Day Off (koart ferhaal)
Day Off | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2008 | |
oarspr. útjwr. | Simon & Schuster | |
bondel | Blood Lite Side Jobs | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Day Off is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Frije Dei". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet it tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat. Yn Day Off hat tsjoender en privee-detektive Harry Dresden einlings en te'n lêsten ris in frije dei, dy't er fan doel is te brûken om op in ôfspraakje te gean mei Anastasia Luccio. Syn plannen wurde lykwols fersteurd troch ûnfoarsjoene foarfallen. Butcher skreau Day Off foar de blomlêzing Blood Lite dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. (It ferhaal hat dêr trouwens de titel Harry's Day Off.) Blood Lite waard yn 2008 ûnder redaksje fan Kevin J. Anderson útjûn troch Simon & Schuster. Yn 2010 waard Day Off werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Einlings en te'n lêsten hat Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive yn Chicago, ris in dei frij: gjin lessen foar syn tsjoenderslearlinge, gjin putsjes foar de Wite Ried fan Tsjoenderij, gjin reiskes nei oare plakken foar it Paranet, gjin saken dêr't er as privee-detektive oer gear moat, gjin skulden om yn te lossen oan keninginne Mab fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten, gjin fampieren of trollen of ogers of oare meunsters om te bestriden, hielendal neat. Hy makket dêrom plannen foar in dei mei Anastasia Luccio, in oare warder fan 'e Wite Ried, mei wa't er foar it earst ris in normaal ôfspraakje trochbringe wol.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It spul begjint de jûns fan tefoaren al mis te rinnen, as Harry nei midsnacht thúskomt en dêrom ornearret dat syn frije dei al begûn is. Hy wurdt opwachte troch in fiiftal tsieners yn in swart buske dat beskildere is mei baarnende skedels en geitekoppen yn pentagrammen, dy't tefolle Harry Potter-films sjoen hawwe en miene dat se tsjoenders binne. It docht bliken dat Harry ferline wike, doe't er op ien fan reiskes foar it Paranet nei New Orleans ta roppen waard, in frou befrijd hat fan in ferflokking dy't oer har útsprutsen wie troch de lieder fan it sneue kwintet. (It Paranet is in organisaasje fan lju mei paranormale jeften dy't lykwols net sterk genôch binne om yn 'e Wite Ried fan Tsjoenderij opnommen te wurden.) Harry sjocht dêr wol fan op, want de 'ferflokking' stelde sa'n bytsje foar dat er it oansjoen hie foar willekeurich ûngelok en it suveringsritueel inkeld útfierd hie om 'e leden fan it Paranet sjen te litten hoe't se it yn it ferfolch sels dwaan koene. De lieder fan it groepke risselwearret foar in magysk duël en hjit Harry mei in dramatysk gebeart om himsels te ferdigenjen as er dat kin. As Harry dêrop kâldwei syn revolver út 'e bûse te foarskyn hellet, dript it klubke gau-gau ôf, hoewol't de lieder Harry noch witte lit dat er Harry syn "doem" is.
As Harry om fiif oere de oare moarns de foardoar fan syn appartemint slaan heart, sjit er kjel fan bêd ôf, mar it blykt syn learlinge Molly Carpenter te wêzen. Harry bringt it fanke tebinnen dat der hjoed gjin lessen binne, mar Molly hat it yn 'e holle krigen dat se op eigen manneboet yn Harry syn laboratoarium oan 'e gong sil mei it brouwen fan toverdrankjes. Harry besiket har dat te ûntpraten, mar as Molly seit dat se syn hûn Mouse útlitte kin sadat Harry net betiid fan syn ôfspraakje mei Anastasia thús hoecht te kommen, leit er him der by del en giet er wer op bêd. Neitiid fersliept er him, en as er wekker wurdt, sjocht er dat er noch mar in healoere hat om ree te kommen foar syn ôfspraakje mei Anastasia. Wylst er fluch-fluch in dûs nimt, wurdt it appartemint op syn grûnfêsten skodde troch in ûntploffing yn it laboratoarium. As Harry wiet en neaken op ûndersyk útgiet, hâldt Molly út dat der neat oan 'e hân is, ek al stiet it hiele appartemint folle blauwe en rôze reek. Ut klearebare hastigens lit Harry har gewurde.
Hy hat noch mar krekt it skearen dien, wêrby't er him troch de haast op ferskate plakken snien hat, as der oanbelle wurdt. Foar de doar steane twa neakene jongelju, Kirby en syn freondinne Andi, dy't leden binne fan 'e Alpha's, in pleatslike ridel jonge wearwolven dêr't Harry as mentor foar fungearret. Se binne dúdlik yn harren wolvefoarm nei Harry syn appartemint ta kommen en hawwe harsels yn minsken feroare foar't se oanbellen. Frustrearre byt Harry harren ta dat er in frije dei hat, mar it pear is ferlegen fan jûkte en dêrom de wanhoop nei-oan. As Harry se deryn lit, docht bliken dat se flieën hawwe; alteast, dat tinke se. In koart ûndersyk leart Harry dat it eins om psychofagyske miten giet. Dat binne boppenatuerlike parasiten út 'e parallelle wrâld fan it Nevernever, dy't harren slachtoffers oansette ta primitive gedrachspatroanen (lykas it bedriuwen fan seks en geweld), en harsels fiede mei de lichemsenerzjyen dy't dat opwekket. Harry brekt him der de holle oer hoe't se de parasiten oprûn hawwe kinne, mei't dy dingen inkeld ôfkomme op hiele spesifike soarten enerzjy en de slachtoffers tagelyk dêrmei gebrûk makke hawwe moatte fan magy. De jonge wearwolven Kirby en Andi moatte dan beskamme tajaan dat se "it" letterlik op syn hûntsjes dien hawwe.
Wylst Harry even ôflaat is troch Molly, dy't út it laboratoarium yn 'e kelder wei freget oft er ek in brânblusapparaat hat "foar it hypotetyske gefal" dat se dêr ferlet fan hawwe soe, besiket Andi him ûnder ynfloed fan 'e psychofagyske miten te ferlieden. Dat bringt Kirby, ûnder deselde ynfloed, fuortendaliks ta razernij, en hy jout Harry in terwinkel. Harry syn hûn Mouse, in reuseftige Tibetaanske mastyf, komt tuskenbeiden. Dêrop feroaret Kirby himsels yn in wolf. As Harry syn kat Mister dat stuit kiest om troch de keamer te draven, set Kirby daliks de efterfolging yn. Mouse giet efter Kirby oan, en Andi feroaret har ek yn in wolf en set Mouse efternei. Wylst syn húsrie fernield wurdt troch de efterfolging, sjocht Harry dat der in bom troch syn rút smiten wurdt troch de lieder fan it sneue fiiftal fan 'e jûns tefoaren. Hy besiket út alle macht om it ding wer nei bûten te goaien, mar as er troch in botsing mei Kirby omsmiten wurdt, wêrnei't Mouse him by ûngelok mei syn folle gewicht yn it krús wâdet, komt er te let by de bom. Aldergeloks blykt it in reekbom te wêzen, en jitris follet Harry syn appartemint him mei reek, dy't diskear pears fan kleur is.
Harry skuort syn foardoar iepen en smyt it ding nei bûten ta, wylst tagelyk Mister fan 'e gelegenheid gebrûk makket om it appartemint te ûntflechtsjen. Mouse wit einlings Kirby by it nekfel te gripen, wêrnei't er sels by de strôt pakt wurdt troch Andi. Harry tekenet mei kryt gau in sirkel om it trio hinne, dy't er mei magy ôfslút fan alle ynfloeden fan bûtenôf. Dêrtroch wurdt ek de bân tusken de beide wearwolven en harren boppenatuerlike parasiten trochsnien, mei as gefolch dat Kirby en Andi daliks beskamme ta rêst komme en harsels wer yn minsken feroarje. Harry hjit harren en Mouse om yn 'e sirkel te bliuwen, wylst er op ûndersyk útgiet yn syn laboratoarium. Dat stiet noch fol reek, en Molly leit bewusteleas en heal ûntklaaid op 'e flier; se hat har folslein ferrinnewearre boppeklean brûkt om te besykjen in boarreljende plasse sâltsoer op te dweilen. Harry tilt har út 'e kelder wei en reänimearret har op 'e keamersflier. Dat is wat Anastasia Luccio sjocht as se der op dat stuit yn komt: Harry dy't yn in appartemint fol kleure reek skynber in bewusteleas, heal neaken fanke tutet wylst fuortby in neaken pearke tasjocht. Lokkigernôch hat Anastasia in goed gefoel foar humor. It nimt it meastepart fan 'e dei yn beslach om Molly nei it sikehûs te bringen, de aura's fan Andi en Kirby fan boppenatuerlik ûngedierte te ûntdwaan, Harry syn appartemint út te wierjen en syn rút meitsje te litten. Tsjin 'e jûn, as er einlings allinne mei Anastasia is, hat er it straal yn om't er him de dei oars foarsteld hie. Anastasia leit him in finger op 'e lippen en seit dat de dei noch net om is. En dan ferfangt se de finger troch har eigen lippen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |