Even Hand
Even Hand | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2010 | |
oarspr. útjwr. | St. Martin's Griffin | |
bondel | Dark and Stormy Knights Brief Cases | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Even Hand is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Gelikense Kânsen". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Oars as by de rest fan 'e searje it gefal is, wurdt de haadrol (ik-persoan) net spile troch Harry Dresden, mar troch maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Even Hand tusken de foarfallen yn 'e romans Turn Coat en Changes. Yn it ferhaal wurdt Marcone om help frege ûnder de Unseelie Akkoarten, dêr't er in ûndertekener fan is. Butcher skreau Even Hand oarspronklik foar de blomlêzing Dark and Stormy Knights, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2010 útjûn troch St. Martin's Griffin, ûnder redaksje fan P.N. Elrod. Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]"Gentleman Johnny" Marcone, noris meistanner en dan wer rivaal fan tsjoender Harry Dresden, wurdt út syn deistige beslommerings as maffiabaas fan Chicago opskrikt as der by syn haadkertier in tsjeppe jonge frou oan 'e doar komt mei by har in jong bern. Om't Marcone derfan oertsjûge is dat er it úteinlik ris rjochtstreeks tsjin Dresden opnimme moatte sil, hat er him derop talein om safolle mooglik oer de man oan 'e weet te kommen. Sadwaande ken er de frou werom as Justine, in bekende fan Dresden en de eks-freondinne fan Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf dy't gauris mei Dresden gearwurket. Hja is op it stuit sekretaresse fan Thomas syn suster Lara Raith, dy't wer in foaroansteand meiwurkster is fan har heit, de kening fan it Wite Hôf.
Justine fertelt Marcone dat se oanspraak makket op it rjocht fan asyl ûnder de Unseelie Akkoarten, in ferdrach oer ûnderlinge relaasjes tusken de ferskate boppenatuerlike naasjes, dat Marcone ûndertekene hat doe't er yn dy fermiddens foar himsels de titel fan frijhear fan Chicago opeaske (sjoch: White Night). As Marcone freget wêrom't se him om beskerming freget, antwurdet Justine dat se de tiid net hie om in oar feilich plak te berikken, mei't se efterfolge wurdt troch Mag, in hear fan 'e Fomoaren. Hja leit út dat se foar Lara Raith as boadskipper mei offisjele dokuminten nei Corb, de kening fan 'e Fomoaren stjoerd wie, dy't regearret oer in ûnderwetterryk dêr't in poarte op 'e boaiem fan 'e Michiganmar tagong ta biedt. Ienris dêr waard se sjoen troch Mag, dy't har finzen naam en ûntfierde nei syn wente om har as slavinne te hâlden. Justine ûntsnapte lykwols en befrijde dêrby ek de oare minsklike slaven fan Mag, ûnder wa it lytse famke dat se by har hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Tsjin better witten yn beslút Marcone, dy't graach beare mei dat er in hert fan stien hat, om Justine en it famke asyl te jaan. Dêrby spilet ek mei dat Mag, dy't mei grut machtsfertoan it haadkertier fan Marcone binnenkringt, him yrritearret. De Fomoaren binne net inkeld lichaamlik sterker as minsken, se binne ek fan natuere tsjoenders. Marcone hat syn buro lykwols yn 'e midden fan in koperen sirkel stean dy't magy neutralisearret, dat hy is ymmún foar de Fomoarske tsjoenderij. Syn trouwe liifwacht Hendricks en Ms. Gard, syn boppenatuerlik adviseur fan Monoc Securities (dy't eins in Walkuere is) komme Mag oer it mad en oermasterje him. Om't de Unseelie Akkoarten Marcone net tasteane om in ûnderdien fan in oare oansletten naasje samar te deadzjen, lit er de Fomoar derútsmite mei de warskôging dat er, mocht er weromkomme, it folste rjocht hat om him te deadzjen salang't er dêrfoar wearjild oan kening Corb betellet.
Mag, dy't mient dat er it folste rjocht hat om minsken as slaven te hâlden en dy't Justine en it famke as syn eigendom beskôget, lit it der net by sitte. Nei't it tsjuster wurden is, falt er mei syn tsjinners it haadkertier fan Marcone oan. Troch de ynset fan in ymposant arsenaal oan wapens witte Marcone-en-dy alle tsjinners fan Mag te deadzjen, foar't se weromdreaun wurde nei it hert fan it gebou. Hendricks is tsjin dy tiid bûten gefocht steld, en Marcone sels hat in brutsen earm oprûn. As Mag sels it binnenste fan it gebou ynkringt, lit Marcone in stikmannich anty-personielsminen ûntploffe, sadat de Fomoar twongen is om in grut part fan syn magyske krêft foar de beskerming fan liif en lidden yn te setten. Dan giet it sprinklersysteem oan, dat op 'e ûnder wetter libjende Fomoar fansels gjin ynfloed hat. Neitiid befjochtet Gard him, en hoewol't er de Walkuere úteinlik oermânsk wurdt, put se him wol út.
As Marcone as iennichste oerbleaun is om it tsjin him op te nimmen, mient Mag, dy't inkeld minachting foar minsken fielt, dat er al wûn hat. Mei in knip fan syn fingers ferroastket er Marcone syn pistoal, mar de maffiabaas hellet út in laad in antyk Dútsk dragonderpistoal út 'e achttjinde iuw foar 't ljocht, want wat âlder de technyk, wat minder oft tsjoenderij der ynfloed op hat. It pistoal is laden mei de kûgel dy't Nelson deade yn 'e Slach by Trafalgar, en dy't troch Gard neitiid út it lichem fan 'e admiraal helle is en fersjoen fan magyske runen. As Marcone dy kûgel ôffjurret, snijt er dwers troch de magyske ferdigening fan 'e sa stadichoan wurge Mag hinne, en rekket er de Fomoar yn it hert. As Mag yninoar sakket, hellet Marcone noch in oar, moderner pistoal foar 't ljocht wêrfan't er it magazyn yn Mag syn holle leget om der wis fan te wêzen dat de Fomoar net wer oereinkomt.
Neitiid, as Marcone syn oprommers de spoaren fan it gefjocht útwiskje en Gard risselwearret om it haadkertier yn 'e brân te stekken, makket Marcone oan Justine dúdlik dat er har trochhat. Hy treft yn har besit dokuminten oan mei bankrekkennûmers en wachtwurden, sa't er al fermoede hie. Lara Raith hie Justine stjoerd om Mag te bestellen, in misdriuw dat se besocht te fertsjustermoanjen mei in oar, mear yn it each springend misdriuw: de befrijing fan 'e slaven fan Mag. Justine kin dan net folle oars mear as tajaan dat er gelyk hat, mar it famke, dat te lyts wie om sels nei de frijheid ta te swimmen, wie gjin ûnderdiel fan it plan. Marcone riedt har oan om nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels te gean en it bern oer te dragen oan pastoar Forthill, mei't de Roomsk-Katolike Tsjerke in programma hat om lju in nije identiteit te jaan dy't efterfolge wurde troch boppenatuerlike meunsters. Hy lit har gean mei in warskôging foar Lara Raith: as se nochris hunich stelle wol, moat se in oar sykje om 'e bijen dea te slaan.
As Justine ôfset is, oertinkt Marcone de foarfallen fan 'e ôfrûne dei. It hat in weardefolle les west, dy't suver wol as generale repetysje sjoen wurde kin. De minen, it rinnende wetter út 'e sprinklers en de magyske kûgel út in antyk fjoerwapen wiene allegear befeiligingsmaatregels dy't fansels yn 'e fierste fierte net tsjin Mag of syn healwize ras rjochte west hiene. Ynstee wiene se allegear betocht en taret om ien inkele man te deadzjen: Harry Dresden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |