Springe nei ynhâld

Something Borrowed (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Something Borrowed
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2006
oarspr. útjwr. St. Martin's Griffin
bondel My Big Fat Supernatural
   Wedding

Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Something Borrowed is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "wat dat liend is", en ferwiist nei in Ingelsk rymke oer guod dat de breid op har troudei drage moat: something old, something new, something borrowed, something blue ("wat âlds, wat nijs, wat dat liend is en wat blaus"). It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet it tusken de foarfallen yn 'e romans Dead Beat en Proven Guilty. Yn Something Borrowed moat tsjoender en privee-detektive Harry Dresden de trouwerij fan in pear fan syn freonen rêde as alles ferskriklik mis driget te rinnen troch tadwaan fan in âlde fijân. Butcher skreau Something Borrowed foar de blomlêzing My Big Fat Supernatural Wedding, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. It boek waard yn 2006 ûnder redaksje fan P.N. Elrod útjûn troch St. Martin's Griffin. Yn 2010 waard Something Borrowed werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Something Borrowed iepenet as Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, him noch op 'e troudei in smoking oanmjitte lit, sadat er fungearje kin as tsjûge fan 'e brêgeman. Dy brêgeman is Billy Borden, de lieder fan 'e Alpha's, in ridel jonge wearwolven dêr't Harry al jierren in soarte fan mentor foar is, en de breid is Georgia, in oar lid fan 'e Alpha's. Kirby, de oarspronklike tsjûge, leit mei twa brutsen skonken en in kniesde rêchbonke yn it sikehûs nei't Harry en Billy-en-dy de foargeande jûns ûnderweis nei hûs fan it frijfeintefeest yn dronken steat in ghoul te liif gien binne. Wylst er yn syn ûnderbroek op in krukje stiet en him mei spjelden yn 'e hûd omprippe lit troch de skroar, hat Harry in lulke konfrontaasje mei Eve, de styfmem fan Georgia, dy't er eefkes goed it mannewaar opseit as se him útmakket foar in sjarlatan.

Wylst Billy neitiid de poerrazen fuortrûne Eve efternei giet om te sjen oft der noch wat te behimmeljen falt, stjoert er Harry derop út om te sjen wêr't Georgia bliuwt, dy't har tillefoan net opnimt. Harry ferwachtet dat Georgia yn it sikehûs omhinget om Kirby selskip te hâlden, mar as er dêr komt, ûntdekt er dat Kirby noch gjin besite hân hat. Dêrop bejout Harry him nei it appartemint fan Billy en Georgia, dat folslein ferrinnewearre blykt te wêzen troch in fjochtpartij. Op dat stuit beseft Harry dat er ferlet hat fan fersterking, en skillet er syn freondinne Karrin Murphy, dy't by de Plysje fan Chicago wurket. Murphy komt op har frije sneon daliks del en hellet ûnderweis wat guod op by Harry syn appartemint, wêrûnder syn toverstêf en in rêchsek dêr't de skedel fan Bob yn sit. Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in minsklike skedel bewennet dy't ornaris op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium leit. As Harry Bob foar 't ljocht hellet, is dat de earste kear dat Murphy Bob moetet, mar se hat troch de jierren hinne mei Harry al safolle belibbe, dat se der suver amper noch fan opsjocht.

Bob stelt fêst dat der in sterke ierdgeast yn it appartemint west hat. Harry besiket Billy op te skiljen om him oer Georgia har fermissing yn te ljochtsjen, mar de ferbining is sa min dat Billy him net ferstean kin. Hy is lykwols opluchte, fertelt er Harry, want Georgia is einlings opdaagjen kommen, dat de trouwerij kin heve en Harry moat mar gau weromkomme. As Harry lykwols neitiid mei in hier fan Georgia har hierboarstel in opspoaringstsjoen útfiert, fertelt de magy him dat Georgia har súdlik fan it appartemint befynt, wylst it eksklusive resort dêr't de trouwerij holden wurde sil, noardlik fan it appartemint leit. Dat betsjut dat it iene of oare wêzen, wierskynlik de ierdgeast dy't Bob yn it appartemint gewaar wurden is, it plak fan Georgia ynnommen hat. Om't it noch in pear oeren duorret ear't it oan 'e trouwerij ta is en Georgia no help nedich hat, geane Harry, Murphy en Bob earst efter har oan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei lang sykjen fine se har werom ûnder de binnenstêd fan Chicago, dêr't it optilt fan 'e tunnels. (De stêd sakke mear as hûndert jier lang oanhâldend wei yn 'e sompen, dat der binne hiele gebouwen weisakke dêr't oerhinne boud is. Letter groef de maffia ûnder de Drûchlizzing tunnels foar de smokkel en yllegale ferkeap fan alkohol, yn 'e 1950-er en 1960-er jierren groeven bewenners skûlkelders foar in mooglik kearnoarloch en de oerheid hat metrotunnels oanlein en wurktunnels om 'e metrotunnels te ûnderhâlden, en gean samar troch.) Georgia leit stil, skynber yn 'e sliep, op in stien dy't omjûn is troch diel fan 'e tunnel dat ûnder wetter stiet. As se te ticht by it wetter komme, sjitte der tsientallen shellycobbs te foarskyn, grutte krab-eftige wêzens, dy't harren oanfalle. Harry hâldt de wêzens mei fjoer op in ôfstân, wylst er in krêftfjild plat oer it wetter leit. Murphy draaft dêroerhinne nei de stien en wer werom mei Georgia oer it skouder. Dêrnei spylje se fan rutens ear't de shellycobbs harren te pakken krije kinne.

Werom yn Murphy har auto stelt Bob fêst dat Georgia ûnder in betsjoening fan sliep brocht is, en dat inkeld in tút fan har wiere leafde, Billy, har wekker meitsje kin. In probleem is, dat dat net mear wurket as Billy mei in oar trout, om't dat, alteast foar it doel fan it ferbrekken fan 'e betsjoening, de oprjochtens fan syn leafde oantaaste soe. Dat se moatte by de trouwerij sjen te kommen foar it krúsjale ûnderdiel. En dat is neffens Bob net it dwaan fan 'e trou-ûnthjitten of it útwikseljen fan 'e trouringen, mar it tútsjen fan 'e breid troch de brêgeman oan 'e ein fan 'e seremoanje. Murphy riidt as in mâlenien en soarget dat se binnen tweintich minuten yn it resorthotel binne dêr't de trouwerij holden wurdt. Dêr kriget Harry lykwols te meitsjen mei in nij probleem as er opwachte wurdt troch Georgia har styfmem Eve, dy't út poere wraak foar wat Harry earder tsjin har sein hat, de befeiliging fan it hotel op him ôfstjoert om him bûten de trouseal te hâlden. Harry wit tusken de beide poatige befeiligingslju troch te dûken, mar fierder as in pear meter yn 'e seal komt er net ear't se him tsjin 'e grûn wurkje. Om't de trouwerij hast op syn ein rint en Billy op it punt stiet om 'e breid te tútsjen, beslút Harry ta drastyske maatregels en stjoert mei in toverspreuk in striel fjoer nei it plafon ta, sadat de sprinklerynstallaasje oan giet.

De wietsproeide houliksgasten spatte alle kanten út, mar wat wichtiger is: streamend wetter lit magyske enerzjy fuortrinne. Dêrtroch ferliest de breid har falske uterlik, en sjocht Billy dat er op it punt stie om Jenny Greenteeth te tútsjen, in hege Sidhe fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten. Dat is in trewant fan 'e Frouwe fan 'e Winter, Maeve, mei wa't Harry en de Alpha's it in pear jier earder ris oan 'e stôk hân hawwe (sjoch: Summer Knight). As Jenny Greenteeth in wraam op him docht, wit Billy op 'e tiid fuort te kommen. Dêrnei makket se lykwols skonken yn 'e rjochting fan it parkearterrein, dêr't Murphy mei de warleaze Georgia yn 'e auto wachtet. Harry en Billy sette de efterfolging yn, mar as se by de auto oankomme, leit dy al op syn kant sûnder dat der ien yn sit. Se folgje in spoar fan ferneatiging nei in feesttinte ta, dêr't Jenny Greenteeth op dat eigenste stuit Murphy besiket te ferdrinken yn in grut komfol fruchtepunch. Harry triuwt har by de bewusteleas rekke Murphy wie, mar rekket dan sels yn 'e swierrichheden. As Jenny Greenteeth him mei it gesicht yn 'e punchkom triuwt, freget er him ôf oft er sa einigje sil.

Mar ûnderwilens hat Billy Georgia wekker tute, en in pear tellen letter wurdt Jenny Greenteeth oanfallen troch twa hiel grutte en hiel lulke wolven. De ierdgeast besiket noch út te naaien, mar safier litte de wearwolven it net komme. Wylst Billy en Georgia ôfweve mei Jenny Greenteeth reänimearret Harry Murphy, dy't al rillegau proestend en hoastjend wer by bewustwêzen komt. Billy en Georgia wurde dyselde jûns noch troud troch pastoar Anthony Forthill, yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels. Dêr binne inkeld Harry en Murphy by, as tsjûgen, mei't Billy en Georgia foar de rest fan 'e wrâld ommers dy middei yn 'e trouseal fan it resorthotel al troud wiene. Diskear wachtsje se net oant de pastoar it seit foar't se inoar tútsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Something Borrowed, yn: Elrod, P.N., (red.), My Big Fat Supernatural Wedding, New York, 2006 (St. Martin's Griffin), ISBN 0 31 23 43 604.
  • Butcher, Jim, Something Borrowed, yn: Butcher, Jim, Side Jobs, New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases