Delta Paramount
Delta Paramount | ||
bysûnderheden | ||
soarte bist | bolle (Holstein-Friesian) | |
berne | 14 july 2001 | |
berteplak | ? (Fryslân) Nederlân | |
deagien | 16 oktober 2015 | |
stjerplak | Gytsjerk (Fryslân) Nederlân | |
aktyf as | fokbolle | |
reden bekendheid |
op ien nei bêste fokbolle aller tiden |
Delta Paramount (Fryslân, 14 july 2001 – Gytsjerk, 16 oktober 2015) wie in Holstein-Friesian-bolle dy't hast tsien jier lang de meast brûkte fokbolle fan 'e wrâld wie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Delta Paramount waard yn 2001 berne en belibbe syn gloarjejierren yn 'e perioade fan 2006 oant 2010. Syn sperma waard oer de hiele wrâld ferkocht om kij mei oan te setten fia keunstmjittige ynseminaasje. Dêr wie grutte fraach nei om't de dochters fan Delta Paramount sterke skonken hiene, tige goede jaren en lang sûnder swierrichheden molke produsearren. Yn totaal waarden fan syn sied 1,4 miljoen doazes ferkocht, wêrmei't er inkeld en allinnich de grutte fokbolle út 'e jierren njoggentich, Sunny Boy, foar him liet. Dat smiet Delta Paramount sa'n 700.000 neikommelingen op, mei dêrûnder likernôch 350.000 mestboltsjes, 50.000 kokeallen dy't foar de slacht ferkocht waarden en 300.000 melkkij.
Nei 2010 waard Delta Paramount foarbystribbe troch jongere fokbollen, mar hy bleau dochs yn produksje om't fral út Brazylje de fraach nei syn sperma ûnfermindere heech wie. De reden dêrfoar wie, dat it sied fan Delta Paramount dêr ynset waard foar de ferbettering fan it tropyske melkfeeras gir. Uteinlik besleat de CRV, de koöperative fokkerijferiening dy't Delta Paramount yn eigendom hie, om 'e âlde bolle ôfmeitsje te litten doe't syn skonkgewrichten fersliten rekken en it bist net mear sûnder pine stean of rinne koe. Delta Paramount krige op 16 oktober 2015 yn syn stâl te Gytsjerk in spuitsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|