Burton (Michigan)
Burton | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Genesee County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 28.648 (2016) | |
Oerflak | 60,7 km² (ynkl. wetter) 60,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 490 / km² | |
Stêdekloft | 356.218 (2010) | |
Hichte | 235 m | |
Oar | ||
Stifting | 1831 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 42°59′28″N 83°38′07″W | |
Offisjele webside | ||
www.burtonmi.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Burton yn Genesee County en yn 'e steat Michigan. |
Burton is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Michigan. It plak leit yn it eastlik-sintrale diel fan Neder-Michigan en is in foarstêd fan it folle gruttere Flint. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Burton doe in befolking fan krapoan 29.000 minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de krite fan Burton earder bewenne waard troch Yndianen (benammen Ottawa en Odjibwe) en troch blanke jagers, kamen de lju dy't der yn 1831 in fêste delsetting stiften, foar it meastepart út 'e plakken Adams en Henderson, yn Jefferson County yn 'e steat New York.
Tweintich jier lang stie dy delsetting bekend ûnder de namme 'Atherton', nei de bruorren Shubael en Perus Atherton en harren omkesizzer Pliny Atherton Skinner, dy't har yn 1835 nei wenjen setten oan it beekje de Thread Creek. Letter krigen dy mannen selskip fan in trêde broer, Adonijah. Yn 2014 wennen der noch altyd neikommelingen fan dy earste Athertons yn Burton.
Yn 1855 krige Burton formeel erkenning as Burton Township. Troch de jierren hinne waarden grutte dielen fan noardlik en westlik Burton aneksearre troch it oanbuorjende Flint. Op 1 july 1972 krige Burton stedsrjochten nei't de befolking dêr yn in referindum foar stimd hie. It efterheaksel Township waard doe út 'e plaknamme falle litten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Burton yn 2016 in befolking fan 28.648 minsken. De befolkingstichtens bedroech 490 minsken de km².
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Burton 13,2% âlder as 65 jier en 24,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 8,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 85,0% blanken; 7,3% swarten; 3,1% Latino's; 0,6% Aziaten; 0,6% Yndianen; 3,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Burton hat in lânklimaat, dat karakterisearre wurdt troch grutte ferskillen tusken simmer en winter. De simmers binne hjit en faak ek near, wylst de winters kâld binne, soms sels bittere kâld, mei ornaris in protte sniefal.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- yn Burton is de útjouwerij Subterranean Press fêstige
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |