Springe nei ynhâld

I Was a Teenage Werewolf

Ut Wikipedy
I Was a Teenage Werewolf
film
makkers
regisseur Gene Fowler jr.
produsint Herman Cohen
senario Herman Cohen
Aben Kandel
muzyk Paul Dunlap
filmstudio AIP
distribúsje AIP
spilers
haadrollen Michael Landon
Yvonne Lime
Whit Bissell
byrollen Malcolm Atterbury
Barney Phillips
Guy Williams
Robert Griffin
Vladimir Sokoloff
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 july 1957
foarm langspylfilm
sjenre horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 76 minuten
budget en resultaten
budget $82.000
opbringst $2 miljoen
filmsearje
filmsearje Teenage Monster-searje
● folgjend diel I Was a Teenage Frankenstein

I Was a Teenage Werewolf is in Amerikaanske horrorfilm út 1957 ûnder rezjy fan Gene Fowler jr. De film wie de súksesfolste fan fjouwer Teenage Monster-films fan filmstudio American International Pictures (AIP) út 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren. Hoewol't dizze B-film fan 'e filmkritisy mingde resinsjes krige, wie it in kommersjeel súkses en groeide er letter út ta in wiere kultfilm. It senario waard mei-skreaun troch filmprodusint Herman Cohen, dy't ek ferantwurdlik wie foar de produksje fan oare kultfilms. I Was a Teenage Werewolf wie ferantwurdlik foar it opstarten fan 'e karriêre as akteur fan haadrolspiler Michael Landon.

Tony Rivers is in tsiener op de middelbere skoalle Rockdale High School, dy't derom bekend stiet dat er opljeppend is en gau syn selsbehearsking ferliest. In fjochtpartij tusken Tony en syn klasgenoat Jimmy lûkt de oandacht fan de pleatslike plysjeresjersjeur Donovan, dy't in ein makket oan it gefjocht en Tony it advys jout om ris mei in psycholooch te praten, lykas dokter Alfred Brandon, dy't yn itselde stedsje wennet. Tony betanket dêr freonlik foar, mar sawol syn faam Arlene as syn heit, dy't widner is, sitte yn noed om syn gewelddiedige hâlden en dragen. Letter, op in halloweenfeest yn it 'Spûkhûs', in âld, ûnbewenne hûs dat troch de pleatslike jongerein as hingplak brûkt wurdt, falt Tony syn maat Vic oan as dy him fan efteren besiket kjel te meitsjen. As er dan de skokte útdrukkings op 'e gesichten fan syn freonen sjocht, beseft er dat help sykje moat.

Sadwaande set Tony dochs nei dokter Brandon ta. Dyselde blykt der lykwols daliks in eigen aginda op nei te hâlden, en hy fynt Tony in treflike testpersoan om eksperiminten op te dwaan mei hypnoterapy en in skopolamine-searum dat er sels ûntwikkele hat. Dat middeltsje is bedoeld om persoanlikheden werom te bringen ta harren meast primitive steat. Brandon sjocht dêr de takomst foar de minskheid yn, dat hy set útein mei syn eksperiminten, ek al warskôget syn assistint Hugo Wagner him dat it Tony syn dea wol wurde kin. Al yn harren twadde sesje docht Brandon oan Tony de suggestje dat de jonge ienris in wyld bist west hat.

Dyselde jûns bringt Tony Arlene thús nei in lyts feestje yn it Spûkhûs. Koarte tiid letter wurdt Frank, ien fan harren freonen, oanfallen en deade wylst er allinne yn 'e bosk ûnderweis nei hûs is. As resjersjeur Donovan en plysjekommissaris Baker op in autopsy fan it stoflik omskot wachtsje en ûnderwilens foto's fan it slachtoffer en it plak delikt trochnimme, bepraat Pepi, dy't op it plysjeburo as skjinmakker wurket, de jonge plysjeman Chris Stanley om him ynsjoch yn 'e foto's te jaan. Pepi, dy't in Roemeensk ymmigrant út 'e Karpaten is, ken daliks de ferwûnings fan Frank werom as it soarte wûnen dat tabrocht wurdt troch in wearwolf, in wêzen dat yn syn heitelân rûnom foarkomt. Stanley wol it bestean fan sa'n wêzen lykwols net oan, dat hy negearret de warskôgings fan Pepi.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis fertelt Tony ûnder in nije sesje mei dokter Brandon dat er it gefoel hat dat der wat goed mis mei himsels is. De psycholooch makket dêr net folle fan, en as Tony letter by frou Ferguson roppen wurdt, de direktrise fan Rockdale High School, komplimintearret dy him mei de foarútgong dy't er boekt hat ûnder Brandon syn begelieding. Se is dêr sa oer te sprekken, dat se fan doel is om Tony foar te dragen foar in plak op it State College. Tony is sadwaande tige tefreden as er by de direktrise wei giet, mar as er dêrnei by de gymseal lâns komt, sjocht er syn klasgenoate Theresa, dy't dêr allinnich oan it oefenjen is. Sûnder erch giet Tony fuortby de skoalbel stean om it fanke te begluorkjen, en as de bel dan ynienen ôfgiet, wurdt er sa kjel dat it syn feroaring yn in wearwolf útlokket. Yn dy foarm falt er Theresa oan en deadet er har. Neitiid ûntflechtet Tony de skoalle, mar nettsjinsteande de feroarings fan syn uterlik kin er troch tsjûgen identifisearre wurde oan 'e hân fan syn klean. Kommissaris Baker lit dan in opspoaringsberjocht foar him útgean.

De pleatslike sjoernalist Doyle hâldt fraachpetearen mei Tony syn heit en ek mei Arlene en har âldelju, yn 'e hope dat er harren ynformaasje brûke kin om Tony op te spoaren en in primeur te bemachtigjen. Underwilens fermoedzje Baker en Donovan dat Tony him beskûl hâldt yn 'e bosk, en besykje se him dêr te fangen. Sûnder dat se der erch yn hawwe, wurde se dêrby yn 'e rekken holden troch Tony, dy't noch altyd de foarm fan in wearwolf hat. As er ferrast wurdt troch in hûn, bringt er it bist om. De oare moarns merkt Tony, as er wekker wurdt, dat er wer weromferoare is yn in minske. Hy slûpt de stêd yn en besiket Arlene op te skiljen. Dy nimt wol op, mar se heart neat, want op it lêste momint beseft Tony dat er net wit wat er sizze moat.

Ynstee giet er nei it kantoar fan dokter Brandon, dy't er om help smeket. Brandon hat lykwols inkeld belangstelling foar syn eigen eksperiminten: hy wol sjen hoe't Tony yn in wearwolf feroaret en dy stalferwikseling op film fêstlizze. As dat slagget, soed er sels yn wittenskiplike fermiddens yn ien kear wrâldfeneamd wurde. Hy ynjektearret Tony dêrom wer mei syn searum, dat diskear frijwol daliks de feroaring ta wearwolf útlokket. Ear't de stalferwikseling goed en wol klear is, giet de tillefoan oer, dêr't Tony wer kjel fan wurdt. Hy springt op, en deadet sawol Brandon as Wagner, wêrby't er de kamera iepenbrekt sadat de film troch foartidige beljochting alhiel ferrinnewearre rekket. Om't se in tip krigen hawwe dat Tony yn 'e neite fan Brandon syn kantoar sjoen is, slane op dat stuit Donovan en Stanley de doar yn. As Tony op harren takomt, binne se twongen om út selsferdigening ferskate kearen op him te sjitten. De jonge falt del en stjert, en kriget yn it ferstjerren syn minsklike uterlik wer. Neitiid spekulearret Donovan oer de belutsenheid fan dokter Brandon by de saak, en beprakkesearret er hoe mis oft it foar de minske is om him te bemuoien mei wat Gods domein is.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tony Rivers Michael Landon
Arlene Logan Yvonne Lime Fedderson (as Yvonne Lime)
dokter Alfred Brandon Whit Bissell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Charles Rivers Malcolm Atterbury
resjersjeur Donovan Barney Phillips
plysje Chris Stanley Guy Williams
plysjekommissaris Baker Robert Griffin
Pepi Vladimir Sokoloff
dokter Hugo Wagner Joseph Mell
direktrise Ferguson Louise Lewis
Jimmy Tony Marshall
Vic Kenny Miller
Pearl Cynthia Chenault (ûnder de namme Cindy Robbins)
Frank Michael Rougas
Theresa Dawn Richard
sjoernalist Doyle Eddie Marr

I Was a Teenage Werewolf waard regissearre troch Gene Fowler jr. De filmprodusint wie Herman Cohen, dy't tegearre mei Aben Kandel ek it senario skreau. De filmmuzyk waard fersoarge troch Paul Dunlap. De film waard útbrocht en distribuëarre troch American International Pictures (AIP). It wie de earste fan in rige fan fjouwer Teenage Monster-films dy't AIP produsearre (de oaren wiene I Was a Teenage Frankenstein en Blood of Dracula, beide ek út 1957, en How to Make a Monster, út 1958). Alle fjouwer geane dy films oer ûnskuldige tiners dy't foar eigen gewin brûkt wurde troch korrupte folwoeksenen. De opnamen foar I Was a Teenage Werewolf begûnen op 13 febrewaris 1957 en duorren sân dagen. Foar de film wie in budget fan $82.000 beskikber. Hy gie op 19 july 1957 yn premiêre.

I Was a Teenage Werewolf holp om 'e aktearkarriêre fan haadrolspiler Michael Landon op te starten, dy't letter ferneamd wurde soe mei syn rollen yn tillefyzjesearjes as Bonanza en Little House on the Prairie. Pepi, de Roemeenske skjinmakker op it plysjeburo, waard spile troch de yn Ruslân berne akteur Vladimir Sokoloff, dy't de rol fan in bûtenlanner yn mear as hûndert Amerikaanske films spile. Syn bekendste rol hied er as âlde Meksikaanske man yn 'e westernfilm The Magnificent Seven, út 1960. Dawn Richard, dy't yn 'e film it tinerfamke Theresa spile, wie eins in 22-jierrige centerfold, dy't as neakenmodel posearre hie foar it Playboy-nûmer fan maaie 1957.

De resinsje fan I Was a Teenage Werewolf yn it tydskrift Variety wie ridlike posityf, en priizge benammen it aktearjen fan Michael Landon, dy't "in earsteklas karakterisearring" joech fan in "skoaljonge yn it fuortset ûnderwiis dy't allegeduerigen yn 'e swierrichheden sit." Neffens de resinsje yn Harrison's Reports soe "in melodrama" fan dit soarte ta "ridlik goede befrediging" liede "yn bioskopen dêr't sokke films akseptabel binne." De skriuwer fan 'e resinsje hie net folle op mei ferhalen dy't inkeld op fantasij berêsten, mar yn dit gefal wie de film sa kundich makke dat it publyk oanhâldend yn spanning holden waard.

De Britske filmkritikus Tim Dirks moast lykwols net folle fan I Was a Teenage Werewolf hawwe. Yn The Monthly Film Bulletin omskreau er de film as "in stik âlderwetske en twaddeklas horror." Hy fûn dat de stalferwikselingssênes "tige min dien" wiene, dat de wearwolf der hielendal net as in wearwolf útseach en dat de wittenskiplike ûnderbouwing (dat de ynjeksjes fan dokter Brandon ta it ûntstean fan in wearwolf liede koene) sa swak wie dat it in wûnder wie dat de film net ynsakke. Gearfetsjend stelde Dirks dat I Was a Teenage Werewolf ien fan in weach "goedkeape tinerfilms" wie, rjochte op 'e Amerikaanske drive-in-bioskopen, dy't bestiene út "eksploitative, goedkeape ferhaalstof."

Nettsjinsteande de oer it algemien lauwe ûntfangst ûnder filmkritisy die I Was a Teenage Werewolf it goed yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film brocht $2 miljoen op, wat ôfset tsjin in budget fan mar $82.000 delkomt op rom $1,9 miljoen skjinne winst. Yn 1957 wie it idee dat in folwoeksene yn in film in stalferwikseling ta in meunster ûndergean koe, al ridlik akseptearre, mar dat soks in tsiener oerkaam waard doedestiden beskôge as avant-garde en sels skokkend. Letter ûntjoech I Was a Teenage Werewolf him ta in kultfilm. Tsjintwurdich sette de (primitive) special effects op it mêd fan 'e horror benammen ta laitsjen oan. Nettsjinsteande dat hat I Was a Teenage Werewolf oan hjoed de dei ta bekendheid holden, al wie it mar om 'e aparte titel ("ik wie as teenager in wearwolf"), dy't bedoeld wie as fariaasje op 'e krantekoppen dy't men yn 1950-er jierren soms seach boppe artikels wêryn't de ynterviewde persoan in ûntboezeming oer it ien of oar joech. Dat soarte titel is neitiid withoefaak neibeard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.