Jim Butcher

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jim Butcher
Livro preto.svg skriuwer
Jim Butcher by Gage Skidmore.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jim Butcher
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 26 oktober 1971
berteplak Independence (Missoery)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The Dresden Files
Codex Alera-rige
útjouwer Roc Books
Ace Books
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.jim-butcher.com

Jim Butcher (Independence (Missoery), 26 oktober 1971), is in Amerikaansk skriuwer fan in grut tal bestsellers fan it fantasysjenre. Hy is benammen bekend wurden mei de urban fantasy-rige The Dresden Files, mar hat teffens in tradisjonele fantasysearje skreaun, de Codex Alera-rige.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jim Butcher waard yn 1971 berne yn Independence, yn 'e steat Missoery. Hy wie de jongste yn in gesin mei trije bern, en hat twa âldere susters. Doe't er as bern ris mei streptokokkefaryngitis, in ûntstekking oan 'e kiel, it bêd hâlde moast, joegen syn susters him The Adventures of Han Solo en Tolkien syn The Lord of the Rings kado om 'e tiid mei te ferdriuwen. Dat wie it begjin fan Butcher syn leafde foar fantasy en science fiction. Yn syn tinerjierren skreau er syn earste (net-útjûne) roman, wat him ta it beslút brocht om skriuwer te wurden.

De Dresden Files[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996, doe't er 25 jier wie, skreau Butcher by wize fan in oefening foar in skriuwkursus dy't er doe folge, it earste boek fan syn searje The Dresden Files. Dy rige heart ta it subsjenre fan 'e urban fantasy, en spilet yn it hjoeddeistige Chicago, dêr't haadpersoan Harry Dresden wennet. Dat is de iennichste tsjoender op 'e wrâld dy't iepentlik foar syn ropping útkomt en sels in advertinsje yn 'e Gouden Gids hat. Dresden is ek op oare manearen ûnkonvinsjoneel, wat him allegeduerigen yn botsing bringt mei de geheimdoggerige Wite Ried fan Tsjoenderij, de wrâldorganisaasje fan 'e tsjoenders. Mei freonen as de plysje Karrin Murphy, syn fampieryske healbroer Thomas Raith, syn learlinge Molly Carpenter, de elemintêre geast Bob, en de Ridder fan it Krús Michael Carpenter (Molly har heit) befjochtet Dresden alderhanne boppenatuerlike fijannen dy't yn Chicago de oarder fersteure, fan wearwolven en fampieren oant de fallene ingels dy't de trewanten fan Satan sels binne.

Goed twa jier lang besocht Butcher mei syn manuskript in foet tusken de doar te krijen by in útjouwerij, oant er úteinlik kontakten lei troch alle fantasykonvinsjes ôf te strunen. Ricia Mainhardt, deselde aginte dy't ek de súksesfolle skriuwster Laurell K. Hamilton ûntdiek, stimde deryn ta om him te fertsjintwurdigjen. Seis moanne neitiid sleat de foaroansteande Amerikaanske útjouwerij Roc Books troch Mainhardt har ynspannings in kontrakt mei Butcher foar de publikaasje fan syn manuskript. Dat waard yn april 2000 publisearre ûnder de titel Storm Front. It twadde boek, Fool Moon, kaam út op nijjiersdei 2001, folge troch nûmer trije yn 'e searje, Grave Peril, yn septimber fan datselde jier. Dêrnei die Butcher it wat kalmer oan, mar dochs publisearre er oan 2014 ta elts jier in boek yn searje, mei útsûndering fan inkeld 2013. Anno 2018 telde The Dresden Files sadwaande 15 dielen, en de rige rint noch altyd. Njonken de romans publisearre Butcher ek in ferskaat oan novelles en koarte ferhalen oer Harry Dresden, begjinnende mei it ferhaal A Restoration of Faith, dat er yn 2004 op syn webside sette om Dresden syn libben foarôfgeande oan Storm Front te beljochtsjen. Letter levere er ferskate kearen in ferhaal foar in blomlêzing mei wurk fan oare fantasy-auteurs (faak mei in beskaat tema, lykas My Big Fat Supernatural Wedding, út 2006, oer it tema 'houlik').

The Dresden Files waarden wat langer wat súksesfoller, en yn 2004 waarden de earste trije romans al werútjûn yn in omnibusedysje, ûnder de titel Wizard for Hire. It sânde boek yn 'e rige, Dead Beat, wie it earste dat as hardcoveredysje ferskynde (de seis earste boeken wiene inkeld as paperbacks útjûn). It waard publisearre op 3 maaie 2005, yn in oplaach fan 15.000 eksimplaren, en wie trije dagen letter al útferkocht. It achtste boek, Proven Guilty (2006), wie it earste dat op 'e prestizjeuze bestsellerlist fan 'e krante The New York Times ferskynde, op it 21ste plak. Boek nûmer 9, White Night (2007) waard publisearre yn in earste oplaach fan 100.000 eksimplaren en helle it fyfde plak op The New York Times-bestsellerlist. It tsiende boek, Small Favor (2008), kaam sels op it twadde plak op The New York Times-bestsellerlist binnen. The Dresden Files is no ien fan 'e populêrste fantasyrigen dy't der binne, en hat fans oer de hiele wrâld. Boeken út 'e searje binne oerset yn it Dútsk, Frânsk, Poalsk, Mandarynsk, Spaansk en Tsjechysk. Yn it Nederlânsk binne de earste trije dielen ferskynd by De Vliegende Hollander.

Jim Butcher yn 2011.

Behalven yn boekfoarm binne The Dresden Files ek útjûn as audioboek en as role-playing game. Yn 2008 ferskynde Welcome to the Jungle, in prequel fan 'e searje yn 'e foarm fan in grafyske roman, yllústrearre troch Ardian Syaf. Dêrmei helle Butcher in nominaasje foar in prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste grafyske ferhaal binnen. Tusken 2004 en 2006 waard der ek in tillefyzjesearje makke dy't basearre wie op 'e boeken fan 'e romanrige, mei de akteur Paul Blackthorne yn 'e rol fan Harry Dresden. De alve ôfleverings, dy't fan jannewaris oant april 2007 útstjoerd waarden op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Sci Fi Channel, krigen lykwols mingde resinsjes, en ta lulkens fan 'e fans besleat de stjoerder om gjin ferfolchsearje mear te meitsjen.

De Codex Alera[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't it him mei The Dresden Files sa foar de wyn gie, krige Butcher der it frij ta om in tradisjonele fantasysearje te skriuwen, wat er altyd al wollen hie. Dat waard de Codex Alera-rige, in ôfûne gehiel dat út seis romans bestiet. Dêryn wurdt it libben folge fan Tavi, in jongeman dy't libbet yn 'e Calderondelling fan it ryk Alera op 'e wrâld Carna. De kultuer fan Alera is dúdlik basearre op dy fan it Romeinske Ryk, mei as ferskil dat men yn Alera machtige elemintêre krêften behearsket dy't "fuerys" neamd wurde. Oan it begjin fan 'e rige is Alera ferfallen ta gemaksucht en dekadinsje, krekt sa't dat mei it Romeinske Ryk úteinlik barde. Just dan komt it ryk foar de grutste útdaging út 'e skiednis te stean, dy't Tavi by fersin sels feroarsaket, allyk de tsjoenderslearling yn Goethe syn ferneamde gedicht Der Zauberlehrling. It earste boek fan 'e rige, Furies of Calderon, kaam yn augustus 2004 út by Ace Books, en elts jier dêrnei folge in nij diel, oant de searje yn 2009 besletten waard mei First Lord's Fury. De Codex Alera die it net sa goed as The Dresden Files, al ferkocht de rige bêst genôch. First Lord's Fury behelle mei plak 7 op bestsellerlist fan The New York Times it bêste resultaat.

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn beide grutte searjes hat Jim Butcher ek in roman oer de superheld Spider-Man skreaun, mei as titel The Darkest Hours (2006). Yn 2014 waard bekend dat Butcher ûnderwilens úteinset is mei noch wer in nije rige: The Cinder Spires. Dat moat in trilogy wurde fan it fantasysubsjenre fan 'e steampunk. Neffens Butcher syn útspraken yn in fraachpetear mei it tydskrift Publisher's Weekly sil it ferhaal spylje yn in wrâld fan swarte toerspitsen (spires) dy't milenfier úttuorje boppe in fan dize bewale wrâld. It folget de oarloch tusken twa fan 'e toerspitsen, mei "loftskippen en steammasines en bizarre kristallene technology en pratende katten, dy't aaklike lytse pestkoppen binne." De titel fan it earste boek is The Aeronaut's Windlass.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jim Butcher wennet noch altyd yn syn berteplak Independence, yn Missoery, yn 'e mande mei syn frou Shannon K. Butcher, in skriuwster fan romantyske literatuer. Tegearre hawwe se ien soan en ek ien hûn, dy't fan Frostbite hjit. Butcher en Ricia Mainhardt binne ûnderwilens útinoar gien; syn aginte is no Jennifer Jackson. Butcher is in entûsjast beoefener fan alderhanne fjochtsporten. Hy hat fyftjin jier ûnderfining mei û.o. kung fu, taekwondo, ryukyu-kempo en goju-shorei-ryu. Teffens docht er oan skermjen en hynsteriden. Wat dat lêste oanbelanget, hat er yn it ferline oan sawol dressuerwedstriden as oan rodeo's meidien. Syn leafhawwerijen binne sjongen, sjen nei minne science fictionfilms, en it spyljen fan kompjûterspultsjes.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Dresden Files[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

romans
omnibusedysjes en ferhalebondels
  • omnibussen
    • 2005 – Wizard for Hire (omfettet Storm Front, Fool Moon en Grave Peril)
    • 2006 – Wizard by Trade (omfettet Summer Knight en Death Masks)
    • 2007 – Wizard at Large (omfettet Blood Rites en Dead Beat)
    • 2008 – Wizard under Fire (omfettet Proven Guilty en White Night)
  • ferhalebondels
koarte fiksje
  • Side Jobs
    • 2002 – A Restoration of Faith (earder publisearre op 'e webside fan Jim Butcher)
    • 2002 – Vignette (earder publisearre op 'e webside fan Jim Butcher)
    • 2006 – Something Borrowed (earder publisearre yn 'e blomlêzing My Big Fat Supernatural Wedding)
    • 2007 – It's My Birthday, Too (earder publisearre yn 'e blomlêzing Many Bloody Returns)
    • 2007 – Heorot (earder publisearre yn 'e blomlêzing My Big Fat Supernatural Honeymoon)
    • 2008 – Day Off (earder publisearre yn 'e blomlêzing Blood Lite)
    • 2008 – Backup (ek wol omskreaun as in koarte novelle; earder publisearre as selsstannige útjefte fan Subterranean Press)
    • 2009 – The Warrior (earder publisearre yn 'e blomlêzing Mean Streets)
    • 2009 – Last Call (earder publisearre yn 'e blomlêzing Strange Brew)
    • 2010 – Love Hurts (earder publisearre yn 'e blomlêzing Songs of Love & Death: All Original Tales of Star Crossed Love)
    • 2010 – Aftermath (eins gjin koart ferhaal, mar in novelle; earste publikaasje yn Side Jobs)
  • Working for Bigfoot
  • Brief Cases (yn dizze bondel binne de ferhalen net oardere op jier fan publikaasje)
    • 2017 – A Fistful of Warlocks (earder publisearre yn 'e blomlêzing Straight Outta Tombstone)
    • 2012 – B Is for Bigfoot (earder publisearre yn 'e blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron, en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
    • 2010 – AAAA Wizardry (earder publisearre yn The Dresden Files Roleplaying Game Volume Two: Our World)
    • 2012 – I Was a Teenage Bigfoot (earder publisearre yn 'e blomlêzing Blood Lite III: Aftertaste en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
    • 2011 – Curses (earder publisearre yn 'e blomlêzing Naked City: Tales of Urban Fantasy)
    • 2010 – Even Hand (earder publisearre yn 'e blomlêzing Dark and Stormy Knights)
    • 2012 – Bigfoot on Campus (earder publisearre yn 'e blomlêzing Hex Appeal en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
    • 2013 – Bombshells (earder publisearre yn 'e blomlêzing Dangerous Women)
    • 2016 – Cold Case (earder publisearre yn 'e blomlêzing Shadowed Souls)
    • 2015 – Jury Duty (earder publisearre yn 'e blomlêzing Unbound)
    • 2016 – Day One (earder publisearre yn 'e blomlêzing Unfettered II)
    • 2018 – Zoo Day (eins gjin koart ferhaal, mar in novelle; earste publikaasje yn Brief Cases)
grafyske romans
  • 2008 – Welcome to the Jungle (tekene troch Ardyan Syaf; oarspr. útjûn as in fjouwerdielige rige, yn okt. 2008 yn ien bân ferskynd by Dabel Brothers Entertainment; prequel fan Storm Front)
  • 2009 – Storm Front, Volume 1: The Gathering Storm (tekene troch Ardyan Syaf; útjûn troch Dabel Brothers Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Storm Front, ynkl. in ferstripping fan it koarte ferhaal A Restoration of Faith)
  • 2011 – Storm Front, Volume 2: Maelstrom (tekene troch Ardyan Syaf en Brett Booth; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Storm Front)
  • 2011 – Fool Moon, Volume 1 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Fool Moon)
  • 2012 – Fool Moon, Volume 2 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Fool Moon)
  • 2013 – Ghoul, Goblin (tekene troch Joseph Cooper; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Fool Moon en Grave Peril yn)
  • 2014 – War Cry (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei Dead Beat)
  • 2015 – Down Town (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei White Night en foàr it koarte ferhaal It's My Birthday, Too)
  • 2016 – Wild Card (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Small Favor en Turn Coat yn)
  • 2017 – Dog Men (tekene troch Diego Galindo; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken tusken Small Favor en Turn Coat yn)

De Codex Alera[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2004 – Furies of Calderon
  • 2005 – Academ's Fury
  • 2006 – Cursor's Fury
  • 2007 – Captain's Fury
  • 2008 – Princeps' Fury
  • 2009 – First Lord's Fury

De Cinder Spires-rige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2015 – The Aeronaut's Windlass

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2009 Hugo Award nominearre bêste grafyske ferhaal Welcome to the Jungle
2015 Hugo Award nominearre bêste roman Skin Game

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.