Eastland Cash

Ut Wikipedy
Eastland Cash
bysûnderheden
soarte bist bolle (Holstein-Friesian)
berne 7 febrewaris 1991
berteplak Angeren (Gelderlân)
Nederlân
deagien ±28 juny 2005
stjerplak Gytsjerk (Fryslân)
Nederlân
aktyf as fokbolle
reden
  bekendheid
bêste fokbolle fan syn
   generaasje

Eastland Cash (Angeren, 7 febrewaris 1991Gytsjerk, 28 juny 2005) wie in Holstein-Friesian-bolle dy't jierrenlang ien fan 'e súksesfolste en meast brûkte fokbollen fan 'e wrâld wie.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastland Cash waard yn 1991 smiten yn 'e stâl fan 'e bruorren Oosterink yn it Gelderske Angeren. Mei't er in soan fan 'e ferneamde fokbolle Sunny Boy wie, waard er in fearnsjier letter oankocht troch de fokkerijferiening CRV en oerbrocht nei de CRV-stâlen yn Gytsjerk, dêr't er syn hiele fierdere libben trochbringe soe.

Yn augustus 1995, doe't de CRV foar it earst syn sperma frijjoech foar de ferkeap (om troch keunstmjittige ynseminaasje by kij ynbrocht te wurden), briek Eastland Cash troch as de súksesfolste fan 'e soannen fan Sunny Boy. Hy waard troch feehâlders heech wurdearre fanwegen de lange libbensferwachting fan syn dochters, de positive fet-aaiwytferhâlding fan harren molke en teffens fanwegen syn gaadlikens foar gebrûk by rierren dy't noch nea kealle hiene. Fan oktober 1995 oant syn dea wie er stiiffêst ien fan 'e populêrste fokbollen fan 'e wrâld.

Yn totaal waarden fan Eastland Cash syn sperma wrâldwiid 1,2 miljoen doases ferkocht, wêrmei't er ien fan 'e bêst ferkeapjende bollen ea wie (al bleau it rekôr stevich yn 'e hannen fan syn heit Sunny Boy). Eastland Cash berikte de respektabele leeftyd fan 14 jier, en gie ein maaie 2005 dea yn syn stâl te Gytsjerk. Ek syn soan Laurenzo en syn pakesizers Rafael, Nevada, Stilist en Obelisk ûntjoegen har ta súksesfolle fokbollen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: