Ghost Story (roman fan Jim Butcher)
Ghost Story | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2011, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Dresden Files | |
● foarich diel | Changes | |
● folgjend diel | Cold Days | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 63 79X |
Ghost Story is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Spûkferhaal". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it trettjinde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Changes. Oan 'e ein fan dat boek waard Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, deasketten. Yn Ghost Story moat er as spûk syn eigen moard oplosse. Ghost Story waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, is dea. Hy is troch in slûpskutter yn 'e haven fan Chicago delsketten (sjoch: Changes) op 'e boat de Water Beetle, fan syn healbroer Thomas Raith, en is doe oerboard fallen en stoarn oan bloedferlies of ferdrinking (dat wit er sels net). As er wer ta himsels komt, befynt er him yn in aparte, spûkeftige en lege ferzje fan Chicago dy't er "it Tusken-Chicago" neamt. Dêr moetet er Ron Carmichael, foarhinne resjersjeur by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department en de partner fan Harry syn goede freondinne Karrin Murphy. Carmichael is al mear as tsien jier dea, nei't er ombrocht waard troch in mâle loup-garou (sjoch: Fool Moon). Hy nimt Harry mei nei in troch beskermingels bewekke plysjeburo dêr't plysjelju út Chicago fan 1840 oant no oan it wurk binne. Dêr komt Harry yn 'e kunde mei it burohaad, in man dy't himsels "kommissaris" of "Jack" neame lit, en dy't neitiid kommissaris Colin J. Murphy blykt te wêzen, Karrin Murphy har heit, dy't mear as tritich jier lyn selsmoard dien hat.
Kommissaris Murphy leit Harry út dat er him tusken de wrâld fan 'e libbenen en it hjirneimels yn befynt, en dat er net fierder kin nei himel of hel om't der "ûngeregeldheden" wiene yn ferbân mei syn dea. Koartsein: de "oare kant" (Satan en syn trewanten) wiene derby belutsen en se hawwe falskspile. Harry syn iennichste kâns om net foargoed yn it Tusken-Chicago fêstsitten te kommen, is om as spûk werom te kearen nei de wrâld fan 'e libbenen, dêr't er syn eigen moard oplosse moat. Dêrby sil er lykwols gjin beskikking oer tsjoenderij hawwe en mar in hiel lyts bytsje fermogen om mei libbene minsken te kommunisearjen en fysike dingen te beynfloedzjen. As it him net slagget om syn misje te folbringen, sil er boppedat foar ivich as spûk yn 'e wrâld fan 'e libbenen fêstsitte. Harry fielt eins hielendal neat foar soks, om't er fynt dat er wol genôch dien hat yn syn libben en dat er as deade einlings fan in wolfertsjinne rêst genietsje moatte kinne soe. As Murphy lykwols fertelt dat trije minsken fan wa't Harry hâldt, troch slim kwea troffen wurde sille as er syn eigen moard net oplost, jout Harry ta.
Mei't er útkieze mei wêr't er yn it echte Chicago ôfset wurdt, lit Harry him nei it hûs fan it medium Mortimer Lindquist bringe, dêr't er by jûn arrivearret. Lindquist is ien mei wa't er ferskate kearen earder gedoente hân hat (sjoch: Grave Peril, Death Masks en Dead Beat), hoewol't se net op al te bêste foet mei-inoar steane. Nettsjinsteande dat is de leffe lytse kealjende man Harry syn iennichste hoop om syn misje te folbringen. It hûs fan Lindquist blykt bewekke te wurden troch in twahûndert jier âld spûk fan ien fan syn foarâlden: kaptein sir Stuart Winchester fan 'e Koloniale Mariniers. Dy wol Harry earst net talitte, mar it is in sympatyk man en Harry kin him lokkigernôch mei wurden wol oer. Under harren petear docht bliken dat Harry al seis moannen dea is. Dat wol him suver net oan, mei't it foar syn gefoel amper in oerke lyn is dat er delsketten waard. Boppedat is Chicago oerdutsen troch tsjûk pak snie. Mei't Harry yn novimber stoarn is, soe it dan no maaie wêze moatte. Sir Stuart befêstiget dat en jout oan dat meteorologen út 'e hiele wrâld har besauwe oer it ûntidige winterwaar dat de stêd yn syn gryp hâldt.
Wylst se steane te redendielen wurdt Harry oanfallen troch in skym, in spûk dat syn identiteit ferlern hat en inkeld noch hongerich is nei de oantinkens fan oaren. Sir Stuart rêdt Harry syn 'libben' en bringt him dan by Lindquist. Dyselde wol alhiel neat witte fan help oan Harry. Hy mei Harry net lije, it kin him neat skele wat Harry fan him wol, en hy wol út noch yn net by Harry syn gefaarlike aventoeren belutsen reitsje. As it hûs oanfallen wurdt troch in kliber skimen dy't sammele binne troch guon lemurs (spûken dy't harrensels mei opsetsin oerjûn hawwe oan it kwea), is Harry der tsjûge fan hoe't sir Stuart en in legerke oare spûken de wente ferdigenje. It docht bliken dat de lemurs dy't de skimen brûke sels wer oanstjoerd wurde troch in yn in grize mantel klaaide ferskining dy't Harry by himsels de Grize Geast neamt.
As dat wêzen sir Stuart driget te 'deadzjen', grypt Harry yn en rekket er yn in fûstgefjocht mei it wêzen behelle. De Grize Geast ropt in swevende skedel ta syn help op, wêryn't Harry syn freon Bob weromken, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewenne op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Sir Stuart wit sawol de skedel as de Grize Geast op 'e flecht te jeien troch te bluffen. Neitiid sjogge de spûken ta hoe't in libbene ynbrekker de doar fan it hûs forsearret en himsels in paad nei binnen ta ferskaft. Tsjin libbene fijannen kinne se neat dwaan. Harry warskôget Lindquist, dy't suver yn panyk rekket as er heart dat der in wapene ynslûper yn syn hûs is. As Harry stroffelet en boppe-op, of eins yn, Lindquist falt, ûntdekt er dat er, as er him yn it lichem fan in libbene befynt, syn tsjoenderij weromkriget. Hy brûkt in betsjoening om Lindquist te beskermjen as de ynbrekker krekt op dat stuit besiket it medium dea te sjitten. Neitiid smyt Lindquist Harry út syn lichem wei en ropt ynstee inkele oare spûken nei him ta, ûnder wa sir Stuart. Mei harren kennis fan man-tsjin-mangefjochten weeft er mei de ynbrekker/slûpmoardner ôf.
Neitiid slút Lindquist ûnder bemiddeling fan sir Stuart in oerienkomst mei Harry: as Harry him helpt om út te finen wa't him blykber dea hawwe wol, sil er Harry helpe om kontakt te meitsjen mei syn freonen. Harry lit him troch Lindquist en sir Stuart nei it hûs fan Karrin Murphy bringe, in eardere resjersjeur fan it Chicago Police Department dy't har baan kwyrekke is om't se Harry te faak holpen hat (sjoch: Changes). Dêr oankommen sjocht Harry in frjemde auto stean, dat hy giet earst allinne op ûndersyk út. Hy sjocht troch it rút hoe't Murphy ûnderhannelet mei Childs, in assistint fan "Gentleman Johnnie" Marcone, de maffiabaas fan Chicago, en ûntdekt ek dat syn kat Mister no by Murphy ynwennet.
Letter is er tsjûge fan in gearkomste fan Murphy mei ferskate âlde bekenden: Will Borden en oare leden fan 'e Alpha's, de pleatslike ridel wearwolven; Abby, in licht paranormaal bejeftige frou dy't in fertsjintwurdiger is fan it Paranet, in lanlike organisaasje fan sokke lju dy't Harry mei-oprjochte hat (sjoch: White Night); Daniel Carpenter, de âldste soan fan Harry syn freon Michael Carpenter; en pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels. Ek oanwêzich is Felicia, dy't it Wite Hôf fan 'e fampieren fertsjintwurdiget. Hoewol't Harry hearre kin wêr't se it oer hawwe, kin er der net in protte fan neikomme; der liket yn it heal jier sûnt syn dea in protte feroare te wêzen. Wol makket er út harren praat op dat de groep kontakten ûnderhâldt mei Marcone, warder Carlos Ramirez fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij en Harry syn eardere faam, de tsjoenster Elaine Mallory.
Nei ôfrin fan 'e gearkomste makket Harry mei Lindquist as kommunikaasjekanaal kontakt mei Murphy. Dy hie harsels al dy tiid foarholden dat Harry noch yn libben wêze moast om't syn lyk nea fûn wie, dat it nijs fan syn dea komt by har hurd oan. Se ropt in stikmannich freonen werom om Lindquist fragen te stellen dêr't inkeld Harry it antwurd op witte kin, om sa fêst te stellen dat it medium echt oan it tolkjen is foar Harry syn geast en harren net op 'e iene of oare manear besiket te bedragen. Om hielendal wis fan har saak te wêzen, hellet Murphy úteinlik Molly Carpenter derby, Harry syn tsjoenderslearlinge. As tsjoenster hat sy it fermogen om streekrjocht mei Harry te kommunisearjen, en se befêstiget dat hy it wier is.
Molly, dy't yn de slach by Chichén Itzá (sjoch: Changes) yn har boppeskonk sketten wie, is it lêste healjier bot feroare. Om't se troch de Wite Ried fan Tsjoenderij inkeld akseptearre waard salang't Harry har de hân boppe de holle hold (sjoch: Proven Guilty), is se foar dy organisaasje no in sochte krimineel. Hoewol't de warders it op 't heden te drok hawwe om folle tiid oan har opspoaring te besteegjen, ferbliuwt Molly sa min mooglik op ien plak en sliept se op 'e strjitte. Trochdat Harry yn Chichén Itzá it hiele Reade Hôf fan 'e fampieren yn ien kear útskeakele hat (sjoch: Changes), op mooglik inkelen fan 'e alderjongsten nei, is der in machtsfakuum ûntstien yn 'e boppenatuerlike wrâld. Ferskate boppenatuerlike naasjes en faksjes binne deilis rekke om dat gat op te foljen, wêrby't de Fomoaren fierhinne as winner út 'e bus kommen binne. De Fomoaren binne gjin oangename wêzens, en se lykje it fersjoen te hawwen op lju mei paranormale jeften, dy't se om ûnbekende redens finzennimme en ûntfiere nei harren ûnderwetterwrâld, wêrnei't der nea wer wat fan dy persoanen fernommen wurdt (sjoch: Aftermath). Plakken dy't ûnder beskerming fan in tsjoender steane, fergiet it yn 'e nije reäliteit better as oare plakken, en om't Molly no de iennichste tsjoender is yn Chicago, hat sy de mantel fan beskermer fan 'e stêd opnommen. Se hat it foar de moade om lapkes stof efter te litten as se mei in fijân ôfweeft, en wurdt dêrom no "de Foddefrou" neamd. Har freonen sitte oer har yn, om't se dúdlik psychyske problemen hat en net mear mei folslein spul kaarten liket te spyljen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Harry freget Molly yn bedutsen termen nei syn dochter Maggie (sjoch: Changes) en sy antwurdet dat alles goed mei it famke is en dat Harry syn grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse by har is. Wylst Harry-en-dy noch sitte te praten fynt der in drive-by shooting plak, wêrby't Murphy har hûs mei mitrailleurs ûnder fjoer nommen wurdt. Sir Stuart en Harry, de iennichste beide oanwêzigen dy't ûnkwetsber binne foar kûgels, hastigje har nei bûten ta. Spûken kinne net folle yn 'e fysike wrâld beynfloedzje; se kinne bgl. noch gjin sint oppakke. Mar komplekse masines mei in protte ûnderdielen dy't al yn beweging binne, kinne se wol manipulearje. Sir Stuart lit Harry sjen hoe't dat moat troch de auto fan 'e sjitters yn 'e etalaazje fan in winkel ride te litten.
Wylst sir Stuart him wer by Lindquist jout, folget Harry de sjitters, dy't har rinnend út 'e fuotten meitsje. It blike allegear teenagers te wêzen, en harren lieder is in jonge fan in jier as santjin dy't Fitz hjit. Harry folget harren nei in rynkrank leechsteand fabryksgebou, dêr't er, as er tsjin himsels praat, ûntdekt dat Fitz in beskate paranormale gefoelichheid hat dy't him by steat steld om Harry te hearren (mar net te sjen). De teenerjonges binne de helpkes fan in warlock dy't himsels Aristedes neamt, dy't harren sa ûnder syn ynfloed brocht hat dat it suver in sekte wurden is. Inkeld Fitz liket fierhinne ymmún te wêzen foar syn swarte magy. Aristedes is der min oer te sprekken dat Fitz de mitrailleurs, dêr't er safolle foar betelle hat, yn in sniebank efterlitten hat om't se net rinnende mei de wapens troch de stêd koene. Hy bestraft Fitz troch de jonge te mishanneljen en keart him dan de rêch ta. Harry sjocht dat Fitz op it punt stiet om te besykjen en bring Aristedes om hals, mar hy beseft ek dat de warlock dêr krekt op stiet te wachtsjen. Hy warskôget Fitz en rêdt sa dy syn libben. Neitiid stjoert Aristedes Fitz fuort om 'e wapens op te heljen, en Harry riedt him oan om dat de oare jûns nei tsjuster te dwaan. Hy ûnthjit de jonge dat er him helpe sil.
Tsjin dy tiid is it inkele minuten foar sinne-opgong. Dy tiid fan 'e dei stiet, magysk sjoen, foar in nij begjin. Betsjoenings dy't dêroan bleatsteld wurde, hâlde op te bestean. Ek spûken dy't by sinne-opgong gjin deugdlik skûlplak fûn hawwe, wurde yn it neat wei. Harry hastiget him dêrom nei it Graceland Cemetery, dêr't in fijân fan sines dy't al lang dea is, ris by wize fan bedriging in grêf foar him kocht hat (sjoch: Grave Peril). Harry wit krekt op 'e tiid syn grêf te berikken, dêr't er feilich is foar de gefolgen fan 'e sinne-opkomst.
De folgjende jûns bejout er him wer nei it hûs fan Mortimer Lindquist, dat er yn ljochte lôge oantreft. Hy fynt wat der oer is fan sir Stuart yn 'e eftertún, dêr't it âlde spûk yn in mûklaach rûn is: hy is fêstset yn in magyske sirkel en doe yn 'e brân stutsen (want fjoer is foar spûken like gefaarlik as foar libbene minsken). It grutste part fan syn lichem is fuortbaarnd. Sir Stuart fertelt Harry dat de Grize Geast diskear al by de jûnsskimer delkaam mei in stikmannich libbene mannen by him, dy't it hûs yn 'e brân stutsen en Lindquist ûntfierden. Hy jout Harry syn reuseftige achttjinde-iuwske pistoal, dêr't er skimen mei deadzje koe troch syn eigen aaklikste oantinkens op harren ôf te sjitten. It pistoal is eins ûnderdiel fan it spûk, en dat er it Harry jout, kin dan ek beskôge wurde as in tige gewelddiedige foarm fan selsskeining, as soe in libbene minsken himsels de hân ôfhouwe. Sir Stuart seit dat Harry no Lindquist rêde moat, om't hy it sels net mear kin. Lindquist hie nammentlik tsientallen spûken fan gewelddiedige moardners in thús jûn, sadat se rêst fûnen; no't syn hûs ferwoastge is, sille dy sûnder yngripen fan it medium wer ta har âlde wegen ferfalle. Sokke sljochtsinnige spûken kinne no krekt wól de fysike wrâld beynfloedzje, wat betsjut dat der deaden falle sille as Lindquist se net wer delbêdet. Sir Stuart hat wachte om dat tsjin Harry te sizzen; as er himsels neitiid 'genêst', blykt der nammentlik te min fan him oer te wêzen om syn identiteit te behâlden. Sir Stuart hat dan wol hiel syn liif en lidden wer, mar hy wit inkeld by fleagen noch wa't er wie, en is nei eigen sizzen doemd om stadichoan wei te wurden ta de ferjitnis, krekt as de measte spûken dogge.
Fuort neitiid wurdt Harry oanfallen troch trije lemurs, dy't him útinoar begjinne te skuorren om syn oantinkens te ferslinen. Hy wurdt rêden as syn freon Waldo Butters him by it hûs fan Lindquist siket. Butters is in patolooch-anatoom dy't jierren lyn by Harry syn aventoeren belutsen rekke is (sjoch: Death Masks). Nei Harry syn dea blykt Murphy oan him de soarch taparte te hawwen foar Bob, de elemintêre geast mei in yngeande kennis fan magy. Butters freget Bob om Harry te rêden, wat de geast as tastimming opfettet om 'e lemurs útinoar te skuorren. Hy garret alle oantinkens byinoar dy't se Harry ûntnommen hawwe en fuorret dy Harry op, sadat er wer folslein wurdt (of alteast, sa folslein as in spûk mar wêze kin).
Underweis nei wat Butters de 'Alliânsje fan Chicago' neamt, leit er oan Harry út dat hy en Molly in fariaasje betocht hawwe op in apparaat dat Harry sels ea ris yn 'e saak fan 'e Nachtmerje (sjoch: Grave Peril) brûkt hat. Dat wurket min ofte mear as in babyfoan, wêrmei't er Harry hearre kin. Dêropta kin er Harry ek sjen as Bob as in soarte fan libbene bûslampe 'geasteljocht' útsmyt. As Harry him ûnderstiet oer wêr't se hinne geane, leit Butters fierders út dat de Alliânsje fan Chicago in organisaasje foar de ferdigening fan 'e stêd tsjin boppenatuerlike gefaren is (benammen de Fomoaren), dy't oprjochte is troch "Gentleman Johnnie" Marcone. Harry is der net botte wiis mei om te hearren dat syn freonen gearwurkje mei Marcone, al moat er tajaan dat de maffiabaas in man fan syn wurd is. Boppedat hat er yn 'e boppenatuerlike wrâld wat yn 'e molke te krommeljen om't er inkele jierren earder mei help fan Harry ien fan 'e ûndertekeners wurde is fan 'e Unseelie Akkoarten (sjoch: White Night), dy't de ûnderlinge relaasjes tusken de boppenatuerlike naasjes regelje.
As Harry oan Bob de ferskining foarleit fan 'e swevende skedel dy't de Grize Geast te help kaam, ornearret Bob dat dat it diel fan him wêze moat dat er amputearre hat. It befette de tige gefaarlike kennis dy't er opdien hie yn syn tiid as tsjinner fan 'e sljochtsinnige warlock Kemmler. Doe't Harry dy kennis ris oansprekke woe, bliek dêr ek in totaal oare persoanlikheid fan Bob mei mank te gean, dy't Harry op in hier nei fermoarde (sjoch: Dead Beat). Neitiid befelle Harry Bob om 'e oantinkens oan syn tiid mei Kemmler wer fuort te stopjen en nea wer foar 't ljocht te heljen, lykfolwa't him dêr ek opdracht ta jaan mocht. Om derfoar te soargjen dat er dat net dwaan koe, ek al soe in oare takomstige master him dêrta befelje, snie Bob dat diel fan him doe fuort. It liket derop dat Bob dêrmei syn boasaardige alter ego ta in selsstannige geast makke hat, dy't Harry by himsels 'Boaze Bob' neamt.
Butters wol it nochris hawwe oer Molly. Harry hie al begrepen dat syn eardere learlinge psychysk yn 'e knoop siet, mar Butters leit út dat it wol justjes slimmer is. Der binne santjin 'gewoane' minsken fermoarde by wa't in lapke stof efterlitten is: Molly har fisitekaartsje. It wie allegear túch fan 'e richel, mar it is dúdlik dat immen Molly hohâlde litte moat.
It haadkertier fan 'e Alliânsje fan Chicago (formeel it 'Genoatskip foar in Bettere Takomst'), is fêstige yn in gebou dat de midden hâldt tusken in bunker en in kastiel. Dat is boud op persiis it plak dêr't foarhinne it appartemintegebou stie dêr't Harry wenne. Behalven haadkertier is it ek in arsenaal, in sliepplak foar paranormaal bejeftige lju dy't op trochreis binne, in finzenis foar wêzens mei boppenatuerlike krêften dy't net troch de plysje fêstholden wurde kinne, en in berneopfang foar de bern fan paranormaal bejeftige âldelju. It wurdt bewekke troch in stikmannich einherjaren dy't Marcone ynhierd hat fan Monoc Securities, it befeiligingsbedriuw fan Donar Vatterung (dy't eins de god Odin is). Harry is sawol ûnder de yndruk as tige yrritearre, net inkeld fanwegen de yngeande belutsenens fan Marcone, mar ek om't it gebou yn it plak kommen is fan syn âlde thús.
Yn it haadkertier oerleit Harry mei Butters en Murphy oer syn ferskate problemen. Sa leit er harren de sitewaasje mei Mortimer Lindquist út en beprate se syn eigen moard. It is dúdlik dat Harry deasketten is troch in profesjonele slûpskutter. Butters suggerearret om 'e FBI om ynsjoch yn it dossier te freegjen; se hawwe dêr in yngong mei't Murphy har eks-man (en hjoeddeistige sweager) Richard in FBI-agint is. Murphy wol dêr lykwols neat fan witte. Se wol eins likemin Marcone om ynformaasje freegje, mar yn oerlis komme Harry, Butters en sy ta de konklúzje dat der neat oars op sit. De saak fan Fitz, foar wa't Harry Murphy har help freegje wol, leit noch helte gefoeliger. Murphy fertelt dat by de drive-by shooting Abby yn 'e búk rekke is en no swierferwûne yn it sikehûs leit. Har buorman is yn 'e hals rekke troch in ferdwaalde kûgel wylst er yn syn eigen hûs op bêd lei, en de âldman is ferstoarn ear't der help komme koe. Dat Murphy wol neat witte fan help oan Fitz. Se wol inkeld ôfweve mei Aristedes, en dan Fitz-en-dy oan 'e autoriteiten oerdrage, mar as de jonges harren fersette, hat se der ek gjin muoite mei om se dea te meitsjen.
Harry konkludearret dat Murphy ek net alhiel mear spoart, wat nei alle gedachten syn eigen skuld is, om't er har by dingen belutsen hat dêr't se nea mei te krijen hawwe moatten hie. It falt him op dat se yn it hiele petear mei gjin wurd ferwiisd hat nei har eardere frijer Jared Kincaid (sjoch: Dead Beat), in healdemon dy't de bêste slûpskutter is dêr't Harry ea fan heard hat. It hie dochs yn 'e reden lein om by sa'n spesjalist te rie te gean oangeande Harry syn moard. Of it moat wêze dat Murphy, miskien wol ûnbewust, fermoedet dat Kincaid de dieder is. Soe dat net in moaie bak wêze? Hoe dan ek, Harry beslút dat er op eigen manneboet Fitz rêde moat, en wierskynlik ek Lindquist, mei't dy ek net botte heech op Murphy har listke fan prioriteiten liket te stean. Om't er sels net folle beävensearje kin, giet Harry op 'e siik nei Molly. Hy ûntdekt op basis fan eat dat sir Stuart earder tsjin him sein hat, dat er syn eigen oantinkens brûke kin foar it dwaan fan tsjoenderij; dat is in oare metoade dêr't er eefkes oan wenne moat, mar dy't likegoed liket te wurkjen. Allinnich, libbene minsken binne der ymmún foar.
Mei in lokalisearringsbetsjoening spoart Harry Molly op yn in parkearkelder yn 'e Chicago Loop, dêr't it fanke op hurdhannige wize ûnderrjocht op it mêd fan tsjoenderij kriget fan 'e Leanansídhe, in hege sídhe fan it Winterhôf dy't Harry syn peetmem is. De Leanansídhe leit út dat se troch Mab, de Winterkeninginne, ôffurdige is om dat te dwaan. Om't Harry, koart foar syn dea, ynstimd hat om 'e Winterridder te wurden (sjoch: Changes), hat Mab feodale ferplichtings oan him, wêrby't syn libben of dea eins fan nul en gjinderlei betsjutting is. Om't Harry net mear oan syn ferplichtings oan Molly foldwaan kinnen hat, binne dy oergien nei syn lienfrouwe Mab. Molly fertelt Harry letter dat sy en de Leanansídhe om bar foar 'de Foddefrou' spylje.
Nei syn moeting mei Molly siket Harry Fitz op, dy't mei in grutte tas op it punt stiet om 'e mitrailleurs út 'e sniebank te sykjen. Harry seit dat er syn ûnthjit om Fitz te helpen neikomme sil as Fitz earst wat foar him docht. Hy liedt de jonge nei it hûs anneks kantoar fan privee-detektive Nick Christian, as waans assistint Harry oarspronklik begûn is (sjoch: A Restoration of Faith). Nick hat in yngeande kennis fan 'e bindes dy't yn Chicago aktyf binne, en Harry wol witte by hokker binde de man heart dy't de jûns tefoaren by Mortimer Lindquist ynbriek. Hy lit Nick leauwe dat Fitz in goekunde fan him (Harry) is en dat de jonge de fragen stelt om't er sels ien fine wol. Underwilens skúnt Harry him lykwols hieltyd yn wat er sizze moat. Nick identifisearret de ynbrekker oan 'e hân fan it sinjalemint dat Harry him fia Fitz jout, as ien dy't wierskynlik ta de Big Hoods heart, in grizelige binde dy't tahâldt oan 'e súdkant fan it eardere slachthûsdistrikt. Neitiid liedt Harry Fitz nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't er him oan 'e soargen fan pastoar Forthill oerdraacht.
Harry giet allinne op ferkenning út op it plak dêr't de Big Hoods harren yn 'e regel ophâlde en ûntdekt dêr harren haadkertier. Hûnderten skimen wurde dêrhinne lokke troch in magyske sirenesang. As Harry it haadkertier fan 'e binde ûnder in betsjoening fan ûnsichtberens binnenkringt, ûntdekt er dat de skimen op 'e boaiem fan in djippe put gearkloftsje. Dêrboppe hinget oan in tou de stevich fêstbûne foarm fan Mortimer Lindquist. De Grize Geast wol wat fan him, mar Lindquist wegeret oanhâldend syn meiwurking. Dêrop wurdt er eltse kear dellitten yn 'e kliber skimen. It is Harry net dúdlik hokfoar effekt dat op in libbene minsken hat, mar oan 'e reäksje fan it medium te merken, is it neat te noflik.
Harry stiet op it punt om 'e Grize Geast dea te sjitten mei it pistoal fan sir Stuart, as de foltering ûnderbrutsen wurdt troch Boaze Bob, dy't nei't it skynt de oerstap bewekket fan it haadkertier fan 'e Big Hoods nei it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike. Boaze Bob bringt Listen, in heal-minsklike tsjinner fan 'e Fomoarske hear Omogh by de Grize Geast. Troch it petear dat folget ôf te harkjen, kriget Harry foar it ferstân dat de Grize Geast en de Fomoaren gearwurkje (hoewol net fan herten), dat de Grize Geast fan doel is om it lichem fan Mortimer Lindquist te besetten (eat dêr't se de meiwurking fan it medium foar hawwe moat), en dat de Grize Geast eins in âlde bekende fan him (Harry) is, ien dy't er sels deade hat: Capiocorpus, oftewol de Likenimmer, in tige gefaarlike swarte tsjoenster dy't by har libben de macht hie om fan it iene nei it oare lichem te springen oant se in flater begie en Harry har deaskeat (sjoch: Dead Beat). Ek wurdt dúdlik dat de Likenimmer en de Fomoaren fan doel binne om ôf te weven mei de Alliânsje fan Chicago sadree't de Likenimmer al har krêften werom hat.
Tsjin dy tiid is de dage oan 'e loft en moat Harry wer de wyk nimme nei syn grêf. Dêr kriget er besite fan syn petemem, de Leanansídhe, dy't blykber wit wa't syn moardner is, mar dat net sizze mei fan hegere krêften dy't by it spul belutsen binne. Hy wit har lykwols te manipulearjen ta it sizzen fan trije wierheden oer syn moardner: it is immen dy't er ken, it is immen dy't behalven him noch tûzenen oaren deade hat, en it is immen dy't yn dit gefal yn opdracht in oar wurke, dy't machtiger en gefaarliker is as hysels. Dat jout Harry wat om oer nei te prakkesearjen. Eat dat de Leanansídhe seit, jout Harry fierders ek in idee oer hoe't er de Likenimmer ferslaan kin. Hy freget de Leanansídhe om foar Molly te soargjen as it mei himsels ferkeard ôfrinne mocht, mar hja rekket oprjocht yn betizing en wiist him derop dat hy nea in ferplichting oangien is om foar har te soargjen, dat Mab sadwaande dêrta ek net ferplichte is en dat sy, as Mab har fertsjintwurdichster, likemin sa'n ferplichting hat. It liket de Leanansídhe ta dat Harry krekt in ferplichting oangien is om Molly te learen foar harsels te soargjen, en dàt is wat sy it fanke leare sil.
Nei't de Leanansídhe har ôfjûn hat, ferskine Butters en Fitz by Harry syn grêf. It docht bliken dat pastoar Forthill, nei't er Fitz syn ferhaal heard hie, besletten hat om sels regaad te meitsjen oangeande Aristedes. Hy is nei it skûlplak fan Fitz syn binde yn it âlde fabryk gien. Sawol Butters as Fitz is derfan oertsjûge dat dat net goed ôfrinne kin. Dêrom hawwe se Harry syn help nedich. As Harry derop wiist dat er by deiljocht syn grêf net ferlitte kin, komt Butters mei in oplossing op 'e lapen: Harry kin wol by Bob yn dy syn skedel útfanhûzje, dat ommers ek in plak is dat beskerming biedt tsjin 'e ynfloed fan deiljocht.
Wylst Fitz en Butters har nei it leechsteande fabryk bejouwe, nimt Harry de gelegenheid te baat om Bob alles te fertellen dat him sûnt syn dea oerkommen is. Bob ornearret dat Harry in pion yn in spul fan gruttere machten wurden is. It feit dat er nei syn dea weromstjoerd is, moat hast wol op belutsenens fan 'e aartsingel Uriël wize, dy't Harry syn libben al ferskate kearen beynfloede hat (sjoch: Small Favor en Changes). It feit dat it mids maaie noch altyd djippe winter is yn Chicago, mei snie dy't yn hege bulten by de strjitten lâns leit, betsjut sûnder mis dat Mab, de Winterkeninginne, persoanlik yn 'e stêd oanwêzich is. Harry kin him wol foar de kop slaan dat er soks sels net útriddenearre hat. Bob wiist der ek op dat Harry gjin echt spûk is (te witten: de efterbleaune yndruk fan 'e geast fan in deade), noch in geast yn 'e inge sin fan it wurd (it diel fan in libbene dat nei it ferstjerren trochlibbet en nei it hjirneimels giet), mar in siel (it net-lichaamlike part fan in libbene dêr't de geast diel fan útmakket). Hy wol dêrom witte wat Harry krekt oer de steat fan syn lichem ferteld is. Harry bringt himsels tebinnen dat Jack Murphy sein hat dat syn lichem "net beskikber" is, mar net dat it dea wêze soe. Harry en Bob freegje harren ôf oft dat net betsjutte kin dat Harry eins noch net echt stoarn is.
Oankommen yn it leechsteande fabryk docht bliken dat Butters en Fitz folge binne troch Daniel Carpenter, dy't troch Murphy stjoerd is om in eachje op Butters te hâlden. Hy wol neat witte fan help oan Fitz, mar wol Butters, sa nedich ûnder twang, meinimme werom. As er lykwols heart dat pastoar Forthill op eigen manneboet nei Aristedes ta gien is, jout er him by de rêdingsaksje. Butters hat in pear grize mantels meinommen dy't wol lykje op 'e mantels dy't de warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij drage. Hy en Daniel dogge elts sa'n mantel oan en beare dat se warders binne dy't stjoerd binne om mei Aristedes te praten. Underwilens ûntdekt Harry pastoar Forthill, dy't slim mishannele is en yn in oar diel fan it fabryk bewusteleas op 'e flier leit. Aristedes sjocht troch de momkape hinne en falt Daniel oan. Troch it gebrûk fan magy is de warlock boppeminsklike fluch, en hy wit Daniel swier te ferwûnjen. Butters beslûpt him ûnderwilens fan efteren en slacht mei in izerne buis syn knibbel oan grôt, mar Aristedes wit de lytse patolooch-anatoom del te huffen. Fitz is ûnderwilens al ûnderweis nei de útgong, mar Harry hellet him by en praat op him yn oant er weromkomt en mei de ferwûne Aristedes ôfweeft. Neitiid wurde Daniel en Forthill mei de ambulânse ôffierd, en itselde bart mei Aristedes. Fitz en de oare teenagers dy't ûnder de ynfloed fan 'e warlock stiene, sette ôf mei Butters.
Sadree't de sinne ûndergien is, giet Harry nei it ôfbaarnde hûs fan Mortimer Lindquist, dêr't er alle spûken gearropt dy't by it medium beskûl fûn hiene. Hy hat nammentlik einlings beseft dat it pistoal dat sir Stuart him jûn hat, him sizzenskip oer de spûken fan Lindquist jout. Om't yn 'e geastewrâld de beheinings fan 'e wrâld fan 'e libbenen net jilde, feroaret er it pistoal yn syn âlde toverstêf. Hy set mei de spûken nei it haadkertier fan 'e Big Hoods ta, en stjoert guon fan harren út om Molly te sykjen en by him te bringen. Molly fertelt him dat Fitz en syn maten tydlik by har heit en mem ûnderbrocht binne, it iennichste plak dat sy en Butters betinke koene dêr't Murphy harren gewurde litte soe. Harry kin diskear it haadkertier fan 'e binde net yn 'e gewoane wrâld binnenglûpe, sa't er de nachts tefoaren dien hat, want de Likenimmer hat al har beskermingsbetsjoenings aktivearre. Harry beslút dêrom it haadkertier fia it Nevernever binnen te kringen. Om't er sels as geast gjin poarte nei dy parallelle wrâld iepenje kin, lit er Molly dat foar him dwaan. Sy bliuwt efter om 'e komst Murphy ôf te wachtsjen, mei wa't se troch de 'foardoar' nei binnen gean sil sadree't Harry de beskermingsbetsjoenings lamlein hat.
Yn it Nevernever moatte Harry en de spûken, dy't dêr fêste foarm oannimme, earst de ferdigening troch in kliber demoanen oerwinne dy't Boaze Bob dêr organisearre hat. Harry rekket yn gefjocht mei Boaze Bob sels, mar kin de geast net oan. As Boaze Bob op it punt stiet om him te deadzjen, komt lykwols de echte Bob opdaagjen, dy't syn kweadaardige alter ego dwaande hâldt oant Harry en de spûken it haadkertier fan 'e Big Hoods binnengien binne. Wylst de spûken ôfweve mei de lemurs fan 'e Likenimmer, en tagelyk ek de beskermingsbetsjoenings dy't de Likenimmer om it haadkertier fan 'e Big Hoods oanbrocht hat, fan binnenút ôfbrekke, giet Harry de striid oan mei de Likenimmer sels. Ta syn ferheardens brekt de warlock úteinlik sels har lêste beskermingsbetsjoening ôf. Harry wit net wat se no yn 't sin hat, mar syn prioriteit is om Lindquist te rêden. Dêrta dirigearret er Murphy, Molly, Butters, Will Borden en twa oare wearwolven, Marci en Andi, nei binnen ta om 'e minsklike Big Hoods te oermasterjen. Dêrnei befrijt er Mortimer Lindquist, wêrfoar't er himsels fysyk yn 'e wrâld fan 'e libbenen manifestearje moat (oftewol foar himsels in lichem fan ektoplasma oanmeitsje moat). Dat is nuodlik, mei't eins allinne spûken dy't sljochtsinnich binne soks dwaan kinne. Harry beseft dêrtroch hoe ticht er op it rântsje fan gekte balansearret.
Lindquist is tankber om befrijd te wurden, mar tagelyk lulk dat Harry de spûken nei it haadkertier fan 'e Likenimmer brocht hat; hy leit Harry út dat er de spûken krekt by har wei besocht te hâlden. Underwilens hat de Likenimmer nammentlik alle spûken útsein de geast fan sir Stuart ferslynt, en dêr is se gâns sterker fan wurden. Sadwaande hat se no gjin ferlet mear fan Lindquist om 'e fysike wrâld te beynfloedzjen. Harry hastiget him wer nei syn freonen ta en treft Murphy, de wearwolven en de Big Hoods oan yn in djippe opleine sliep. Fan Molly is gjin spoar te bekennen, mar Butters is, sa seit dy sels, krekt fan bûten kommen en hat Murphy-en-dy sa oantroffen. As Harry sjocht hoe't it mei Murphy is, set Butters him ynienen in fjoerwapen yn 'e nekke. Harry beseft dan dat de Likenimmer Butters syn lichem beset hat. Se sjit him 'dea', wêrmei't se Harry syn fysike manifestaasje stikken makket. Mei't er dat út himsels opboud hie, rekket er dêrby in grut part fan himsels kwyt, wylst er al ferswakke wie troch alle tsjoenderij dy't er brûkt hie by al it eardere fjochtsjen tsjin Boaze Bob en de Likenimmer. Fan gefolgen is Harry net mear as in skym fan himsels, en kin er de sitewaasje hielendal net mear beynfloedzje. Om dat der nochris yn te wriuwen, heft de Likenimmer de magyske wale op dy't se oer de geast fan Butters hinne oanbrocht hie. Se hat dy út syn eigen lichem smiten, en fan gefolgen begjint er al te ferdizenjen.
As se lykwols omsjocht om Harry syn reäksje gewaar te wurden, lit Molly de magyske wale falle dy't se oer harsels hinne lutsen hie, en falt de Likenimmer oan. De Likenimmer, dy't leaver Molly har lichem hawwe wol, kringt har binnen, en Harry grypt it ankel fan har geast beet en wurdt meisûgd. Yn Molly har bewustwêzen kin Harry net folle dwaan om 'e mentale striid tusken de beide tsjoensters te beynfloedzjen, hoewol't er Molly wol oantrunet om in mentale helprop út te stjoeren. No't er him yn har holle befynt, kin Molly lykwols net mear foar him geheim hâlde wat se net woe dat er te witten kaam, en sa ûntdekt Harry einlings en te'n lêsten wa't der efter de moard op himsels sit. It opleine ûnthâldsferlies dêr't er sûnder erch oan litte, wurdt opheft en syn oantinkens komme werom. Dan wit er wer dat er, doe't er syn rêch brutsen hie en yn uterste wanhoop syn taflecht naam ta hantsjebakken mei Mab, om 'e Winterridder te wurden (sjoch: Changes), tagelyk maatregels nommen hat om foar te kommen dat Mab ea fan syn tsjinsten gebrûk meitsje kinne soe. Hy hat sels Jared Kincaid opskille en opdracht jûn om himsels dea te sjitten, en dêrnei hat er Molly alle oantinkens dêroan út syn ûnthâld weinimme litten.
Op dat punt falt alles om Harry hinne stil en ferdwynt syn om-en-by yn in wyt ljocht. De aartsingel Uriël ferskynt oan him en leit him út dat Harry syn beslissing om (mei Kincaid as wapen) selsmoard te dwaan, ynjûn wie trochdat yn syn wanhoop in fallen ingel him sân wurden yn it ear flústere: "En it is allegear dyn skuld, Harry." Dat wie in ynbrek op 'e regels en soarge foar in ûnbalâns dy't Uriël ferhelpe mocht troch Harry op syn beurt sân wurden yn te flústerjen. Harry stelt fêst dat de aartsingel dat noch net dien hat. As er witte wol hokker trije minsken fan wa't er hâldt, troch slim kwea troffen wurden wiene as er syn eigen moard net oplost hie, komt oan it ljocht dat dat wat wie dat Jack Murphy op eigen manneboet optocht hat om Harry dwaan te litten wat er woe. Uriël ûnderstiet Murphy dêroer, mar dy hâldt út dat er net liigd hat. Hy ornearret dat Harry syn freonen troch harren belutsenens by syn aventoeren safolle fijannen makke hawwe dat der grif trije fan harren yn 'e swierrichheden komme soene troch syn hommels ferstjerren.
Harry is der net fan oertsjûge dat Jack Murphy mei syn manipulaasje tsjin Uriël syn oarders yngien is, sa't de aartsingel beart. Uriël hat dêr lykwols fierders neat oan ta te foegjen. Hy fertelt dat Harry, no't er ûntdutsen hat wa't ferantwurdlik is foar syn moard, in kar meitsje moat. Hy mei yn 'e tuskenwrâld fan 'e spûken bliuwe en lykas Murphy har heit foar Uriël wurkje, mar hy kin der ek foar kieze om "fierder te gean", al kin de aartsingel him yn dat gefal gjin garânsjes jaan wêr't er bedarje sil. Harry betinget dat Uriël earst foar "de Geast fan it Krystfeest fan it Hjoed" spylje moat (sa't er it sels neamt), en him sjen litte moat wat der fan syn freonen wurdt.
Molly en de Likenimmer binne noch altyd yn in mentale striid ferwikkele dy't Molly stadichoan ferliest. Harry wol dat Uriël yngrypt, mar de aartsingel leit him út dat it him ferbean is om direkt yn te gripen as der frije wil yn it spul is, en Molly is út frije wil de striid mei de Likenimmer oangien. Hied er no mar, seit de ingel kalmkes, de foarútsjende blik hân om in agint fan sines yn 'e sitewaasje ynfiltrearje te litten sadat er yndirekt ynfloed útoefenje koe. Foar't Harry de betsjutting fan dy wurden útriddenearje kin, ferskynt Mortimer Lindquist op it toaniel, oan wa't Molly op oantrúnjen fan Harry har mentale oprop om help rjochte hie. It medium hat himsels letterlik master makke fan 'e hûnderten skimen dy't de Likenimmer sammele hie om him mei te tramtearjen, en dy stjoert er no efter de Likenimmer oan. De Likenimmer wurdt troch de spûken oerweldige en út it lichem fan Molly skuord en meisleept de djipte yn, nei't men oannimme mei dat út nei de hel.
Neitiid werienet Lindquist de geast fan Butters wer mei syn lichem en befrijt er Murphy en de wearwolven fan 'e harren opleine sliepbetsjoening. Hy hat in petear mei Murphy, dy't der no einlings en te'n lêsten folslein fan oertsjûge is dat it spûk dêr't sy en de oaren mei omgien hawwe wier-wier Harry Dresden wie. Lindquist riddenearret út dat se dat earder net leaude om't se net leauwe woe dat Harry dea wie. Underwilens biedt Uriël oan sir Stuart, dy't oan ien wei troch oan 'e side fan Lindquist bleaun is, in nije baan oan as ien fan syn aginten. Hy seit dat der genôch fan it spûk oer is om meitiid syn oarspronklike steat wer werom te winnen. Sir Stuart, dy't ornearret dat Lindquist him no net mear nedich is, giet op it oanbod yn.
Dêrop lit Harry himsels troch Uriël meinimme nei syn healbroer Thomas, in fampier fan it Wite Hôf. Sokke fampieren libje net fan bloed, mar fan libbensenerzjy dy't se ta har nimme troch seksuële omgong, en it binne dus eins mear sukkuby en ynkuby as 'tradisjonele' fampieren. Thomas is al jierrenlang fereale op Justine, in minsklike frou dy't ek fan him hâldt. Se hawwe in yngewikkelde relaasje, mei't leafde wat is dêr't fampieren fan it Wite Hôf beslist net oer kinne. Sûnt Justine jierren lyn op in hier nei har libben foar Thomas opoffere, hawwe se inoar sadwaande net mear oanreitsje kinnen (sjoch: Blood Rites). Harry skrikt as er Thomas no wer sjocht, mei't syn broer himsels ferslûnzje litten hat. Hy jout himsels de skuld fan Harry syn dea, mei't de moard ommers plakfûn op syn boat. Wylst Harry en Uriël tasjogge, is it Justine dy't him der wer boppe-op helpt. Hja wiist derop dat de 'allergy' fan wite fampieren foar minsken dy't fan in oar hâlde op slach oergiet as sokke lju de leafde bedriuwe mei in trêde persoan. Justine hat in oare frou meinommen en kundiget oan dat se no de leafde mei dyselde bedriuwe sil, wêrnei't Thomas har wer oanreitsje kinne sil.
As lêste freget Harry Uriël om him syn dochter Maggie sjen te litten, foar wa't er syn hiele libben opjûn hat (sjoch: Changes). Dêrop nimt de aartsingel him mei nei it hûs yn Chicago dêr't Harry syn freon Michael Carpenter en dy syn frou Charity wenje, de âldelju fan Molly en Daniel. Michael Carpenter wie foarhinne in Ridder fan it Krús (de drager fan ien fan 'e trije swurden dêr't in spiker yn ferwurke is fan 'e krusiging fan Jezus), oant er swierferwûne rekke by in aventoer dêr't Harry him by belutsen hie (sjoch: Small Favor). Hy is neitiid ridlik opbettere, hoewol't er nea mear de âlde wurden is. Sûnt er 'mei pinsjoen' is, wurde hy, syn hûs en syn húshâlding bewekke troch beskermingels fan God, dy't net tastean sille dat de krêften fan it kwea wraak op Michael nimme sille no't er himsels net mear ferdigenje kin. Harry hie Maggie oerdroegen oan pastoar Forthill en frege om it famke ûnder te bringen op it feilichste plak dat de Roomsk-Katolike Tsjerke betinke koe, en Uriël leit no út dat dat plak yn 'e hûs by Michael en Charity is. As Harry en de aartsingel yn 'e hûs geane, lizze de Carpenters al op bêd, en ek Maggie is yn djippe sliep. De iennichste dy't harren gewaarwurdt, is Harry syn grizelich yntelliginte hûn Mouse, in reuseftige Tibetaanske mastyf dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn. Hy foarmet de lêste ferdigeningsliny om Maggie hinne en sliept by har op 'e keamer.
As Harry einlings alles sjoen hat dat er sjen woe, stelt Uriël him op 'e nij foar de kar wat er dwaan wol, dy't er fisualisearret as twa doarren: as spûk yn 'e tuskenwrâld omhingjen bliuwe en foar him wurkje, troch in doar mei in finster troch te gean dy't liedt nei it 'plysjeburo' fan Jack Murphy, of troch in tsjustere doar fierder gean nei it ûnbekende. Harry kiest foar it lêste. As er de tsjustere doar trochgiet, komt him fuortendaliks de freeslikste pine oer it mad dy't er ea field hat. Hy docht de eagen iepen en wurdt gewaar dat er him net yn 'e himel of de hel befynt, sa't er ferwachte hie, mar yn in grot op it ferburgen eilân Demonreach yn 'e Michiganmar, lyk foar de kust fan Chicago. De pine wurdt feroarsake troch de genêzende skotwûne yn syn boarst. By him binne Mab, de Winterkeninginne, en de genius loci fan it eilân, dy't ek Demonreach hjit, in oerâld wêzen mei wa't Harry in pear jier lyn in oerienkomst sletten hat (sjoch: Turn Coat). Hy begjint no te fermoedzjen dat er sels de ymplikaasjes fan dy oerienkomst net alhiel begrepen hat. Tegearre hawwe se Harry syn lichem yn libben holden wylst it eins sa ferwûne wie dat it sûnder mis stjerre moatten hie. Mab leit him út dat er, doe't er oan board fan 'e Water Beetle yn 'e haven fan Chicago troch it skot út it slûpskuttersgewear fan Kincaid rekke waard, oerboard rûgele en yn it kâlde tsjustere wetter fan 'e Michiganmar fallen is. En kjeld en tsjuster binne har domein. Troch syn bân mei it eilân koe syn lichem fieding tatsjinne wurde fia beamwoartels dy't yn him groeid binne.
It liket derop dat Mab no dochs noch har sin kriget: Harry wurdt har Winterridder, oft er dat no wol of net. As de geast Demonreach ek oanspraak op alteast in diel fan Harry makket, byt Mab him ta: "Hy is mines, en ik sil fan him meitsje wat ik wol." Op dat stuit heart Harry de stim fan Uriël sân wurden yn syn ear flústerjen: "Leagens. Mab kin net feroarje wa'tst biste." Dat jout Harry it selsfertrouwen om it tsjin 'e Winterkeninginne yn 'e kant te setten. Hy riddenearret dat Mab mear ferlet fan him hat as hy fan Mab, want wêrom hat se oars sa'n tiid en muoite bestege om syn libben te rêden, dat se sels yn maaie noch Chicago yn 'e greep fan 'e winter hâldt? Hy seit tsjin har dat er dwaan sil wat se him oarderet, mar op syn eigen manear. As se him dy frijheid net jout, sil er inkeld noch sekuer dwaan wat se seit, net mear en net minder, sadat se yn eigen persoan tafersjoch hâlde moat op eltse taak dy't se him tapartet. Mab docht der it swijen ta en nimt him mei nei it Winterhôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |