Backup (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Backup
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008
oarspr. útjwr. Subterranean Press
bondel Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Backup is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. It wurdt ek wol in 'koarte novelle' neamd, mar it beslacht mar 34 bledsiden. De titel betsjut "stipe" of "help" (yn 'e sin fan 'assistinsje'). It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Oars as by de rest fan 'e searje it gefal is, wurdt de haadrol (ik-persoan) net spile troch Harry Dresden, mar troch syn healbroer, de fampier Thomas Raith. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Backup tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat. Yn it ferhaal is tsjoender en privee-detektive Harry Dresden op it spoar fan in fermist bern, mar Thomas Raith ûntdekt dat de hiele saak in mûklist is om Harry as wapen te brûken. Hy beslút om 'e wrâld fan Harry te rêden sûnder dat Harry trochkriget wat der oan 'e hân is. Butcher skreau Backup oarspronklik as in op himsels steand boekje mei yllustraasjes fan Mike Mignola, dat yn 2008 útjûn waard troch Subterranean Press yn Burton (Michigan). Yn 2010 waard Backup werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foarwurd by Backup yn 'e ferhalebondel Side Jobs fertelt Butcher dat it inisjatyf foar it skriuwen fan it ferhaal fan útjouwerij Subterranean Press kaam, dy't him frege om in 'koarte novelle' te skriuwen dy't yllustrearre wurde koe troch Mike Mignola. Butcher griep dy kâns mei beide hannen oan, om't er al langere tiid graach ris in ferhaal skriuwe woe út it gesichtspunt fan Thomas Raith wei (ynstee fan út it gesichtspunt fan Harry Dresden wei, sa't frijwol de hiele Dresden Files-searje skreaun is).

Thomas is in fampier fan it Wite Hôf, en de leden fan it Wite Hôf sjogge harsels (neffens Butcher) as in "naasje fan ferstjitlingen, dy't gearkloftet omreden fan mienskiplike soargen en gefaarlike fijannen." Hy skriuwt fierder: "It soarte fan kultuer dat him ûntwikkelet op sa'n grûnslach jout him simpelwei net iepen foar bûtensteanders. As Harry ea 'oan 'e binnenkant' komme kinnen hie om dêrwei dy kultuer te ûnderfinen, soe dat de wy-tsjin-harren-yntegriteit fan it Wite Hôf ferret en de hiele boel ûnjildich makke hawwe." In ferhaal mei Thomas as ik-persoan wie dêrom in útlêzen kâns foar de auteur om wat mear út 'e doeken te dwaan oer it Wite Hôf.

Dêr kaam noch by dat it him ek de mooglikheid bea om einlings de Ferjitnisoarloch yn it bredere ferhaal fan The Dresden Files op te nimmen, mei't dat in elemint wie dat er, as konsept, geweldich fûn. Mar krekt as by it Wite Hôf it gefal wie, koe Harry dêr sels nea by belutsen wurde om't dat rjocht tsjin it aard fan it plotelemint yngean soe.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Raith is in fampier fan it Wite Hôf (wat betsjut dat er eins mear in ynkubus is as in tradisjonele fampier), en teffens de healbroer fan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden. Hy hat net folle kontakt mear mei syn oare famylje (de fampieren), sûnt syn suster Lara de facto it bestjoer oer it Wite Hôf oernommen hat (sjoch: Blood Rites). Thomas docht him no foar as in homoseksuële Jeropeeske hierknipper en fiedt himsels mei lytse bytsjes fan 'e libbenskrêft fan 'e froulju dy't yn syn eksklusive kapsalon komme.

Backup begjint as Thomas berjocht fan syn suster Lara kriget oer de Ferjitnisoarloch. Se hat in boadskipper mei mear ynformaasje nei syn appartemint stjoerd. Dy boadskipper blykt Justine te wêzen, in minsklike frou dy't Thomas syn grutte leafde is en dy't ek o sa fan him hâldt, mar dy't er dêrtroch iroanyskernôch net mear oanreitsje kin, om't wiere leafde giftich is foar wite fampieren. It boadskip, dat Lara net fia e-mail of tillefoan dwaan woe, en dat se inkeld yn 'e algemienste bewurdings mei Justine dield hat, is dat se fia de gebrûklike kanalen berjocht krigen hat dat ien fan 'e Dames fan 'e Dûnkere Rivier yn Chicago is, ien dy't Thomas earder met hat. Hja hat in bern ûntfierd, mei as bedoeling om immen te brûken dy't har saak ûnbewust in hiel ein foarúthelpe kin. By dy wurden leit Justine in foto op 'e tafel, fan 'e doar fan in kantoar mei dêrop de tekst: "HARRY DRESDEN, TSJOENDER".

Thomas begrypt dat in lid fan 'e Stygiaanske Susterskip besiket om Harry foar har karke te spannen. Hy besiket Harry om 'e nocht tillefoanysk te berikken om him te freegjen en lit de saak rêste. Thomas is sels beslist gjin tsjoender, mar hat wol in (hiel) lytse feardichheid mei magy, en dy brûkt er om (muoisum) in betsjoening op te bouwen dy't him nei Harry ta liede moat. Yn in park sjocht er Harry yn 'e fierte rinnen, mar op datselde stuit merkt er dat er folge wurdt troch in pear ghouls. Hy folget Harry nei in paviljoen, mar as er syn broer dêr oansprekke sil, ûntdekt er pas dat it Harry hielendal net is, mar Balera, it lid fan 'e Stygiaanske Susterskip dêr't er foar warskôge wie.

Thomas begrypt dat er yn in mûklaach lokke is troch ien dy't in stik feardiger mei magy is as hysels. Hy wit frij flot ôf te weven mei de beide ghouls, mar Balera smyt him in tsjoen ta dêr't er net oan ûntkomme kin. Thomas ferwachtet te stjerren, en is tige ferheard as der neat bart. Nei't Balera ûntkommen is, sjocht er himsels lykwols yn in spegel. It docht dan bliken dat se him in yllúzje oplein hat sadat it liket as is er in ghoul dy't himsels op net botte kundige wize in minsklik uterlik oanmetten hat. Thomas begrypt dat it dêrtroch dreger wurde sil om Harry te oertsjûgjen en lit de saak rêste, mar fierders begrypt er de bedoelings fan Balera net.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't syn eigen magy blykber te fetber is foar de ynfloed fan oaren, hat Thomas ferlet fan help om Harry te finen. Dat hy set ôf nei Harry syn appartemint yn it sûterrên fan in âld flatgebou, dêr't er de kaai fan hat en ek in kristal dat de magyske beskermingsbetsjoenings ûntwapenet dy't Harry oer syn wente hinne lein hat. As er dêr binnen komt, wurdt Thomas noch konfrontearre mei Harry syn útsûnderlik yntelliginte en reuseftige Tibetaanske mastyf Mouse, waans rooksin lykwols net bedroegen wurde kin troch it falske uterlik dat Thomas oplein is. Thomas bejout him nei it geheime laboratoarium fan syn broer, yn 'e kelder fan it appartemint, dêr't er Bob om help freget. Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn it laboratoarium. Hy harket oandachtich nei Thomas syn útlis, mar makket dan dúdlik dat er foar Harry wurket en net foar Thomas. Dy is dêrtroch twongen om Bob mear te fertellen as dat er eins wollen hie. Hy lit de geast earst ûnthjitte dat er wat Thomas him no fertelle sil, foar Harry geheim hâlde sil, útsein as der ea in needsitewaasje wêze mocht wêrby't Harry ferlet hawwe soe fan dizze spesifike kennis.

Thomas leit dan út dat goaden en demoanen harren macht yn 'e stjerlike wrâld ûntliene oan 'e hoemannichte minsken dy't fan harren bestean ôfwit. As der nimmen mear is dy't wit dat se besteane, hawwe se gjin bining mei de minskewrâld mear en kinne se dêr ek gjin macht mear oer útoefenje. Yn dat ramt wurdt al tûzenen jierren de saneamde Ferjitnisoarloch fierd om 'e hiele minskheid it bestean fan 'e skriklikste demoanen ferjitte te litten en dy wêzens sa alle macht te ûntnimmen. Thomas en Lara hearre ta de saneamde Venatori, de "Jagers", dy't krewearje foar de ferjitnis fan sokke wêzens. Se moatte net betize wurde mei de Venatori Umbrorum, de "Jagers fan de Skaden" (sa't se harsels neame), in genoatskip fan benammen akademisy dat fungearret as bûnsgenoat fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Dat is oarspronklik oprjochte troch de wiere Venatori om harren (ûnbewust) te helpen om 'e boppenatuerlike wrâld yn 'e rekken te hâlden. Harren namme wie dan ek oarspronklik bedoeld as de "Skaden fan de Jagers". Op Bob syn fraach wêrom't Thomas en Lara, dy't ommers fampieren binne, it wat skele kin oft gefaarlike demoanen yn 'e wrâld bliuwe, jout Thomas ta dat it harren der benammen om te dwaan is om 'e konkurrinsje út te skeakeljen, sadat se sels mear minsken opite kinne.

De Stygiaanske Susterskip is ien fan 'e groepen dy't yn 'e Ferjitnisoarloch oan 'e oare kant steane. De leden fan 'e Susterskip binne (fan oarsprong) minsklike froulju, dy't troch tsjoenderij dielen fan harren psyches ôfsnien hawwe om se te ferfangen troch dielen fan 'e psyches fan net-minsklike wêzens. Hja stride om in stikmannich meunsterlike masteressen út it ferjit te hâlden. Harren metoade dêrfoar is de fersprieding fan in kodeks fol rituëlen, it Lexicon Malos, dêr't ek de nammen yn steane fan 'e demonessen dy't se tsjinje.

As Bob fertelt dat Harry op it spoar fan in fermist bern is, begrypt Thomas wat de Stygiaanske Susterskip diskear yn 't sin hat. Se wolle Harry it bern weromfine litte, en dan, as skynbere bysaak, ek it Lexicon Malos ûntdekke litte. Harry sil dan dwaan wat er altyd docht as er in ûnbekend boek mei rituëlen fynt: it oerdrage oan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. En de Wite Ried hat it foar de moade om sokke boeken publisearje te litten en safolle mooglik te fersprieden. Dêrtroch wurde de rituëlen nammentlik ûnskealik makke, want elts ritueel hat mar in beheinde magyske krêft, en wat mear minsken der tagelyk gebrûk fan besykje te meitsjen, wat mear fertinne oft dy krêft rekket en wat minder effektyf oft it ritueel wurdt. Mar yn dit gefal giet it net om 'e rituëlen, mar om 'e fersprieding fan 'e nammen dy't dêrmei mank geane, en sa soe de Wite Ried de Stygiaanske Susterskip krekt yn 'e kaart spylje. En Thomas kin dit hiele ferhaal ek net útlizze oan Harry of de Wite Ried, want dat giet no krekt persiis yn tsjin wat de Venatori mei de Ferjitnisoarloch besykje te berikken. Hy kin Bob dizze ynformaasje allinnich mar fertelle om't Bob in elemintêre geast is dy't sels gjin bining mei de stjerlike wrâld hat; dêrom hawwe demoanen lykas dy dy't de Stygiaanske Susterskip yn 'e wrâld hâlde wol, der neat oan oft Bob fan harren bestean wit.

Thomas riddenearret fierders út dat Balera oan Harry ferteld hawwe moat wa't it fermiste bern ûntfierd hat, en dat se him doe sûnder mis in foto sjen litten fan immen mei it falske uterlik dat se Thomas oplein hat. Bob is no ree om him fan it falske uterlik ôf te helpen, mar Thomas kriget in idee, en lit it gewurde. Hy nimt wol Bob syn help oan om in nije lokalisearringsbetsjoening te learen dy't net fetber foar ynfloeden fan bûtenôf is. Dêrmei spoart er Harry op by in pakhûs dat er observearret en dat bewekke wurdt troch twa ghouls. Balera is by him, en spilet kundich de yn noed sittende mem. Thomas beklimt in oanbuorjend pakhûs en springt dan oan 'e efterkant, dêr't Harry en de ghouls it sicht net op hawwe, oer nei it dak fan it pakhûs dêr't it om giet. Dan wachtet er ôf.

Te neare nacht falt Harry mei syn tsjoenderij de beide ghouls oan. Thomas makket gebrûk fan al it leven troch in skylight yn te slaan en it pakhûs fan boppen ôf binnen te kringen. Hy ûntdekt it Lexicon Malos en stoppet dat yn syn rêchsek. Hy hat dan wêrfoar't er kommen is, mar beslút om noch in wraam op Balera te dwaan. Dêrta docht er him foar as de kweade genius dêr't sy him it uterlik fan jûn hat, mei in grutte cape oer syn rêchsek hinne, wylst er him mei in mês yn 'e hân oer it ûntfierde jonkje bûcht as stied er op it punt om it bern te offerjen. As Harry en Balera, nei't Harry de beide ghouls útskeakele hat, it pakhûs ynkomme, is Balera folslein ferbjustere om har optochte smjunt dêr oan te treffen. Harry giet daliks de striid oan, en Thomas moat flink wat ynkassearje as er nei de oare kant fan it gebou smiten wurdt. Hy wit it ljocht út de dwaan, en yn it dûnker falt Balera him dêr oan, wylst Harry mei de juste prioriteiten earst it jonkje befrijt. Balera rekket Thomas mei in mês dat ynsmaard is mei it bloed fan har demoanyske masteressen, en dat is gif dêr't sels Thomas net oer kin, alteast net mei sa'n bytsje iten as hy himsels de lêste jierren tastien hat te nimmen.

Hy jout him ôf en wit it trije oeren út te hâlden. Bob syn lokalisearringsbetsjoening wurket poerbêst mei de lok dy't er ûnder it gefjocht fan Balera har hier ôfsnien hat. As er har fûn hat, merkt se him pas op as er har al in tút yn 'e nekke jûn hat. Se besiket noch los te kommen, mar it is al te let en Thomas yt al har libbenskrêft op sadat er sterk genôch wurdt om it gif yn syn lichem te neutralisearjen. De oare moarns rekket mei de dage de yllúzje útwurke dy't Balera him oplein hie. Neitiid siket er Harry op. Dy hat in min sin fanwegen in nuvere saak dy't er de deis tefoaren hie. De ghoul dy't in bern ûntfierd hie, is ûntkommen, en de frou dy't him ynhierd hie om it bern te befrijen, bliek de mem hielendal net te wêzen. Se is no spoarloas, en noch wol sûnder him te beteljen. En wat it noch minder makket, is dat de wiere âlden fan it jonkje Harry de skuld fan 'e hiele saak jouwe en de plysje frege hawwe om him op te pakken. Soms, sa bekent Harry oan Thomas, fielt er him totaal net wurdearre. "Gôh," seit Thomas, "Hoe fielt dat?"

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases