Springe nei ynhâld

Proven Guilty

Ut Wikipedy
Proven Guilty
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2006, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Dresden Files
● foarich diel Dead Beat
● folgjend diel White Night
kodearring
ISBN 0 45 14 60 855

Proven Guilty is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut safolle as "Fan Wa't de Skuldigens Bewiisd Is". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it achtste diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Dead Beat. Yn Proven Guilty wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, oerladen mei opdrachten fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, wylst er tuskentroch ek noch de dochter fan in goede freon helpe moat. Proven Guilty waard yn 2006 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2007 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard under Fire, tegearre mei White Night, it njoggende diel fan The Dresden Files.

Proven Guilty begjint as Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, yn syn eigen stêd oanwêzich is by de eksekúsje fan in Koreaanske jonge fan sechstjin troch de Wite Ried fan Tsjoenderij. De jonge is in warlock, dy't him skuldich makke hat oan it geastlik oerhearskjen fan syn famyljeleden, fan wa't er fjouwer twongen hat selsmoard te dwaan. Nettsjinsteande it feit dat de jonge net doge woe en in grut gefaar foar syn om-en-by wie, kin Harry him inkeld as in tiner sjen en is er der nei de terjochtstelling beroerd oer. Hy kriget oer de kwestje in ferbale konfrontaasje mei de Merlyn, de foarsitter fan 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. Harry is no in warder fan 'e Wite Ried om't de tsjoenders trijefearnsjier earder troch tadwaan fan in ûnbekende ferrieder yn 'e eigen rangen swiere ferliezen lit hawwe yn harren oarloch mei it Reade Hôf fan 'e fampieren (sjoch: Dead Beat). Nettsjinsteande dat hat de Merlyn gjin fertrouwen yn Harry, en wachtet er oant Harry in flater begiet, sadat er mei him ôfweve kin. Hy is nammers noch net fergetten dat Harry de oarloch mei de fampieren sels feroarsake hat (sjoch: Grave Peril).

Harry hat ek in ûnderhâld mei syn âlde mentor, de tsjoender Ebenezar McCoy, dy't him freget om út te sykjen wêrom't de ierdgeasten fan it Simmerhôf en it Winterhôf noch gjin oarloch tsjin 'e fampieren begûn binne. Doe't de fampieren ferline jier de Wite Ried sa'n grutte slach tabrochten, binne se nammentlik yn it domein fan 'e ierdgeasten trochkrongen (sjoch: Dead Beat), en dy litte ornaris net mei harren omboartsje. It komt de Wite Ried oars al min út dat de ierdgeasten no ynienen lankmoedich wurden binne, want de tsjoenders kinne op it stuit de striid inkeld noch folhâlde troch de stipe fan harren minsklike bûnsgenoaten fan geheime organisaasjes as de Venatori Umbrorum en it Genoatskip fan Sint Gilles. Harry seit ta dat er de saak ûndersykje sil. McCoy langet him ek in brief oer fan 'e Poartewachter, in oar lid fan 'e Hege Ried. Dy skriuwt dat der de lêste tiid ferskate gefallen fan swarte magy yn Chicago west hawwe, hoewol't by syn witten de oare leden fan 'e Hege Ried dêr noch net fan op 'e hichte binne. Harry begrypt dat er him ek gau yn dy saak ferdjipje moat as er de kâns hawwe wol om dermei ôf te weven sûnder dat de Merlyn oer syn skouder meisjocht en alles wat er docht ûnder in fergrutglês leit.

Op 'e weromweis fan 'e eksekúsje wurdt Harry earst konfrontearre mei in kreaze frou yn 'e passazjiersstoel fan syn auto, dy't sûnder warskôging út it neat ferskynt. It is, sa wit er, in hallusinaasje feroarsake troch de fallen ingelinne Lasciël, fan wa't in ôfdruk yn syn harsens libbet sûnt er inkele jierren earder ien fan 'e Tritich Sulverstikken oppakt hat (sjoch: Death Masks). Harry hat Lasciël noch net ôfpoeiere, om't er neat mei har te krijen hawwe wol, as er mei opsetsin oanriden wurdt. Foar't er út syn it wrak fan syn auto klimme kin, is de dieder al fuortriden. Harry hâldt der in lichte harsensskodding oan oer en lit him thúsbringe troch syn goede freondinne Karrin Murphy, dy't by it Chicago Police Department wurket. Harry wennet yn in appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou, dat er sûnt inkele jierren dielt mei syn healbroer, de wite fampier Thomas Raith (sjoch: Blood Rites), dy't him de lêste tiid frijwat nuver hâldt en draacht. Dêr oankommen, fertelt Harry Murphy oer de warskôging fan 'e Poartewachter om út te sjen nei swarte magy. Murphy, dy't oan it haad stiet fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e plysje fan Chicago, ûnthjit Harry dat se him op 'e hichte hâlde sil as se wat sjocht of heart dat dêrmei te krijen hawwe kin.

As Harry wer wat bekommen is, skillet er Fix op, de Simmerridder, dy't him noch wat skuldich is (sjoch: Summer Knight). Harry wol fan him witte wêrom't it Simmerhôf net fanwegen kommen is tsjin it Reade Hôf fan 'e fampieren, mar Fix wol it der oer de tillefoan net oer hawwe. Se prate ôf om inoar de oare deis om itenstiid hinne te treffen yn Harry syn stamkroech McAnally's. Neitiid bellet Harry noch ferskate oare kunde fan him op om te besykjen ynformaasje te krijen oer de foarfallen fan swarte magy dêr't de Poartewachter it oer hie, mar dat smyt neat op. Dêrop giet er te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. As Harry klaget oer de dizenigens fan it boadskip fan 'e Poartewachter, leit Bob him fuortendaliks út dat it nei alle gedachten basearre is op wittenskip efterôf. De Poartewachter moat himsels út 'e takomst wei in berjocht stjoerd hawwe; machtige tsjoenders kinne dat, mar se moatte der wol o sa om tinke dat se de rin fan 'e tiid net yn 'e tiis bringe. Dêrfandinne de dizenige omskriuwing. Harry beslút de saak oars oan te pakken en de makette fan 'e binnenstêd fan Chicago, dy't er de ôfrûne moannen mei soarch yn syn laboratoarium boud hat, te brûken om te sykjen nei gefallen fan deadseangst, dat oer it algemien mank giet mei it foarkommen fan swarte magy.

Ear't er dêr lykwols ta komme kin, wurdt er skille troch Molly Carpenter, de âldste, santjinjierrige, dochter fan in freon fan him. Har heit, Michael Carpenter, is ien fan 'e trije Ridders fan it Krús, dy't in swurd hawwe dêr't ien fan 'e spikers yn ferwurke is dy't brûkt is by de Krusiging fan Jezus. Harry hat him de ôfrûne jierren net sjoen, om't er him aktyf ûntrint; hy is nammentlik benaud dat Michael, mei syn fan God jûne krêften, de ôfdruk fan 'e fallene ingelinne Lasciël yn syn him gewaarwurde kin. Molly fertelt Harry dat se arrestearre is, en smeket him om jild yn te lizzen sadat se op boarchtocht frijkomme kin. Harry lit him beprate en reizget mei syn reuseftige en hyperyntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse yn in taksy nei it plysjeburo. Dêr wurdt er foar de doar opwachte troch Molly, dy't dúdlik net finzensit. Dan komt de aap út 'e mouwe: se wol dat Harry de boarch betellet foar har frijer Nelson Lenhardt, dy't fêstholden wurdt op fertinking fan mishanneling. Harry is net wiis mei de gong fan saken, mar hy lit him op 'e nij troch de kreaze Molly beprate.

As Nelson frijlitten wurdt, fertelt er dat er op 'e horrorkonvinsje SplatterCon!!!, dêr't er ien fan 'e organisators fan is, op it húske siet doe't der in oar de wc-romte binnenkaam. Fuort dêrnei joech immen in gjalp as wied er yn deadsneed, mar tsjin 'e tiid dat Nelson de broek oplutsen en de doar iepen hie, lei Clark Pell, de eigner fan 'e âlde bioskoop njonken it hotel dêr't de konvinsje organisearre wie, hielendal yninoar slein bliedend op 'e flier en wie der fierders nimmen te sjen. Doe't fuort letter oaren op 'e skreau fan Pell ôfkamen, namen se oan dat Nelson de dieder wie. Molly freget Harry om 'e saak te ûndersykjen, om't se fermoedet dat der wat boppenatuerliks oan 'e hân is. Harry seit syn help ta, en betellet ek foar de taksyrit dy't Nelson nei de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare bringt, dêr't er de bekende regisseur fan horrorfilms Darby Crane ôfhelje moat. Underweis stelt Harry fêst dat de auto dy't him nei it plysjeburo ta folge is, noch altyd efter harren oanriidt. Nei't se Nelson op O'Hare ôfset hawwe, stiet Harry derop om Molly thús te bringen, wat sy hielendal net wol. Diskear slagget it har lykwols net om Harry te bepraten, dat se sette nei it hûs fan Michael en Charity Carpenter ta. It docht bliken dat Molly dêr al in skoftke net mear wennet, om't se oanhâldend rûzje hat mei har mem. Fierders blykt dat Michael neat gewaarwurdt fan 'e oanwêzigens fan 'e ôfdruk fan Lasciël yn Harry syn holle, sadat Harry him skuldich fielt dat er syn freon al dy tiid ûntrûn is. Michael stiet op it punt om mei syn swurd op 'en paad, mar hy freget Harry om wat om Molly te tinken, wat Harry taseit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid giet Harry mei Molly nei it hotel dêr't SplatterCon!!! holden wurdt. By it plak delikt treft er Rawlins, in plysjeman dêr't er kunde oan hat, dy't him eefkes om 'e hoeke fan 'e doar yn wc-romte sjen lit. Troch syn Wiere Sicht te brûken, in fermogen dat tsjoenders hawwe om 'e saken te sjen sa't se wier binne, stelt Harry fêst dat by de mishanneling fan Pell swarte magy brûkt is. Hy beseft dat er mei in omwei de foarfallen ûntdutsen hat dêr't de Poartewachter him foar warskôge. Dan geane ynienen alle ljochten út en begjinne de konvinsjebesikers te razen. Harry makket ljocht mei it betsjoende pentagram dat er oan in keatlinkje om syn hals draacht, en set op 'e boarne fan 'e fersteuring ta. Rawlins lûkt syn pistoal en giet mei. Yn ien fan 'e sealen fan it hotel dy't foar de gelegenheid fan 'e konvinsje omfoarme is ta filmseal, treffe se in beamlange keardel mei it masker fan in iishockeykeeper foar, dy't mei in sichte op 'e konvinsjebesikers yn hout. Rawlins sjit him ferskate kearen yn 'e holle, mar dêr wurdt er allinnich mar lulk fan. Harry blaast him mei tsjoenderij efteroer fan 'e fuotten ôf, troch it filmdoek hinne en tsjin 'e efterwand fan 'e seal oan, dêr't er foar harren eagen ferdwynt en inkeld in fluch weiwurdende berch slym efterlit. Harry wit dat dat ektoplasma is, wat betsjut dat it in wêzen wie dat oproppen is út it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike.

By de oanfal is ien jongeman deade, wylst ferskate oare konvinsjebesikers ferwûne rekke binne. As dy ôffierd binne nei it sikehûs, en Rawlins ek, dy't in haal mei de sichte oer de earm krigen hat, wurdt Harry in oere lang ûnderfrege troch resjersjeur Greene. Dat is in man dy't, oars as bygelyks Rawlins, noch nea mei it boppenatuerlike te krijen hân hat. De antwurden dy't er fan Harry kriget, befalle him dan ek net, en hy beslút dat Harry mei sin meiwurking wegeret, of dat er sels by de oanfal belutsen wêze moat. Harry wurdt rêden troch Murphy, dy't opdaagjen komt om it ûndersyk oer te nimmen. As er dan de tiid hat om oer it foarfallene nei te tinken, beseft Harry dat it wêzen dêr't hy en Rawlins it tsjin opnommen hawwe, as twa drippen wetter liek op de Risper, de haadpersoan yn 'e Suburban Slasher-horrorfilmsearje. By kontrôle nei de film dy't yn 'e seal fertoand waard, docht bliken dat it yndie in film út dy rige wie. Harry wol dan witte hokker film oft dy middei yn 'e bioskoop fan Pell fertoand wie foar't de âldman yn it hotel oanfallen waard; dat blykt Hammerhands te wêzen, en it hat der alle skyn fan dat Pell it slachtoffer wurden is fan 'e haadpersoan út dy film. It is Harry noch net alhiel dúdlik wat der op SplatterCon!!! oan 'e hân is, mar hy en Murphy kinne it mar better útsykje foar moarntejûn, want dan is it MovieFest, en draaie der op 'e konvinsje tolve films tagelyk.

De oare moarns, as Harry oerleit mei de ôfdruk fan Lasciël, ornearret hja dat it wêzen efter de oanfallen op 'e konvinsje in spiritueel rôfdier wêze moat. Neitiid set Harry mei Mouse, Murphy en de skedel fan Bob yn in rêchsek ôf nei it sikehûs, om 'e slachtoffers te befreegjen. De ferwûne jongeman, Ken, is yn 'e nacht ferstoarn. Ien fan 'e froulike slachtoffers, Rosie, is der fysyk net sa min oan ta, mei inkeld in brutsen kaaibonke; om har ferwûnings soe se eins wol nei hûs meie, mar om't se yn ferwachting is, hawwe de dokters besletten har noch wat langer yn it sikehûs te hâlden. Hja is in goede freondinne fan Molly, dy't de hiele nacht net fan har side wykt is. As Harry it Wiere Sicht brûkt om te sjen hoe't Rosie der geastlik oan ta is, liket de skea ta te fallen, hoewol't har geastlike sels in pear lytse gatsjes yn 'e sliepen hat dy't Harry net ferklearje kin. De jûns tefoaren hie Harry opmurken dat Rosie de groeden fan in protte ynjeksjes yn binnenkant fan 'e earmtakke hat, en as er har freget hoelang't se al fan 'e drugs ôf is, antwurdet se dat se no twa wiken clean is, om't se swier rekke is, en dat se de heroïne sels net iens mist. De heit fan Rosie har poppe wie de stoarne Ken, en Murphy hat de taak om it fanke oer de dea fan har frijer te fertellen. Se litte Rosie yn triennen efter oan 'e soargen fan Molly. As Harry de moeting letter mei Murphy bepraat, is dy fan miening dat Rosie liicht; sa fluch kin men simpelwei net ôfkicke. Harry wit dat der wat net kloppet mei it fanke, mar kin der net alhiel de finger op lizze.

It besyk oan it oare ferwûne famke giet in stik flugger. Hoewol't de lichaamlike ferwûnings (úteinlik) genêze sille, stelt Harry mei syn Wiere Sicht fêst dat har geast alhiel te flarden riten is. It famke reägearret nearne op, en Harry wit dat se dat ek nea wer dwaan sil. De âldman, Clark Pell, is wol by sûpe en stút. Hy hat in geastlik wan bruien hân dat de skriklike mishanneling fan syn lichem wol belykje kin, mar hy is âlder, en hat yn syn libben nei't it skynt wol faker aaklike dingen meimakke. Dêrtroch hied er mear wjerstân tsjin 'e oanfal op him. As Harry him ûnderfreget, jout Pell ta dat er tramtearre is troch it titelpersonaazje út 'e horrorfilm Hammerhands, en hy foeget dêroan ta dat dat de iennichste film wie dêr't er ea bang fan wurden is. Dat jout Harry in wichtige oanwizing oangeande de dieder fan 'e oanfallen. Hy ornearret dat it in fobofaach (letterlik: 'eangst-iter') wêze moat, in wêzen dat tart op 'e eangst dy't er oaren oanjeie kin.

Werom yn syn appartemint trappearret Harry syn healbroer Thomas as dy't stilwei ferhúzje wol. Hy seit dat er fêst wurk fûn hat en dat er al langernôch op Harry ompongluze hat. Harry winsket him it bêste, mar bliuwt efter mei in gnabjend gefoel dat Thomas wat ferberget. Hy hat lykwols gjin tiid om dêr lang oer te prakkesearjen, want hy moat sjen dat er yn syn stamkroech MacAnally's komt, dêr't er ommers in ôfspraak hat mei Fix, de Simmerridder. It docht bliken dat Fix de Simmerfrouwe, Lily, meibrocht hat. Se binne âlde bekenden fan Harry (sjoch: Summer Knight), mar troch harren ferheffing ta har nije posysjes yn it Simmerhof fan 'e ierdgeasten binne se bot feroare. As Harry harren ûnderstiet oer de riedselige ûnwilligens fan 'e ierdgeasten en fal it Reade Hôf fan 'e fampieren oan, docht al rillegau bliken dat se him dêr net folle oer fertelle kinne, om't Titania, de Simmerkeninginne, harren in betsjoening oplein hat dy't dat foarkomme moat. Nettsjinsteande dat witte se, troch yndirekte oanwizings te jaan, Harry dúdlik te meitsjen dat it Simmerhôf op 'e hannen sit om't Titania bang is foar in oanfal troch it Winterhôf sadree't sy har tsjin 'e fampieren keart.

Op Harry syn fersyk ropt Lily har wjergader op, de Winterfrouwe Maeve. Harry hat noch wat fan har tegoede om't se in jier earder har hofdame Jenny Greenteeth stjoerd hat om 'e brulloft fan Harry syn freonen Billy en Georgia te ferrinnewearjen (sjoch: Something Borrowed). Hy biedt lykwols oan en lit dy jildige reden ta in skeel farre, as Maeve fertelt wêrom't it Winterhôf de fampieren net oanfallen hat. Maeve giet dêrop yn en fertelt dat Mab, de Winterkeninginne, it ferbean hat, en dat se har legers sammele hat om it Simmerhôf oan te fallen. Se seit derby dat se bang is dat Mab gek wurden is, krekt sa't dat inkele jierren earder ek mei de Simmerfrouwe Aurora bard is (sjoch: Summer Knight).

Werom by SplatterCon!!! blykt it grouwélich barren fan 'e foargeande jûns foar in ferdûbeling fan it tal besikers soarge te hawwen, wylst it by it plak delikt swart sjocht fan 'e media. Murphy fertelt Harry dat resjersjeur Greene ûnderwilens de help fan 'e FBI ynroppen hat. Ta Murphy har ôfgriis is de FBI-agint dy't de lieding oer it ûndersyk oernommen hat har eks-man Rick. Harry freget Murphy en set har kontakten by de brânwacht yn om it hotel dêr't SplatterCon!!! holden wurdt, kontrolearje te litten op brânfeiligens. It liket him ta dat dêrfoar fiersten tefolle lju oanwêzich binne, dat mei in bytsje gelok soe de brânwacht it besikerstal teminsten in bytsje úttinje kinne. Harry en Murphy sjogge de ferneamde horrorfilmmakker Darby Crane, dy't him fertocht hâldt en draacht, en hawwe in konfrontaasje mei him en syn abbekaat Lucius Glau, dy't hast útrint op geweld, en dy't harren efterlit mei mear fragen as antwurden.

As er risselwearret om in betsjoening oer it hotel te lizzen dy't him witte litte sil wannear't en wêr't in fobofaach út it Nevernever dizze reäliteit ynkringt, wurdt Harry ûnderbrutsen troch Sandra Marling, de foarsitter fan 'e feriening dy't de konvinsje organisearret. Sy fertelt him dat Molly no al oerenlang yn in hotelkeamer troch Greene en Rick ûnderfrege wurdt. Harry freget Lydia Stern om help, in sjoernaliste fan 'e Midwestern Arcane dy't alle gesachsdragers leaver út 'e wei geane. Hy ûnthjit har ynformaasje oer de boppenatuerlike foarfallen yn it hotel as se him helpe wol. Wylst Marling Molly har âlden skillet, ûnderbrekt Harry de ûnderfreging en befrijt Molly mei help fan Stern. Neitiid lûkt Harry him werom yn in hotelkeamer, dêr't er mei help fan Bob, dy't er meinommen hat yn in rêchsek, de betsjoening oer it hotel leit. Bob fertelt him dat de fobofaach foar 't neist stjoerd of oproppen is. As er út it Nevernever wei stjoerd is, beheint dat it tal mooglike dieders, mei't dêr in ûnbidige soad magyske krêft foar nedich is, lykas dy fan in keninginne fan ien fan 'e beide hôven fan 'e ierdgeasten. Folle mear foar de hân leit, dat er troch immen yn 'e minsklike wrâld oproppen is. Yn oerlis mei Bob beslút Harry om 'e oproppen fobofaach, sadree't it wêzen oerkomt út it Nevernever, as in boomerang op 'e opropper sels ôf te stjoeren.

Wylst Harry dy jûns yn syn hotelkeamer risselwearret om yn te gripen sadree't de betsjoening dy't er oer it hotel lein hat, him fertelt dat der wat yn 'e wrâld trochkringt út it Nevernever wei, wurdt er opbelle troch Molly har feint Nelson. Dy is yn panyk om't er mient dat er efterfolge wurdt troch wat boppenatuerliks, en hy wol dat Harry him beskermet. Om't Harry op it stuit de hannen fol hat, stjoert er him nei syn freon pastoar Forthill ta, yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan de Ingels. As de oanfal út it Nevernever úteinlik komt, is it net ien fobofaach, mar binne it fjouwer. Harry wit trije op 'e opropper ôf te stjoeren, mar ien ûntkomt him en kringt by de kokens it hotel yn. Hy hastiget him nei ûnderen ta dêr't tsjin dy tiid in wier pandemonium útbrutsen is. Plysjeminsken en guon konvinsjebesikers dy't fjoerwapens by har blike te dragen, sjitte op alles dat beweecht en de fobofaach deadet fjouwer minsken ear't Harry it ding berikke kin om it werom te stjoeren nei it Nevernever. In fyfde persoan is omkommen by de sjitpartij en ferskate oare lju binne swierferwûne. Resjersjeur Greene hat fan 'e fobofaach in bêste terwinkel tsjin 'e holle hân en is útskeakele; itselde jildt foar FBI-agint Rick, dy't rekke is troch in ferdwaalde kûgel. Dat betsjut dat it hiele fiasko no Murphy har ferantwurdlikheid is.

Harry beslút mei Mouse efter de opropper oan te gean, en Murphy stjoert Rawlins mei. As se yn in parkearkelder Rawlins syn auto ophelje sille, wurdt Mouse lykwols oanriden troch in bestelbuske dat bestjoerd wurdt troch Lucius Glau. Foar't Harry trochhat wat er bart, slacht Darby Crane him bewusteleas. As er wer bykomt, blykt dat hy en Rawlins fêstholden wurde yn in ferfallen âld garaazje, dêr't Crane oer it ynternet in feiling organisearret om Harry te ferkeapjen oan 'e heechste bieder. Mei't er frijwat fijannen makke hat, binne der in soad lju dy't him wol hawwe wolle, te begjinnen mei de widdo fan 'e reade fampier Paolo Ortega. Harry beseft lykwols dat er de garaazje ken: it is de Half Moon Garage, dêr't er jierren lyn alris earder fêstholden is troch in motorbinde besteande út lykantropen (sjoch: Fool Moon). Hy waard doe befrijd troch wearwolven dy't in gat ûnder ien fan 'e sydwanden fan 'e garaazje groeven. Nei't se mei help fan 'e ôfdruk fan Lasciël yn Harry syn holle út harren boeiens loskommen binne, witte Harry en Rawlins no troch datselde gat út 'e garaazje te ûntkommen.

Foar't se fierder útnaaie kinne, wurde se lykwols bûten wer ûnder skot nommen troch Darby Crane, dy't Rawlins deasjitte wol om Harry in leske te learen. Mar safier komt it net, want Harry syn healbroer Thomas Raith stapt mei in ôfseage jachtgewear út it skaad wei en sjit Crane yn 'e skonken, wylst de deawaande Mouse, dy't Thomas by him hat, ôfweeft mei Glau. Harry begrypt dan dat Thomas dejinge is dy't him de lêste tiid oeral yn Chicago folge hat. Fierders docht bliken dat Darby Crane eins Madrigal Raith is, in neef fan Thomas en in wite fampier dy't tart op eangstgefoelens krekt sa't Thomas sels tart op gefoelens fan lust. Glau is likemin in gewoane minske, mar ynstee in djin. Hoewol't Madrigal tajout dat er de tiid fan syn libben hân hat op SplatterCon!!!, ûntkent er dat hy de opropper fan 'e fobofagen is. Harry beseft dat er de wierheid sprekt, mar ek dat syn oanwêzigens op 'e horrorkonvinsje gjin tafal is: de wiere opropper woe perfoarst dat Harry tòcht dat Madrigal alias Crane de feroarsaker fan alle ûnk en wee wie. Foar't er dy gedachten goed en wol ûnder wurden witten hat te bringen, wurde Harry-en-dy oanfallen troch in nije, folle sterkere fobofaach, dy't Glau útinoar skuort en ymmún liket te wêzen foar Harry syn tsjoenderij. Madrigal makket fan 'e gaos gebrûk om út te naaien. Mei help fan Thomas en Mouse wit Harry it wêzen langernôch út te skeakeljen dat se mei de ferwûne Rawlins yn it buske fan Madrigal ûntkomme kinne.

Underweis befreget Harry Thomas, dy't tajout dat hy dejinge is dy't Harry de lêste dagen folge hat. Oer it wurk dat er fûn hat, wol er lykwols noch altyd neat loslitte. As se dêrnei de saak mei de fobofagen beprate, bringt Harry de teory op it aljemint dat de lêste fobofaach spesifyk stjoerd wie om Glau te deadzjen, mei't er dy as earste oanfoel. Harry tinkt dat Glau mei de opropper ûnder ien tekken skûle en derfoar soarge dat Madrigal op SplatterCon!!! oanwêzich wie, sadat er as sûndebok tsjinje koe. Nei't se Rawlins nei it sikehûs brocht hawwe, keare Harry en Thomas werom nei it hotel, dêr't se it spoar fan Harry syn betsjoening wei folgje nei de lokaasje fan 'e opropper. Ta Harry syn ûntsetting liedt it harren nei it hûs fan 'e Carpenters, dêr't de foardoar fan 'e hingen skuord en alles koart en klien slein is troch de trije fobofagen dy't Harry dêrhinne stjoerd hat. De iennichste manear dat dit mooglik is, is as Molly de opropper is, en dat wol eins Harry eins net oan. Se treffe Daniel, Molly har âldste broer, lichtferwûne oan, en de jonge fertelt harren dat syn mem, Charity, mei de jongere bern de hermetysk ôfsletten panykkeamer ynflechte is. As Harry wit wêr't er nei sykje moat, kin er de panykkeamer fine. De slotten allinnich hiene de fobofagen der net bûten holden, mar de magy fan ingels dy't de keamer omslút, koene se net trochhinne brekke. It docht bliken dat Charity en de jongere bern allegear sûn en wol binne. De iennichste dy't mist is Molly, dy't troch de fobofagen ûntfierd is.

Harry en Thomas helpe Charity om har bern nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels te bringen, dêr't pastoar Forthill in lyts sealtsje mei fjildbêden hat dêr't se de nacht trochbringe kinne. Harry lit de op trije poaten hinkende Mouse dêr efter om 'e wacht oer de bern te hâlden. As er Daniel mei syn Wiere Sicht besjocht, om him derfan te bewissigjen dat de jonge gjin bliuwende geastlike skea oprûn hat fan syn konfrontaasje mei de meunsters, sjocht er ek Molly har frijer Nelson, dy't op it bêd njonken Daniel leit, en dy't der folle minder oan ta is. Krekt as by Rosie earder hat Nelson syn geastlike sels lytse gatsjes yn 'e sliepen, as hie immen in harsenssoperaasje by him útfierd. Harry beseft dan einlings en te'n lêsten hoe't alle puzelstikjes dy't er sammele hat, yninoar passe. As er Charity befreget, jout dy ta dat se in talint foar tsjoenderij hat. As opslûpen fanke brocht dat har yn 'e swierrichheden. Se kaam ûnder ynfloed fan in Gregor, dy't in soarte fan sekte oprjochte hie en dy't tsjoenderij mei religy fermong. Doe't oanhâldend oare sekteleden ferdwûnen, ûntdiek Charity dat Gregor syn folgelingen offere oan 'e draak Siriothrax, om dêr sels better fan te wurden. Gregor wie him bewust fan har ûntdekking en de folgjende dy't offere waard, wie Charity sels. Mar in jonge Ridder fan it Krús kaam en befrijde har en deade de draak; dat wie Michael, mei wa't se in pear moannen letter troude. Sûnt de dei fan har befrijing hat se har tsjoenderij nea mear brûkt en meitiid fertige har talint en waard it wei, en hoegde se der nea mear oan te tinken. Oant bliken die dat it erflik wie en dat Molly itselde talint hie.

Harry riddenearret dat Charity har oanhâldende oankringen op it net brûken fan dat talint de wiere reden wie dat sy en Molly allegeduering rûzje hiene en dat Molly út 'e hûs gie. Charity jout ta dat dat wier is, en heakket dêroan ta dat Molly it byld foar eagen stie fan 'e heldhaftige tsjoender Harry Dresden, de bûnsgenoat fan har heit, sadat har eigen krewearjen om it near op eltse utering fan magy te lizzen yn 't foar al om 'e nocht wie. Harry leit dan út wat er tinkt dat der de ôfrûne tiid bard is. Molly hat besocht en brûk har tsjoenderij om har freonen te beynfloedzjen. Doe't de drugsferslaafde Rosie swier rekke, soarge sy dat dy sûnder ûntwenningsferskynsels fan 'e drugs ôf rekke, en dat it gebrûk fan drugs har tenei sels eangst oanjage. Dat die Molly út goederbêst, om it wolwêzen fan 'e poppe, mar it is in ûntalitber gebrûk fan tsjoenderij, om in oar syn frije wil ôf te nimmen. En doe't se mei har drugsferslaafde feint Nelson eat yn deselde geast besocht te dwaan, gie der wat mis, sadat Nelson geastlik stikken gie en oanhelle rekke mei paranoia. Troch wat se dien hie, koe Molly fungearje as in beaken dêr't de fobofagen harren op oriïntearren om yn 'e wrâld troch te kringen. Dat betsjut dat se net oproppen, mar stjoerd waarden, troch immen yn it Nevernever. De iennichste oerienkomst tusken alle gefallen fan it ferskinen fan 'e fobofagen wie de oanwêzichheid fan spegels of in oar sterk reflektearjend oerflak (lykas roastfrijstielen kokenynrjochting of in autorút by lampeljocht). En it iennichste soarte fobofaach dat gebrûk makket fan spegels om yn 'e wrâld troch te kringen is de fetch. Om't fetches wêzens fan 'e djipste, dûnkerste winter binne, kin Harry eins net oars as konkludearje dat keninginne Mab efter de oanfallen en de ûntfiering fan Molly sit.

Mei in betsjoening spoart Harry it plak op dêr't de fetches mei Molly oerstapt binne nei it Nevernever; dat blykt de âlde bioskoop fan Clark Pell te wêzen. Mei Thomas en Murphy makket Harry him op om harren efternei te gean, mar Charity wegeret om efter te bliuwen. It docht bliken dat se al tweintich jier de wapensmid en sparringpartner fan in Ridder fan it Krús is en har skoan mei in swurd rêde kin. By Pells bioskoop moetsje se Fix en Lily. Dy kinne Harry net helpe om't keninginne Titania dêr op magyske wize it near op lein hat, mar Harry leit harren út dat Molly alteast foar in part troch syn tadwaan yn 'e swierrichheden rekke is. Om dat goed te meitsjen, draacht er de skuld dy't Fix en Lily oan him hawwe, oer oan Molly har mem Charity. Mei't der neat is dat Fix en Lily behinderet om Charity te helpen, wurdt Titania har betsjoening sa kreas omsyld. Yn 'e bioskoop bewekje trije lytsere fetches it plak dêr't Molly it Nevernever ynskuord is, mar mei help fan Fix en Lily wurdt dêr flot mei ôfweefd. It docht lykwols bliken dat Molly meinommen is nei Arctis Tor, it hert fan 'e winter dat it bolwurk fan keninginne Mab is. Lily kin dêr net hinne om't se net direkt yn konflikt komme kin mei Mab. Boppedat sil al har krêft nedich wêze om 'e poarte dêrhinne iepen te hâlden, sadat Harry-en-dy wer nei de gewoane wrâld weromkeare kinne. Dat betsjut dat Fix by har bliuwe moat om foar te kommen dat wêzens út Arctis Tor troch dy iepensteande poarte oerstappe nei Chicago. Foar't Harry-en-dy ôfsette, nimt Fix Harry apart om him te fertellen dat it Reade Hôf fan 'e fampieren in basis yn Oregon oanfallen hat fan 'e Venatori Umbrorum, dy't bûnsgenoaten fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij binne. De Venatori hawwe de Wite Ried om help frege, en der is in fjildslach oan 'e gong. De warders fan 'e Wite Ried hawwe lykwols swierrichheden om 'e Venatori berikken, dat de striid liket yn it foardiel fan it Reade Hôf út te pakken.

As Harry, Thomas, Murphy en Charity fjouweresom ôfsette nei Arctis Tor, wurde se laat troch in grutte magyske flinter dy't bestiet út in diel fan Lily har macht en dy't harren beskermet tsjin 'e winterkjeld. Arctis Tor blykt in reuseftich kastiel fan iis blykt te wêzen, wêrfan't se de poarte ynraamd oantreffe. Der hat blykber in fûleindige striid plakfûn, en se moatte oer in lytse heuvel fan bonkerakken hinne klimme om yn it kastiel te kommen. Der binne ûndjippe gatten yn 'e iismuorren dy't nei swevel rûke, en Harry rekket derfan oertsjûge dat Arctis Tor oanfallen is troch demoanen of oare bewenners fan 'e hel. In betsjoening fertelt Harry dat Molly har yn 'e sintrale toer befynt. As se dêr yngean wolle, wurde se oanfallen troch in kloft fetches. Wylst Murphy en Thomas de yngong ta de toer ferdigenje, klimme Harry en Charity hielendal nei boppen, dêr't Charity mei har izeren smidshammer in betsjoende doar ynslacht dy't tagong jout ta in omrin. Dêr treffe se in beferzen en mei stânbylden fersierde fontein oan, in freeslike tramtearre man dy't yn in beam hinget en dy't Harry weromken as Lloyd Slate, de Winterridder, en Molly, dy't bewekke wurdt troch in tige machtige fetch. Harry en Charity bine de striid oan mei de fetch, mar se kinne him net oan. Op it lêst kriget Harry in helder idee en stelt er de magy fan Lily har flinter, wêrmei't er fetch deadet, mar tagelyk by fersin ek de fontein rekket.

Harry hat ien fan 'e stânbylden fan 'e fontein skansearre, en dan blykt dat it gjin stânbyld is, mar ynstee syn peetmuoike, de Leanansídhe, dy't troch keninginne Mab finzen set wie (sjoch: Dead Beat). Hy biedt oan om har te befrijen, mar sy ûntpraat him dat idee. Ynstee leit se him út dat er sjen moat dat er fuortkomt. Harry hat no Simmermagy yn it hert fan 'e Winter brûkt, en, noch helte slimmer, hy hat de Winterwelle dermei fersmoarge. Alle ierdgeasten fan it Winterhôf ûnderfine dat as pine, en se jouwe har as ien man nei Arctis Tor om mei Harry ôf te weven. Wylst Harry en Charity har mei de befrijde Molly fan 'e omrin fan 'e toer hastigje, mient Harry te sjen hoe't ien fan 'e oare stânbylden fan 'e fontein him taknypeaget mei it each fan keninginne Mab…

Mei muoite berikke Harry-en-dy de poarte nei de minsklike wrâld foar't de wêzens fan it Winterhôf harren te pakken krije kinne. Werom yn Pells bioskoop konfrontearret er Lily mei it fermoeden dat sa njonkelytsen by him opkommen is: dat de hiele ekskurzje nei Arctis Tor eins om hiel wat oars gie as wêr't se tochten dat it om gie, en dat se brûkt binne. Lily, dy't it no hat oer wat dat skiednis is en dêrom net mear troch de betsjoening fan Titania wjerholden wurdt om deroer te praten, jout ta dat Harry gelyk hat. Sy en Maeve hawwe tegearre bewurkmastere dat Molly nei Arctis Tor ûntfierd waard, hoewol't Lily mei klam úthâldt dat sy neat te krijen hie mei it beheljen fan 'e fetches yn it plan; dat wie Maeve har dwaan. Trochdat Lily Harry tastien hat en brûk Simmermagy yn Arctis Tor, binne de legers fan it Winterhôf weromkommen fan 'e grinzen om efter Harry-en-dy oan te gean. Maeve hat dêrnei it ferrin fan 'e tiid yn it Nevernever beynfloede, sadat it folle langer duorje sil ear't de ierdgeasten fan it Winterhôf wer oan 'e grinzen weromkeare kinne. It Simmerhôf kin dêrtroch de kâns gripe om 'e Wite Ried fan Tsjoenderij te help te kommen yn harren striid tsjin 'e fampieren fan it Reade Hôf.

Troch Maeve har omboartsjen mei de tiid hat it koarte skoftke dat Harry-en-dy yn Arctis Tor wiene, yn 'e minsklike wrâld oardel dei duorre. Dat betsjut dat Murphy yn 'e swierrichheden sit om't se sûnder berjocht sa lang net op har post west hat as liedster fan it ûndersyk nei de oanfallen op SplatterCon!!! Dat muoit Harry al, mar der is no neat mear oan te feroarjen. Hy bringt Charity en Molly nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels ta, dêr't se weriene wurde mei de oare Carpenter-bern. No't Molly rêden is, stiet Harry foar de drege taak om har dúdlik te meitsjen dat se noch altyd djip yn 'e swierrichheden sit. Wat se mei Nelson en Rosie útheeft hat, ek al hat se it mei de bêste bedoelings dien, is in foarm fan swarte magy, en dêr hat de Wite Ried fan Tsjoenderij de deastraf op set. Harry riedt har dêrom oan om har út eigen beweging oan te jaan by de Wite Ried. Hy sil it dan foar har opnimme en fersêftsjende omstannichheden oanfiere, sadat de deastraf opskoarre wurde kin en se ûnder ferskerpe tafersjoch komme sil te stean. (Dêr bestiet nammentlik in presedint foar: Harry sels.) Molly moat dan wol as learling troch in folweardich tsjoender oannommen wurde, en Harry is ree om dy rol op him te nimmen. Molly beslút om te dwaan wat er har riedt, en Harry skillet it haadkertier fan 'e Wite Ried yn Edinburgh op om har berjochting te regeljen.

De oare deis giet Harry mei Molly nei itselde âlde pakhûs dêr't in pear dagen earder de berjochting en eksekúsje fan 'e jonge Koreaanske warlock plakfûn hat. Dêr sil de Hege Ried fan Wite Ried fan Tsjoenderij gearkomme om oer Molly te oardieljen. Carlos Ramirez, in warder fan 'e Wite Ried mei wa't Harry befreone is, fertelt him by syn oankomst dat de striid mei de fampieren fan it Reade Hôf yn Oregon troch tuskenkomst fan 'e ierdgeasten fan it Simmerhôf einige is yn in oerwinning fan 'e Wite Ried. Ien lid fan 'e Hege Ried, Aleran LaFortier, is efterbleaun by de Venatori Umbrorum, om harren te helpen by de ferhuzing fan harren haadkertier. In oarenien, Alde Mai, is yn Yndoneezje. En Harry syn bûnsgenoaten yn 'e Hege Ried, syn âlde learmaster Ebenezar McCoy, de Yndiaanske medisynman Joe Listens-to-Wind en de Afro-Amerikaanske tsjoenster Martha Liberty, binne ek net oanwêzich. Doe't de striid yn Oregon yn harren neidiel útpakte, foelen de fampieren nammentlik it geheime opliedingskamp foar jonge tsjoenders fan 'e Wite Ried yn Colorado oan, dat ûnder lieding stiet fan Anastasia Luccio (sjoch: Dead Beat). McCoy, Listens-to-Wind en Liberty binne halje-trawalje dêrhinne ôfset. It liket derop dat fan 'e Hege Ried inkeld de foarsitter, de Merlyn, by de berjochting fan Molly oanwêzich wêze sil, mar op it lêste momint komt de mysterieuze Poartewachter noch opdaagjen. Dat helpt Harry lykwols net folle, mei't de Merlyn yn sokke gefallen de stimmen foar de ôfwêzige leden fan 'e Hege Ried útbringt, en de Merlyn is Harry net bepaald goedgeunstich sind.

Harry hat lykwols noch in troefkaart om út te spyljen: hy hat Lily en Fix útnûge om 'e gearkomste by te wenjen. Lily sprekt de gearkomste ta yn har hoedanichheid fan 'e Simmerfrouwe, en neamt twa leden fan 'e Wite Ried dy't harsels de ôfrûne dagen útsûnderlik ûnderskaat hawwe: Donald Morgan, de boal fan 'e Wite Ried, dy't yn 'e striid yn Oregon op in hier nei de kening fan it Reade Hôf wist te deadzjen, en Harry Dresden, dy't suver lykme-allinne Arctis Tor bestoarme hat. Se spjeldet harren allebeide it ikeblêd fan 'e Oarder fan 'e Sulveren Iik op, dy't harren it rjocht jout om yn 'e takomst ien kear de direkte help fan 'e Simmerkeninginne Titania yn it roppen. Fierders makket se de Merlyn dúdlik dat, no't de legers fan it Winterhôf wer weromkeard binne oan 'e grins, sokke stipe as it Simmerhôf de Wite Ried yn Oregon jûn hat, ynearsten net wer op kommendeweis wêze sil.

By de dêropfolgjende berjochting fan Molly besiket Harry de Merlyn ûnder druk te setten, mar hy beseft te let dat er dêrmei in flater begiet; de Merlyn hâldt der net fan om ûnder druk set te wurden. Hy feroardielet Molly dêrom ta de dea, mar Harry wiist derop dat de Poartewachter syn stim noch net útbrocht hat. De Merlyn tsjut oan dat al soe de Poartewachter tsjin 'e deastraf stimme, dan noch is it seis stimmen tsjin ien. Mar Harry hâldt fol, en formeel hat er gelyk, dat de Merlyn moat mei tsjinnichheid belies jaan. De Poartewachter seit dat er de saak ris djip beprakkesearje wol foar't er syn stim útbringt, en minuten geane foarby wylst de spanning oprint. As de Merlyn úteinlik syn geduld ferliest, skuort de Poartewachter de doarren fan it pakhûs iepen, en tommelje Anastasia Luccio en har rekruten nei binnen ta, begelaat troch Ebenezar McCoy, Joe Listens-to-Wind en Martha Liberty. By harren is ek Michael Carpenter, de Ridder fan it Krús, dy't de efterhoede foarmet, en de poarte nei it Nevernever dêr't se krekt troch oerkommen binne nei Chicago bewekket oant dy sletten wurde kin. Om't de stimming noch altyd geande is, moatte no McCoy, Listens-to-Wind en Liberty dochs noch harren eigen stim útbringe, en mei de Poartewachter stimme se derfoar om Molly har deastraf op te skoarjen en har ûnder ferskerpe tafersjoch te pleatsen as Harry syn learlinge. Harry is bliid mei dy útkomst, mar hy beseft goed dat er de Merlyn ta in persoanlike fijân makke hat, al falt dêr no neat mear oan te dwaan.

Neitiid praat Harry mei Michael en bychtet op dat er de denaarje fan in fallen ingel opnommen hat, in bekentenis dêr't er hast twa jier tsjinoan skytskoarre hat. Michael reägearret troch te sizzen dat er dat al wist, om't er der dy deis tsjûge fan wie hoe't Nicodemus Archleone de denaarje by de Carpenters yn 'e tún smiet, dêr't lytse Harry, de jongste fan Michael en Charity, it ding opkrije soe doe't Harry it ûnder it hantsje fan 'e pjut weigriep (sjoch: Death Masks). Michael is bliid om te hearren dat Harry it muntstik bedobbe hat ûnder in heale meter beton, mar hy beseft dat dat betsjut dat it skaad fan Lasciël Harry noch yn 'e holle sit en him oanhâldend besiket te ferlieden om 'e denaarje wer op te dobjen. Hy riedt Harry oan om ôfstân te dwaan fan al syn (tsjoenders)krêften, mei't dat him foargoed rêde kinne soe, mar dat is foar Harry útsletten.

De oare deis komt Murphy by Harry del. Hja is fanwegen har ûnferklearre ôfwêzigens yn rang weromset ta resjersjeur; har nije partner is Rawlins, dy't in promoasje krigen hat, mar tagelyk nei de Spesjale Undersyksienheid oerpleatst is. It nije haad fan dy ienheid is Murphy har âlde partner John Stallings. Letter kriget Harry ek noch besite fan syn âlde learmaster Ebenezar McCoy, mei wa't er him einlings fermoedsoenet nei de rûzje dy't se earder krigen hiene (sjoch: Blood Rites). As de beide tsjoenders har nochris oer de foarfallen fan 'e lêste dagen bûge, stelle se fêst dat net allinnich Harry-en-dy brûkt binne, mar Lily en Maeve ek. Se fermoedzje dat Mab, de Winterkeninginne, op 'e iene of oare manear efter it hiele spul sit, en dat Harry, Lily en Maeve ûnderdiel útmakke hawwe fan in yngewikkeld plan fan Mab om werom te slaan tsjin har fijannen, dejingen dy't mei it gebrûk fan hellefjoer de poarte fan Arctis Tor ynslein hawwe. Wa't dyjingen binne, wit Harry net, mar hy fynt it opfallend dat de ôfrûne jierren kweawillige persoanen fan kennis en magyske foarwerpen foarsjoen binne dy't se eins net hawwe moatten hiene, fan ûnbelearde warlocks as Victor Sells (sjoch: Storm Front) en Leonid Kravos (sjoch: Grave Peril) oant korrupte FBI-aginten (sjoch: Fool Moon). Ek it Reade Hôf hat in folle taaiere fijân bleken te wêzen as dat immen ea tinke koe, en de Wite Ried wurdt al langer pleage troch in ferrieder, dy't diskear de lokaasje fan it geheime opliedingskamp yn Colorado oan it Reade Hôf trochjûn hat. De iennichsten dy't fan dy lokaasje wisten, wiene Anastasia Luccio, Donald Morgan, Joe Listens-to-Wind, Alde Mai en de Merlyn. Harry en McCoy komme ta de konklúzje dat der efter de skermen in geheime organisaasje aktyf wêze moat, dy't tsjin de Wite Ried krewearret. Harry tsjut dy organisaasje dêrom oan as de 'Swarte Ried'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases