaat. Yn 1956 giene 1.742 kursisten op 12.386 moandagen jiers nei de Folkshegeskoalle Allardseach.

De delgong sette begjin 1980-er jierren yn, doe't it Nederlânske regear yn 'e subsydzje oan folkshegeskoallen begûn te snijen. Boppedat waard yn 1985 it Herstructureringsplan Internaatsvormingswerk ynfierd, dat easke dat folkshegeskoallen teminsten sân folsleine banen hiene foar stêfleden dy't har útslutend taleine op it ûnderwiis. Dêr koe Allardseach net oan foldwaan, en om't útwreiding finansjeel net helber wie, moast der in fúzje komme mei in oare folkshegeskoalle.

Dy fúzjepartner waard fûn yn Folkshegeskoalle 't Oldörp, yn it Grinslânsk Uthuzen. Op 1 maaie 1987 waard de fúzje in feit; dêrby waard fêstlein dat beide fêstigings bestean bliuwe soene, en dat Allardseach him op Fryslân rjochtsje soe, wylst 't Oldörp Grinslân ta wurkgebiet krige. De nije konstruksje bliek lykwols net genôch om rindabel te bliuwen, en sa kaam der yn 1988 nei 56 jier in ein oan 'e Folkshegeskoalle Allardseach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: