Springe nei ynhâld

Tibetaanske mastyf

Ut Wikipedy
Tibetaanske mastyf
algemiene ynformaasje
oarsprong Tibet
klassifikaasje hiem- en ferdigeningshûn
FCI-nû. #230
lichemsskaaimerken
skofthichte 55-70 sm
gewicht 55-90 kg
kleur ferskaat (sjoch tekst)

De Tibetaanske mastyf is in grut hûneras dat oarspronklik út Tibet komt, mar ek tige algemien is yn westlik Sina, Mongoalje en Nepal. It is in hiem- en ferdigeningshûn, dy't yn it ferline troch de nomadyske stammen yn Tibet fokt waard om harren en har skiep en oar fee te beskermjen tsjin oanfallen fan wolven, loaihoarsen, bearen en tigers. Tibetaanske 'mastyf' is eins in misse namme, om't it gjin echte mastyf is. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Tibet besochten, seagen in grutte hûn dy't liek op de mastifen fan Jeropa, en neamden him dêrom in mastyf, hoewol't er dat net is, krekt sa't se de Tibetaanske terriër (gjin terriër) en de Tibetaanske spaniel (gjin spaniel) ek misneamden.

De Tibetaanske namme foar de Tibetaanske mastyf is drog-khyi (འབྲོག་ཁྱི), dat "nomadehûn" of "hûn dy't oan it tsjoar lein wurde kin" betsjut. Dat wiist op 'e skiednis fan dit hûneras as ferdigener fan keppels fee, tintekampen, doarpen, boedistyske kleasters en sels paleizen. Yn 'e nomadekampen waarden sokke hûnen oerdeis oan it tsjoar lein, mar nachts loslitten. Yn Nepal stiet de Tibetaanske mastyf bekend as Bhote kukur (fan Bhote, "Tibetaansk", en kukur, "hûn"). Yn Sina wurdt it ras 藏獒 neamd (Mandarynsk pinyin: Zàng áo; transliterearre Kantoneesk: Tzong ngou), dat "Tibetaanske mastyfhûn" betsjut. Yn Mongoalje bestiet in soartgelikense hûn dy't банхар, banchar, neamd wurdt, mar genetysk ferskilt fan 'e 'echte' Tibetaanske mastyf.

De Tibetaanske mastyf is ûntstien as in hiem- en ferdigeningshûn fan nomaden yn Tibet, hoewol't er ek tsjinst die as bewekker fan timpels, kleasters en paleizen. Hy wie fokt om keppels fee te beskermjen tsjin oanfallen fan wolven, loaihoarsen, bearen en tigers. Ek waard er ynset by de jacht op grut wyld, hoewol't er dêr net spesifyk foar bedoeld wie. De hûn waard yn 'e Aldheid al troch de Grykske wiisgear Aristoteles beskreaun, en ek de Midsiuwske Italjaanske ûntdekkingsreizger Marco Polo liet in beskriuwing nei.

In Sineesk skilderij fan in Tibetaanske mastyf út 'e Qing-dynasty (1636-1912).

By DNA-ûndersyk die yn 2011 bliken dat der in genetyske bân bestiet tusken de Tibetaanske mastyf en de Pyreneeske berchhûn, de Berner sennehûn, de Rottweiler en de Sint-Bernardshûn. It liket wierskynlik dat dy fjouwer Jeropeeske hûnerassen foar in diel ôfstamje fan 'e Tibetaanske mastyf. In oar ûndersyk út 2014 foege de Leonberger oan dy list ta. Yn 2016 waard ûndersocht hoe't de Tibetaanske mastyf him sa fluch oan 'e ekstreme berchtme-omstannichheden fan 'e Tibetaanske Heechflakte oanpasse kin yn ferhâlding ta oare bisten út dy kontreien, lykas de jak, de Tibetaanske antilope, it snieloaihoars en it everswyn. Dêrút kaam nei foarren dat de Tibetaanske mastyf hichtesykte wit foar te kommen trochdat it hemoglobinegehalte yn syn bloed heger leit as by hûnerassen dy't út it leechlân komme. Saakkundigen geane derfan út dat dat komt troch histoaryske krusings mei de Tibetaanske wolf (in ûndersoarte fan 'e grize wolf).

Yn 'e iere tweintichste iuw yntrodusearre kening George V in pearke Tibetaanske mastifen yn Ingelân. Dêr wiene yn 1906 genôch fan 'e bisten om by in hûnetentoanstelling yn it Crystal Palace sjen litten te wurden. Under de Twadde Wrâldoarloch rekke it ras lykwols yn it ferjit, en stoar de Tibetaanske mastyf yn Ingelân op in hier nei út. Nei 1980 wûn it ras wrâldwiid oan populariteit en krige it erkenning fan 'e Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) en de American Kennel Club (AKC).

Sûnt dy tiid woeks it tal fokkers fan Tibetaanske mastifen yn it Westen, en benammen yn 'e Feriene Steaten, tige sterk oan. Dat late by in soad eksimplaren ta oandwanings dy't it gefolch wiene fan yntylt, mei't der yn it Westen mar in beheind tal fan 'e hûnen beskikber wie om mei te fokken. Tsjintwurdich binne ferantwurdlike fokkers fan it ras hurd oan it wurk om troch selektyf fokken en it ynternasjonaal útwikseljen fan bloedlinen de genetyske problemen op te lossen. Lykwols besteane der noch altyd lûsje fokkers dy't har net oan 'e foarskriften hâlde en harren wurk inkeld sjogge as in manear om oan jild te kommen.

In Tibetaanske mastyf mei in 'liuwekop'.

Yn 2008 die de Tibetaanske mastyf foar it earst mei oan 'e prestizjeuze Westminster Kennel Club Dog Show. Yn 2011 soe in Sineeske frou mear as 4 miljoen Sineeske yuan betelle hawwe foar in folbloedrikel fan 'e Tibetaansk mastyf, en datselde jier soe in reade Tibetaanske mastyf yn Sina ferkocht wêze foar 10 miljoen yuan. Sokke ferhalen binne oer it algemien optinksels fan Sineeske hûnefokkers, dy't sa besykje en driuw de priis op. Foto's fan Tibetaanske mastifen dy't ôfkomstich binne fan Sineeske fokkers binne faak bewurke om kleuryntinsiteit en grutte te oerdriuwen. Tsjin 2015 wie de wurklike priis fan in Tibetaanske mastyf yn Sina troch merksêding en de ûngeskiktens fan dit soarte hûnen yn stedske fermiddens, weromfallen ta likernôch $2.000.

Yn 2013 besocht in dieretún yn 'e Sineeske stêd Louhe om in Tibetaanske mastyf trochgean te litten foar in liuw.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tibetaanske mastifen hawwe in skofthichte fan 55-70 sm, mei, foar rikels, útsjitters oant 83 sm. De hûnen út Tibet en omlizzende kontreien weagje 55-90 kg, mei in gemiddelde fan sa'n 75 kg, mar eksimplaren út Sineeske en Westerske kennels, dy't fokt wurde foar harren grutte, kinne soms wol 115 kg weagje. Foar de oarspronklike funksje fan it ras binne dat soarte hûnen folslein ûngeskikt, mei't it fierstente folle koste hawwe soe om se te fuorjen en boppedat soe harren twifelige lichemsbou har parten spile hawwe by wurk as hiem- en ferdigeningshûnen.

In reade Tibetaanske mastyf.

Guon fokkers meitsje ûnderskie tusken twa 'typen' fan 'e Tibetaanske mastyf, de do-khyi ("nomadehûn") en de Tsang-khyi ("hûn út Tsang"). Dat lêste type is grutter, swierder en hat yn it gesicht in ronfeliger hûd. Beide typen komme faak foar yn ien en itselde nêst jonghûnen; de pups fan it Tsang-khyi-type wurde dan pleatst yn mear sedintêre posysjes, lykas hiemhûn by in kleaster, wylst de lichtere do-khyi-hûnen aktiver wurk krije, lykas it beskermjen fan keppels fee.

De Tibetaanske mastyf hat in pels fan koart ûnderhier en lang boppehier, dy't in breed skala oan kleuren hawwe kin. Sa komme der eksimplaren foar dy't hielendal swart binne, mar ek swart en brún, ferskate tinten read (fan readbrún oant fjoerread) en blau-grizich, faak mei wite plakken. Anno 2014 wiene der fokkers dy't Tibetaanske mastifen besochten te ferkeapjen dy't hielendal wyt wêze soene. Eins binne dy hûnen hiel bleek goud ynstee fan wyt, mar op foto's dy't sirkulearren op it ynternet wie de echte kleur bewurke om wyt te lykjen. In oare yndieling fan 'e Tibetaanske mastyf yn twa typen is: liuwekop (lytser fan stal mar mei útsûnderlik lang hier om 'e hals en nekke hinne) en tigerkop (grutter fan stal en mei koarter hier).

In wite Tibetaanske mastyf.

De pels fan 'e Tibetaanske mastyf mist de ûnoangename rook fan grutte hûnen dêr't in protte hûnerassen lêst fan hawwe. Syn pels, lykfol de lingte of kleur, nimt smoargens en luchtsjes oer it algemien net op. Hoewol't de hûnen it hiele jier troch wol wat hier ferlieze, ferhierje se mar ien kear yn 't jier, oan 'e ein fan 'e simmer of it begjin fan 'e hjerst. Sterilisaasje kin lykwols by de Tibetaanske mastyf dramatyske feroarings tewei bringe oangeande struktuer, tichtens en ferhierringspatroan fan 'e pels.

De Tibetaanske mastyf is ien fan 'e mar in pear saneamde 'primitive' hûnerassen wêrby't de teven mar ien kear yn 't jier loopsk wurde. Dat skaaimerk behâldt dizze hûn sels as er op folle minder grutte hichte en yn folle myldere klimaten holden wurdt as yn Tibet. Itselde skaaimerk komt ek foar by wylde hûneftigen, lykas de wolf. Om't by de Tibetaanske mastyf de fuortplanting almeast yn 'e midden of de ein fan 'e hjerst plakfynt, wurde de measte nêsten jonghûntsjes yn desimber en jannewaris smiten.

As in bewekker fan feekeppels makket de Tibetaansk mastyf gebrûk fan alle taktiken om rôfdieren op in ôfstân te hâlden en in direkte konfrontaasje foar te kommen. Dat betsjut dat se bylje as se in ûnbekend lûd hearre en ek dat se mei pisjen harren territoarium ôfsette. Mear sosjalisearre eksimplaren kinne goed ta mei in rom, troch in stek of skud omjûn hiem, benammen as der noch in twadde hûn is (net needsaaklikerwize fan itselde ras) om har selskip te hâlden. De Tibetaanske mastyf is lykwols gjin geskikte hûn om yn in appartemint of yn in hûs sûnder (of mei mar in lytse) tún te hâlden.

In Tibetaanske mastyf yn Tibet.

De Tibetaanske mastifen dy't yn it Westen fokt wurde, binne oer it algemien wat makliker yn 'e omgong as de hûnen út Tibet sels, mar dochs bliuwe se ynearsten wat ôfhâldich fan frjemden dy't troch har baaske yn harren territoarium (d.w.s. hûs) litten wurde. Troch iuwen fan selektyf fokken is it ras útgroeid ta in poerbêste nachtlike skyldwacht, dy't tusken syn sliepende eigner(s) en rôfdieren of minsklike ynkringers yn stiet. Dat betsjut lykwols dat Tibetaanske mastifen benammen by dei sliepe en nachts wach (en dus aktiver) binne. Se blaffe dan op elts lûd dat har net oanstiet, en it wurdt dêrom net oanret om sa'n hûn nachts bûten te litten as men buorlju deunby te wenjen hat.

Krekt as alle keppelbewekjende hûnerassen is de Tibetaanske mastyf tige koppich, dat hearrigenstraining wurdt oanret, hoewol't dy by guon eksimplaren net mear as lichtlik súksesfol is. As de hûn net útslutend as feebewekker ynset wurdt, moat der ek sosjalisaasjetraining plakfine, om't de beskermjende ynstinkten oars mei de hûn op 'e rin gean kinne. Dat kin deryn resultearje dat er him sels keart tsjin goedmienende besikers. De Tibetaanske mastyf kin in treflike gesinshûn wêze as er it juste gesin treft. Eigners moatte de psychology fan 'e hûn begripe en ree wêze om 'e rol fan ridellieder op har te nimmen. Gebrek oan konsekwinte, rasjonele dissipline kin liede ta it ûntstean fan gefaarlike hûnen dêr't nimmen it hâlden en dragen noch fan foarsizze kin. It ras wurdt dêrom net oanrikkemandearre foar lju dy't noch nea in hûn hân hawwe.

De kop fan in Tibetaanske mastyf.

De Tibetaanske mastyf is mei minder genetyske sykten oanhelle as guon oare hûnerassen, mar dochs komme gefallen foar fan û.m. hypotyreoïdy (tekoart oan skyldklierhormoanen), entropion (nei binnen tearen fan 'e eachlidden), ektropion (nei bûten tearen fan 'e eachlidden), distichiasis (ûntstekking fan it each troch teisters dy't op ferkearde plakken groeie), hûdproblemen, autoymmúnsykten, de sykte fan Addison (oandwaning oan 'e bynierskoars), de sykte fan Cushing (tumorgroei op klieren), gebitsproblemen, hertproblemen en te lytse earkanalen dy't gau ynfektearre reitsje. Krekt as alle grutte hûnerassen stiet de Tibetaanske mastyf fierders bleat oan heupdysplasy. In soad fokkers hâlde út dat de libbensferwachting fan harren hûnen 10 oant 16 jier is, mar sokke bewearings binne faak sûnder grûn. Guon bloedlinen produsearje yndie hûnen dy't lang libje, mar út oaren, dy't mear fan yntylt te lijen (hân) hawwe, komme koart libjende hûnen mei sûnensswierrichheden fuort.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 108: Tibetaanske mastiff.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.