Teister

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De teisters fan in frou.

In teister of eachteister is by minsken en oare sûchdieren ien fan 'e stive, boarstelige hierkes dy't yn twa rigen by de úteinen fan it boppeste en ûnderste eachlid lâns groeie. Yn it deistige spraakgebrûk wurdt mei "de teisters" faak inkeld nei de begroeiïng fan it boppeste eachlid ferwiisd.

De biologyske funksje fan teisters is om stofdieltsjes en oare smoargens bûten it each te hâlden. Sadwaande binne se tige taastgefoelich; as se ek mar troch it minste of geringste beroerd wurde, soarget in refleks dat it each daliks tichtgiet. Mei't teisters gauris fernijd wurde en de âlde hierkes dan los reitsje, komt it lykwols geregeldwei foar dat teisters sels it each op in tige yrritante manear besmoargje.

Teisters bepale in wichtich diel fan 'e eachopslach, en fral by froulju wurde se oer it algemien as moaier ûnderfûn neigeraden dat se tsjûker en langer binne. Sadwaande meitsje froulju (en inkeld manlju ek wol) de teisters op troch it gebrûk fan dûnkerkleurige maskara, dat se dúdliker sichtber makket. Foar datselde doel besteane der ek keunstteisters, dy't oan in plakrâne sitte dy't men op it eachlid plakke kin. Soms kinne teisters yngroeie of kinne teisterhierpûdsjes ûntstutsen reitsje. Dan kriget men in bobbeltsje op it eachlid dat yn 'e folksmûle in "strontsje" neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.