A Restoration of Faith
A Restoration of Faith | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
skreaun | 1997 | |
1e publikaasje | 2002 | |
oarspr. útjwr. | www.jim-butcher.com | |
bondel | Side Jobs | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
A Restoration of Faith is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "In Herstel fan Fertrouwen". It is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e searje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. Yn 'e ynterne gronology fan dy rige spilet A Restoration of Faith inkele jierren foàr de foarfallen yn 'e roman Storm Front. It ferhaal giet oer tsjoender en privee-detektive Harry Dresden, dy't in fan hûs fuortrûn famke fan tsien weromfynt.
Publikaasjeskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Butcher skreau A Restoration of Faith yn 1997, as opdracht foar de oplieding profesjoneel skriuwen dy't er folge oan 'e Universiteit fan Oklahoma. Hy besocht it útjûn te krijen, mar dat slagge net, en dêrom publisearre er it yn 2002 op syn eigen webside, www.jim-butcher.com. Yn 2010 makke A Restoration of Faith ûnderdiel út fan Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books. Yn it koarte foarwurd dat de skriuwer der yn dy bondel oan tafoege, fertelt er dat er it efternei folslein iens is mei de beoardieling fan 'e útjouwers dy't it ferhaal ôfwiisden foar publikaasje. Butcher omskriuwt it ferhaal op dat plak sels as "in earste besykjen" fan "in senuweftige begjinner", bedoeld as "ienfâldich, rjochtút-en-rjochtoan-lêsplezier." A Restoration of Faith is foar fans fan The Dresden Files benammen ynteressant om't yn it ferhaal de earste moeting fan Harry Dresden mei Karrin Murphy beskreaun wurdt, dy't neitiid útrinne sil op in hechte freonskip.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden is in tsjoender yn Chicago, dy't as privee-detektive wurket foar it detektiveburo Ragged Angel Investigations, fan Nick Christian. Hy moat noch in healjier folmeitsje as Nick syn assistint, ear't er in fergunning as selsstannich privee-detektive krije kin. Harry hâldt him benammen dwaande mei it opspoaren fan dingen dy't weirekke binne, lykas kaaien of trouringen, en brûkt magy om sokke saken werom te finen. Yn A Restoration of Faith fynt Harry jûns let, oan 'e ein fan in lange wurkdei yn in gefaarlike efterbuert fan Chicago it tsienjierrige famke Faith Astor werom, dat fan hûs fuortrûn is. Sy wol lykwols net fûn wurde en se wol alhielendal net werombrocht wurde nei har rike âldelju, dy't har as in foarwerp behannelje dêr't se by harren kunde mei pronkje kinne.
Sadwaande moat Harry it famke al tsjinakseljend meiskuorre. Om't syn auto wer ris de geast jûn hat (technyk en tsjoenderij litte har dreech kombinearje), skillet er Nick en freget him om harren op te heljen. Nick fertelt him lykwols dat in kontakt fan him by de Plysje fan Chicago him ferteld hat dat de Astors oanjefte dien hawwe fan ûntfiering fan harren dochter troch twa manlju mei de sinjaleminten fan Nick en Harry. Nick ornearret dat it yn 'e maatskiplike fermiddens dêr't de Astors har yn bewege, in fernedering wêze soe as harren perfekte dochter útnaaide, mar dat it harren status krekt ferheegje soe as immen besocht it fanke te ûntfieren. Hy riedt Harry dêrom mei klam oan om it famke los te litten en te meitsjen dat er sa gau mooglik sa fier as er mar kin by har wei komt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Harry tinkt der lykwols net oer om in famke fan har leeftyd yn dit diel fan 'e stêd efter te litten, en hy bepraat Nick om harren deunby, op in brêge oer de rivier de Chicago, ôf te heljen. By dy brêge oankommen, skuort Faith har los en naait út, de brêge oer. Mar ear't se fier komme kin, wurdt se by de foet grypt troch de trol Gogoth, dy't op 'e brêge wennet. Harry wit har los te krijen en oerbluft de trol mei in fertoan fan tsjoenderij, dat lykwols benammen show is. Hy hat dy deis al ferskate kearen tsjoenderij brûkt en is dea te'nein. Sadwaande hat er it net yn him om no noch de striid mei de trol oan te gean. Mei it no bliedende en gûlende famke yn syn earms giet Harry de brêge wer ôf. Der sit neat oars op en rin om, troch de rivier fia in oare brêge oer te stekken en te hoopjen dat er dan op 'e tiid op it ôfsprutsen plak wêze kin sadat er Nick net mist.
Healwei de oare brêge stjit Harry lykwols op in plak delikt, dêr't it swart sjocht fan 'e plysje. Om't er net mei Faith sjoen wurde wol, keart er om, mar ien fan 'e plysjes hat harren al opmurken en komt harren efternei. Harry dûkt mei it famke in steechje yn en hâldt him dêr in hoart beskûl oant de driging wykt is. Hy beseft dat der no neat oars op sit as om dochs Gogoth syn brêge oer te gean. As hy en Faith wer by de brêge oankomme, is der fan 'e trol neat mear te sjen. As se healwei binne, springt er lykwols ynienen te foarskyn mei in grut hakmês yn 'e fûst. Harry set Faith del en ropt dat se fuortdrave moat, en giet dan sels it gefjocht mei de trol oan. Hy wit it wêzen te fertraagjen en sa lulk te meitsjen dat it efter himsels oan giet ynstee fan dat it it famke tenei komt. Nei't er in pear úthalen mei it hakmês ûntwykt hat, liket syn lok op te wêzen.
Dan mingt har ynienen in lytse froulike plysje yn 'e striid, deselde dy't Harry en Faith fan it plak delikt ôf folge wie. Hja springt de trol op 'e rêch en smoart him suver mei har gummykneppel. De trol ferliest syn hakmês, mar skuoddet har ôf. Dan sil er har te liif, mar Harry hat ûnderwilens it hakmês oppakt en huft it wêzen dêrmei yn 'e bealch. Ynstee fan bloed komme der miniskule troltsjes út 'e wûne, ter grutte fan in pink. Dat giet troch oant Gogoth hielendal leechrûn is en der inkeld in lege sek oer is, besteande út syn hûd en hier. Nick arrivearret krekt op 'e tiid om 'e útkomst fan it gefjocht te sjen. De plysje, in agint Murphy, is fansels kjel wurden, mar bliuwt der fierders frij nofter ûnder. Se befreget Faith, dy't net fier útnaaid wie, oer har 'ûntfiering' troch Harry en Nick, en as it famke har útleit dat dat allegear ûnsin is, seit Murphy dat de mannen har mar ôfjaan moatte. It famke by de plysje efterlittend, jouwe Nick en Harry mei gragens oan dat advys gehoar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |