Ynternasjonale Kynologyske Federaasje

Ut Wikipedy
Ynternasjonale Kynologyske Federaasje
Fédération Cynologique Internationale
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FCI
nasjonaliteit Belgysk
type org. feriening
wurkmêd kynology
haadkertier Thuin (Walloanje)
off. taal benammen Frânsk
oprjochte 1911
tal leden 84 nasj. ferienings
aktyf yn 84 lannen
offisjele webside
www.fci.be

De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (offisjeel, Frânsk: Fédération Cynologique Internationale), meast oantsjut mei de ôfkoarting FCI, is de wichtichste ynternasjonale federaasje fan nasjonale kynologyske ferienings. Dizze organisaasje is fêstige yn it Belgyske Thuin, en stelt him ta'n doel om 'e fokkerij en it hâlden fan rassuvere hûnen oan te moedigjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FCI waard yn 1911 oprjochte troch kynologyske ferienings út Dútslân, Eastenryk, Belgje, Nederlân en Frankryk. Under de Earste Wrâldoarloch stoar de organisaasje lykwols in sêfte dea, sadat de Societé Centrale Canine de France en de Belgyske Societé Royale Saint-Hubert de FCI yn 1921 fannijs oprjochtsje moasten. Yn maaie 2008 hie de FCI 84 leden, mei ien lid per lân. Nederlân wurdt yn 'e FCI fertsjintwurdige troch de Ried fan Behear op Kynologysk Mêd yn Nederlân. Foar in folsleine list fan alle lidorganisaasjes fan 'e FCI, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Wurkmêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eltse nasjonale kynologyske feriening regulearret syn eigen rasferienings en stamboeken en liedt syn eigen sjueryleden op. De FCI koördinearret dêrby de ynternasjonale kontakten troch te bewissigjen dat stambeammen en sjurearrings wrâldwiid erkend wurde. Boppedat organisearret en sponsort de FCI de Wrâldhûneshow en oare ynternasjonale hûnetentoanstellings.

Hûnerassen wurde troch de FCI foarsjoen fan in rasnûmer en yndield by ien fan tsien groepen:

  1. hardershûnen
  2. pinschers en schnauzers
  3. terriërs
  4. takshûnen
  5. Skandinavyske slide- en jachthûnen en primitive hûnen
  6. speurhûnen en oanbesibbe rassen
  7. steande hûnen
  8. retrievers en wetterhûnen
  9. grutte en lytse selskipshûnen
  10. wynhûnen

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.