Springe nei ynhâld

I Was a Teenage Bigfoot

Ut Wikipedy
I Was a Teenage Bigfoot
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2012
oarspr. útjwr. Simon & Schuster
bondel Blood Lite III: Aftertaste
Working for Bigfoot
Brief Cases
rige
rige The Dresden Files

I Was a Teenage Bigfoot is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "ik wie as teenager in bigfoot", en is in ferwizing nei de klassike horrorfilm I Was a Teenage Werewolf. It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan dy searje spilet I Was a Teenage Bigfoot fuort nei de foarfallen yn 'e roman Dead Beat. Yn it ferhaal wurdt de help fan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden op 'e nij ynroppen troch in sasquatch, waans heal-minsklike soan yn Chicago op skoalle sit. Yn dat opsjoch is I Was a Teenage Bigfoot in ferfolch op in earder ferhaal út deselde searje, B Is for Bigfoot.

Publikaasjeskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Butcher skreau I Was a Teenage Bigfoot foar de blomlêzing Blood Lite III: Aftertaste, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. It boek waard yn 2012 ûnder redaksje fan Kevin J. Anderson útjûn troch Simon & Schuster. Yn 2015 waard I Was a Teenage Bigfoot yn 'e mande mei twa oare ferhalen fan The Dresden Files dy't oer in sasquatch geane (B Is for Bigfoot en Bigfoot on Campus), werútjûn yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot, dy't yn in beheinde oplaach útkaam by Subterranean Press yn Burton (Michigan). Yn 2018 waarden dy trije ferhalen ek tafoege oan in nije ferhalebondel fan The Dresden Files, mei as titel Brief Cases.

It ferhaal begjint as de sasquatch Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders op 'e nij kontakt opnimt mei Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago. Harry hat him in jier as fjouwer lyn ris holpen doe't syn heal-minsklike soan Irwin Pounder problemen op 'e legere skoalle hie (sjoch: B Is for Bigfoot). Ek diskear giet it wer om Irwin, dy't no fjirtjin jier is en op in tige heech oanskreaune kostskoalle yn Chicago sit, St. Mark's Academy for the Gifted and Talented. De jonge is no siik rekke, eat dat gjin inkele sasquatch of healbloed-sasquatch ea oerkommen is fanwegen harren ynherinte magy. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders fermoedet dêrom dat der wat oars oan 'e hân is. De mem fan 'e jonge, de argeologe Helena Pounder, docht op 't heden fjildwurk yn Britsk-Kolumbia, mar se hat Harry skriftlik as har saakwaarnimmer oansteld.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Harry lûkt dêrom in pak oan en giet op besite by de kostskoalle, in deftich ynstitút mei eigen foarsjennings fan alderhanne mêd, wêrûnder in eigen befeiligingstsjinst. Hy ûnderfynt dêr frijwat tsjinwurking, earst fan 'e resepsjoniste en dêrnei fan 'e rektor, in dr. Fabio. Pas as er driget om dan mar oan Helena Pounder troch te jaan dat de skoallieding him net by har soan litte woe, jout dr. Fabio ta, dy't de formidabele mem fan syn learling alris met hat en blykber gjin behoefte hat om dy ûnderfining nochris oer te dwaan. Harry wurdt nei de sikeboech fan 'e skoalle brocht, dêr't Irwin it bêd hâlde moat mei ferskynsels fan ekstreme wurgens. Hy sliept tweintich oeren deis. De skoaldokter dy't in pear dagen yn 'e wike oanwêzich is, hat de sykte fan Pfeiffer by him fêststeld. Harry ferwachtet dat de man gelyk hat, mar as er foar de wissichheid in betsjoening útfiert dy't him sjen lit oft Irwin bleatstiet oan boppenatuerlike ynfloeden, sjocht er ta syn ferheardens spoaren fan swarte magy yn it aura fan 'e jonge.

Harry skillet daliks Helena Pounder op, dy't taseit op it earste fleantúch te stappen. Om't se dêrfoar út in ôfhandige úthoeke fan 'e wyldernis komme moat, sil it lykwols oardel oant twa dagen duorje ear't se yn Chicago is. Neitiid bepraat Harry de ferpleechkundige fan 'e kostskoalle, Suster Jen, om him by de jonge bliuwe te litten. Hy wachtet rêstich ôf, oant der jûns om njoggen oere hinne in mei swarte magy útfierde oanfal op Irwin dien wurdt, wêrby't de libbensenerzjy fan 'e jonge fuortsûgd wurdt. Op dat stuit kringe trije befeiligers fan 'e skoalle de sikeboech yn om Harry derút te bonsjoeren. Hy warskôget harren om him gewurde te litten, en as se net hearre wolle, ornearret er dat se mar fiele moatte, dat hy stelt de trije mannen mei in magyske terwinkel bûten gefjocht. Dêrnei folget er de swarte magy werom nei it haadgebou fan 'e skoalle, dêr't it einiget yn 'e wurkkeamer fan dr. Fabio.

Harry trappearret de rektor op 'e die as dyselde de libbensenerzy fan Irwin ta him nimt. Dêrop blaast er daliks mei kinetyske enerzjy Fabio syn kastke mei magyske taris op. As de rektor him dan stammerjend freget wa't er is, leit Harry út dat hy in tsjoender is en in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, in organisaasje dy't koarte metten makket mei lju dy't swarte magy brûke. Dr. Fabio wurdt sa bleek as in lyk as er dat heart, en it is dúdlik dat er persiis wit wat de Wite Ried is. As Harry him dêroer befreget, jout de man ta dat er foarhinne lid west hat fan 'e Venatori Umbrorum, in organisaasje fan 'gewoane' minsken, akademisy foar it meastepart, dy't in bûnsgenoatskip mei de Wite Ried ûnderhâldt. Harry wol witte hoe't sa'nent no mei swarte magy ompiele kin, en dan komt it hege wurd derút: Fabio wurdt keal, en hy hat fan alles besocht om syn hier wer groeie te litten, mar neat wurke. Mar mei de libbensenerzjy fan Irwin Pounder slagget dat wol, en de jonge hie dochs sa'n soad libbensenerzjy, folle mear as dat er ferlet fan hie... Harry leit Fabio dan út dat Irwin mar heal minske is, en dat er folle mear libbensenerzjy nedich is as in gewoane jonge fan syn leeftyd. Hy jaget de rektor goed de stupen op it liif, sadat er der wis fan is dat de man net nochris sokke keunsten úthelje sil. Dan lit er him fierders yn syn eigen sop gearsiede yn ôfwachting fan 'e thúskomst fan Helena Pounder, oan wa't Harry, sa fertrout er Fabio ta, in folslein ferslach útbringe sil oangeande al syn ûntdekkings op 'e kostskoalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, I Was a Teenage Bigfoot, yn: Anderson, Kevin J., (red.), Blood Lite III: Aftertaste, New York, 2012 (Simon and Schuster), ISBN 978-1 50 11 42 833.
  • Butcher, Jim, I Was a Teenage Bigfoot, yn: Butcher, Jim, Working for Bigfoot, New York, 2015 (Subterranean Press), ISBN 1 59 60 67 306.
  • Butcher, Jim, I Was a Teenage Bigfoot, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases