Springe nei ynhâld

Sunny Boy (bolle)

Ut Wikipedy
Sunny Boy
bysûnderheden
oare namme(n) Nehlssoan Skalsumer
   Sunny Boy
soarte bist bolle (Holstein-Friesian)
berne 26 maaie 1985
berteplak Skalsum (Fryslân)
Nederlân
deagien 28 desimber 1997[1]
stjerplak ? (Oerisel)
Nederlân
aktyf as fokbolle
reden
  bekendheid
bêste fokbolle aller tiden

Sunny Boy (eins folút: Nehlssoan Skalsumer Sunny Boy; Skalsum, 26 maaie 1985Oerisel, 28 desimber 1997)[1] wie in Holstein-Friesian-bolle, ôfkomstich út Skalsum, dy't fanôf 1990 nei jierren fan ferfal de Nederlânske molkfeefokkerij wer op 'e kaart sette. Mei't syn dochters op alle punten útsûnderlike goed skoarden, ûntstie der sa'n run op syn sperma, dat de fokkerijkoöperaasje dy't him yn eigendom hie, op in stuit sels farsk (ynstee fan ynferzen) sied fan him begûn te ferkeapjen, wat doedestiden unyk wie. De namme fan Sunny Boy rekke bekend by feehâlders de wrâld oer. Yn totaal produsearre er mear as 2 miljoen doazes sperma. Dêrmei is Sunny Boy noch altyd de wrâldrekôrhâlder fan meast brûke fokbolle ea.

Sunny Boy waard yn 1985 smiten te Skalsum, yn 'e stâl fan feehâlder Minne Blanksma. Dyselde joech him syn namme om't er sa'n "geweldich moai keal" wie, dat er der fleurich fan waard, "krekt as wie it in sinnige dei."[1] Syn mem wie de Skalsumer ko Pytsje 175, dy't sels in Fryske mem en in Kanadeeske heit hie. Syn heit wie Nehls Chief Crusader, in bolle dy't yn 'e Feriene Steaten oankocht wie. Sunny Boy hie neffens kenners syn uterlik foar, mei in stevich gewicht fan 1.100 kg en in "robúste, fotosjenike kop sa't je mar selden sjogge."[2]

Wichtiger wie dat Sunny Boy syn dochters in protte molke produsearren mei in treflike fet-aaiwytferhâlding. Teffens wiene se fruchtber, hiene se trochinoar in noflik karakter en ûntwikkelen se goede skonken, jaren en oeren. Tsjin dy tiid wie Sunny Boy eigendom fan it bedriuw Zuid-Oost Genetics (letter Holland Genetics), dat in flinke foarrie fan syn sperma oanlei foar't dat yn oktober 1989 frijjûn waard foar de ferkeap om fia keunstmjittige ynseminaasje by kij fan oer de hiele wrâld ynbrocht te wurden.

Doe't bekend waard dat de dochters fan Sunny Boy op alle punten útsûnderlik skoarden, ûntstie der fanôf 1990 in run op syn sperma. Zuid-Oost Genetics sette doe útein om net inkeld de foarrie beferzen sperma te ferkeapjen, mar ek farsk sperma, wat doedestiden in unikum yn 'e kowefokkerij wie. Yn 'e earste helte fan 'e jierren njoggentich hie Sunny Boy 1,2 miljoen doazes sperma produsearre, in abslút rekôr, dat oant dy tiid op namme stie fan in Amerikaanske bolle. Sadwaande kaam er sels op 'e Amerikaanske stjoerder CNN yn it nijs. Op syn tsiende jierdei, yn 1995, wie Sunny Boy syn produksje oprûn oant 1,8 miljoen doazes, à ƒ30 it stik. Dêrmei hied er foar syn eigners ƒ54 miljoen fertsjinne. Tsjin dy tiid rûnen der oer de hiele wrâld ferspraat nei skatting in miljoen soannen en dochters fan Sunny Boy om.

De bolle wie boppedat fan grutte betsjutting foar de Nederlânske kowefokkerij yn it algemien. Oant de santiger jierren naam Nederlân op dat mêd nammentlik in liedend plak yn 'e wrâld yn, mar fanwegen in beskate tsjinnichheid om fokmateriaal út it bûtenlân oan te lûken, waard it doe ynhelle troch de Feriene Steaten en Kanada, en knoffele it omleech nei de middenmoat. Sunny Boy brocht Nederlân yn 1990 eigenhandich wer werom nei de top. Tsjin 1995 wie de bolle oer syn hichtepunt hinne, mar produsearre er dochs noch altyd 300.000 doazes sperma jiers. Yn 1996 waard er út produksje nommen nei't har medyske swierrichheden oan 'e geslachtsdielen oppenearre hiene. Holland Genetics wie fan doel en jou Sunny Boy in wolfertsjinne rêstige âlde dei, mar doe't er ein 1997 nije problemen oan 'e urinewegen krige, mei as gefolch oanhâldende slimme pine, waard besletten om Sunny Boy in spuitsje te jaan om him út syn lijen te ferlossen, wat daliks nei de krystdagen syn beslach krige. De bolle waard dêrmei 12 en in heal jier âld, wat in respektabele leeftyd is foar in ko.

Noch altyd hat Sunny Boy it wrâldrekôr yn 'e hannen de meast brûkte fokbolle ea te wêzen. Uteinlik produsearre er mear as 2 miljoen doazes sperma. De genetyske ynfloed fan Sunny Boy op 'e molkfeehâlderij wie ûnbidige grut, net inkeld troch syn dochters, mar ek troch syn soannen. Dêrfan waarden nammentlik 77 gaadlik befûn om ek yn produksje nommen te wurden as fokbollen, mei as bekendste Eastland Cash, dêr't wrâldwiid mear as 1,3 miljoen doazes sperma fan ferkocht waarden. Sunny Boy syn pakesizzer, de ferneamde readbûnte bolle Kian stie yn 2008 op it earste plak op 'e ranglist fan (doe libbene) fokbollen, mei 1 miljoen doazes sperma.

Kop fan Sunny Boy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn dea waard de kop fan Sunny Boy bewarre en útstald yn it Nasjonaal Feetylt Museum yn Beers (Noard-Brabân). Doe't it gebou fan dat museum, in âld K.I.-stasjon, yn 2020 ferkocht waard, gie de hiele kolleksje oer yn 'e hannen fan it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert. Sa kaam de kop fan Sunny Boy werom yn Fryslân.[3] Sûnt 2 july 2021 waard de kop fan 'e bolle yn it Frysk Lânboumuseum tentoansteld.[1]

Der waard yn 1998 ek in stânbyld fan Sunny Boy makke. Dat stie oarspronklik by it regiokantoar fan CRV Noard op It Hearrenfean. Yn 2007 waard it ferpleatst nei in plak njonken de haadyngong fan it haadkantoar fan 'e Keninklike Coöperatie Rundveeverbetering (CRV), yn Arnhim. Doe't de CRV yn 2022 ferhuze nei in nij gebou, wie dêr gjin romte foar it stânbyld fan 'e ferneamde bolle. Sadwaande kearde it werom nei Fryslân en krige it op 17 novimber fan dat jier in nij plak yn it Dairy Breeding Center yn Wurdum.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Meulen, Aan Dirk van der, Terug in Friesland: Sunny Boy, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2021, s. 35.
  2. Lange, Henny de, Sunny Boy, de allerbeste fokstier, yn: Trouw, 26 maaie 1995
  3. ——, Kop fokstier Sunny Boy terug in Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 21 april 2020, s. 24.
  4. Elting, Wilbert, Standbeeld topstier Sunny Boy na vijftien jaar terug naar Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2022, s. 2.