The Warrior (koart ferhaal)
The Warrior | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009 | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
bondel | Mean Streets Side Jobs | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
The Warrior is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "De Kriger". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet The Warrior tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat. Yn it ferhaal besiket immen de hillige swurden te stellen dy't oan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden yn bewarring jûn binne. Butcher skreau The Warrior oarspronklik foar de blomlêzing Mean Streets, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2009 útjûn troch Roc Books. Yn 2010 waard The Warrior werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat in grut kefert tastjoerd krigen mei dêryn inkeld in stik as wat foto's fan syn freon Michael Carpenter, dy't dúdlik nommen binne op mominten dat Michael him dêr net bewust fan wie. Michael, fan berop in timmerman, wie foarhinne in Ridder fan it Krús, ien fan 'e trije persoanen dy't in hillich swurd draacht dêr't ien fan 'e spikers yn ferwurke is wêrmei't Jezus Kristus oan it krús slein waard. Sûnt er swier ferwûne rekke by in treffen mei guon fallen ingels op in lyts eilantsje yn 'e Michiganmar (sjoch: Small Favor) is Michael sa goed as blyn yn ien each en ferpleatst er him muoisum en mankepoatsjend mei in gongelstôk dêr't er net sûnder kin. Harry fielt him noch altyd skuldich oer Michael syn lot. De foto's dy't him tastjoerd binne, fettet er, Michael syn ferline yn acht nommen, op as in bedriging.
As er lykwols Michael de foto's sjen lit, makket dy him der net drok om. Hy is in djip leauwich man, en hy hat der alle fertrouwen yn dat God him beskermje sil. En sa net, dan wit er wêr't er nei syn dea hinne gean sil. Harry, dy't mear agnost is as kristen, freget Michael om syn âlde swurd Amoracchius (dat Michael oan him yn bewarring jûn hat oant der him in nije Ridder fan it Krús oantsjinnet) wer op te nimmen, mar Michael leit him kalmkes út dat dy tiid foar him foarby is. Harry stelt himsels dan oan as de liifwacht fan syn freon. Michael is it dêr net mei iens, mar as syn frou Charity him ris eefkes oansjocht, leit er him der by del. Dy nachts merkt Harry in man op dy't yn it tsjuster by Michael-en-dy om 'e hûs hinne slûpt. Harry giet derút en folget him nei it plak dêr't Harry syn auto parkearre hat. De man brekt yn 'e auto yn, en as Harry him oer it mad komt, naait er út mei wat er tinkt dat Amoracchius is, mar wat eins in goedkeap swurd is dat Harry op in rommelmerk kocht hat om lju dy't op in hillich swurd longerje op 'e ferkearde foet te setten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Harry letter in lytse betsjoening brûkt sadat hy en Michael it 'lokein'-swurd opspoare kinne, leit it yn in ôffalcontainer en is der in nij kefert oan fêst plakt. Dêryn sitte twa nije foto's: op 'e nij ien fan Michael, dy't nommen is út 'e fierte wei, en in oarenien fan in skerpskuttersgewear. Dat is in nije bedriging en oerdúdlik in eskalaasje. Mar Harry kin net altyd by Michael wêze, dat hy lit syn tsjoenderslearlinge Molly, de âldste dochter fan Michael en Charity, syn plak as liifwacht oernimme, wylst er eefkes nei hûs giet om Amoracchius op te bergjen en himsels te ferskjinjen. As er fan syn auto nei syn appartemint yn it sûterrên fan in âld flatgebou rint, wurdt er tusken de skouderblêden troffen troch in geweldige klap, dy't him by de trep nei syn foardoar del smyt, sadat er syn holle stompt en syn skouder út it potsje kriget. Hy is sa fersuft dat er amper de beskermjende betsjoenings om syn appartemint hinne ûntwapenje kin, en de doar fierder iepen krije as op in kier slagget al hielendal net. Aldergeloks is syn hyperyntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse der ek noch, dy't de doar fan binnenút iepen skuort, Harry oan syn kraach yn 'e hûs sleept en dan de doar wer ticht en yn 't slot triuwt.
As er wat bekommen is, skillet Harry syn freon Waldo Butters op, in patolooch-anatoom dy't al jierren as syn dokter fungearret, ek al hâldt er, elke kear dat Harry ferwûne rekket, út dat er dêr net foar trochleard hat. Butters triuwt him it skouder wer yn it potsje en stelt in lichte harsensskodding fêst. Yn Harry syn lange learene jas sit tusken de skouderblêden in lyts rûn gatsje, mar de kûgel is net troch de twadde laach fan mei beskermjende betsjoenings belein lear hinne kommen. Harry berget Amoracchius op by it oare Swurd fan it Krús dat er bewarring hat, Fidelacchius (sjoch: Death Masks). Mei't it beslist net algemien bekend is dat Harry Amoracchius yn bewarring krigen hat, ornearret er dat earne in lek sitte moat. Hy is der ridlik wis fan dat it lek net by himsels sit, of by Michael en dy syn húshâlding, of by Sanya, de oare Ridder fan it Swurd, of by de aartsingel Uriël. Dêrom giet er op besite by pastoar Anthony Forthill yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels. As er dyselde oer de kwestje ûnderstiet, liket dy daliks te witten wêr't it lek sitte moat, mar hy seit dat er in eed sward hat en dat er dêrom gjin ynformaasje oan Harry jaan kin. Wol seit er ta dat er sa gau mooglik de saak oplosse sil.
As de oare deis lykwols ien fan Michael syn bern, syn jonge dochter Alicia, ûntfierd wurdt, ferliest ek Michael einlings syn gemoedlike kalmte. Mei Harry set er ôf nei pastoar Forthill, dy't, konfrontearre mei in poerrazene heit ynstee fan syn âlde freon Michael, tajout en syn eed brekt. Hy fertelt Harry en Michael dat er ta de Ordo Malleus heart, in uterst geheim genoatskip binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke, dat ta doel hat om 'e Ridders fan it Krús te ûnderstypjen en op oare manearen fijannen fan it kristendom te bestriden, lykas demoanen, fampieren en beoefeners fan swarte magy. As Harry him freget oft de Ordo Malleus net gewoan in oare namme is foar de Ynkwisysje, antwurdet Forthill dat de Ynkwisysje oarspronklik begûn as in selde soarte fan organisaasje as de Ordo Malleus, mar dat de Ynkwisysje úteinlik in sitewaasje kreëarre dy't late ta it ferjitten fan it bloed fan mear ûnskuldigen as ea it slachtoffer wurden wiene fan demoanen, fampieren en swarte magy. De Ynkwisysje, sa seit er, is de reden dat de Ordo Malleus syn eigen bestean sa geheim hâldt.
Mar no sit der blykber in rotte apel yn 'e koer, en Forthill jout Harry en Michael ynsjoch yn it dossier fan in preester Roarke Douglas, in eardere skerpskutter en aalmoezenier yn it Amerikaanske Leger. Forthill fertelt dat Douglas de lêste jierren feroare is en in foarstanner wurden is fan preëmtive aksje. Hy is ta de oertsjûging kommen dat Harry oan 'e kant fan it kwea stiet en troch bedroch de hillige swurden Fidelacchius en Amoracchius yn 'e hannen krigen hat. Hy hat it lêste jier besocht om 'e lieding fan 'e Ordo Malleus fan syn ideeën te oertsjûgjen en doe't dat net slagge, hat er blykber besletten om op eigen manneboet aksje te ûndernimmen. Nei't Harry him fertelde fan 'e moardoanslach op him, hat Forthill oanhâldend besocht om Douglas te berikken, mar de man jout gjin thús, wierskynlik om't er mient dat Forthill ek net mear te fertrouwen is. Michael wol witte hoe't se him fine kinne, mar Harry is derfan oertsjûge dat Douglas wol kontakt mei harren opnimme sil, mei't Harry noch altyd de beide swurden hat.
Harry kriget gelyk, want dy jûns siket Douglas yndie kontakt. Se prate in lokaasje ôf op it dak fan in flatgebou, dêr't Douglas Alicia fêstbûn hat oan in stoel dy't tarist is mei in bom. Hy hat in deademansknop yn 'e hân; as er dy loslit, giet de bom ôf, dus Harry kin gjin tsjoenderij tsjin him brûke. Harry smyt him de tas mei de beide swurden ta. As Douglas dy iepenet, giet de smookgranaat ôf dy't Michael yn 'e tas oanbrocht hie. Harry makket fan dy ôflieding gebrûk om Douglas op 'e hûd te springen en him de deademansknop te ûntwrakseljen. Wylst Harry Alicia befrijt, naait Douglas út mei de beide swurden. Harry draacht de oerstjoere Alicia oer oan Molly en set de efterfolging yn. Troch in stik ôf te snijen, hellet er Douglas yn en de beide mannen wrakselje om de swurden. Douglas lûkt Fidelacchius en sil Harry deadzje, mar op dat stuit arrivearret Michael, dy't Harry it libben rêdt. Sûnder Amoracchius sels mar út 'e skie te heljen, parearret er achteleas de slaggen fan Douglas, wêrnei't er de preester mei in honkbalkneppel yn 'e kunde komme lit. Harry hâldt syn freon tsjin ear't Michael de man deaslaan kin.
Neitiid nimme se de bewusteleaze Douglas mei nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't se him oerdrage oan 'e Ordo Malleus yn 'e foarm fan pastoar Forthill. Wylst Michael, dy't tsjin dy tiid wer ta himsels kommen is, de pastoar helpt by it fersoargjen fan 'e wûnen dy't er Douglas sels tabrocht hat, lûkt Harry him mei in flesse whiskey werom op 'e kreake, dêr't er de saak nochris oertinkt. Fan it iene op it oare stuit sit dêr in âldere man yn 'e klean fan in skjinmakker njonken him, mei op it boarst de namme "Jake". Harry hat him earder met, en wit dat er eins net Jake, mar Uriël hjit. De aartsingel leit Harry wat dingen út oer de saak, en as Harry freget wat der mei Douglas barre sil, antwurdet Uriël dat dat foar it meastepart oan Douglas sels leit. Hooplik sil er syn flaters akseptearje en syn libben betterje.
Uriël fertelt Harry fierders dat er better ophâlde kin mei him skuldich te fielen oer de operaasje wêrby't Michael ynfalide rekke is (sjoch: Small Favor). Harry seach dat de Walkuere (de kiezer fan 'e fallenen) har oandacht op Michael fêstige, en dêrom stjoerde er syn freon yn syn eigen plak omheech nei de helikopter. Wylst er warleas yn 'e loft hong, waard Michael trochsingele mei kûgels. Uriël leit him út dat Harry sels deade wêze soe as er him optakelje litten hie doe't it syn beurt wie, en dat Michael dan dêrtroch ek omkommen wêze soe. Ja, Michael syn tiid as Ridder fan it Swurd is no foarby, mar hy is mear by syn gesin en hy hat noch nea lokkiger west. Harry tinkt dêr ris even oer nei en besiket dan ta Uriël syn ûntsteltenis foar de saak-Roarke wurklean en ûnkosten yn rekken te bringen oan 'e Heare God Almachtich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |