White Night (roman)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
White Night
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Dresden Files
● foarich diel Proven Guilty
● folgjend diel Small Favor
kodearring
ISBN 0 45 14 61 401

White Night is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Wite Nacht", mar it is in wurdboarterij, mei't it yn it Ingelsk klinkt as White Knight ("Wite Ridder", oftewol "Ridder op it Wite Hynder"). It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it njoggende diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Proven Guilty. Yn White Night komt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, in searjemoardner fan paranormaal bejeftige froulju op it spoar. White Night waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Datselde jiers waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard under Fire, mei Proven Guilty, it achtste diel fan The Dresden Files.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, wurdt troch syn freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, as ûnoffisjeel adviseur belutsen by in ûndersyk. It giet om in âldere frou dy't selsmoard dien hawwe soe. Alles liket te klopjen, mar der is wat oan 'e saak dat Murphy tsjin it hier yn strykt. Harry merkt fuortendaliks dat it slachtoffer, Janine, magysk bejeftige wie, net genôch om tsjoenster te wurden, mar genôch dat de spoaren dêrfan twa dagen nei har dea noch yn har appartemint te bespeuren binne. As er mei tsjoenderij in ferburgen tekst op 'e muorre fan 'e sliepkeamer sichtber makket, wurdt dúdlik dat Janine harsels net fan kant makke hat, mar dat se fermoarde is. De tekst seit nammentlik: "Exodus 22:17". Dat is in bibeltekst dêr't Harry mar al te fertroud mei is: "In tsjoenster meisto net yn 't libben litte."

It is gjin bewiismateriaal dêr't de plysje wat mei kin, dat Harry sil sels in ûndersyk ynstelle moatte. Murphy seit dat se in pear snipperdagen opnimme sil om him te helpen. Oant de ein fan har wurktiid is se lykwols yn funksje en kin se him fierders neat oer de saak fertelle. Dêrom ferwiist se him nei harren mienskiplike freon, patolooch-anatoom Waldo Butters.

Wylst Harry en Murphy noch yn it appartemint fan Janine binne, draait Murphy har ynienen om en wrakselet wat ûnsichtbers tsjin 'e grûn oan. It blykt Molly Carpenter te wêzen, Harry syn learlinge. Wylst Harry goed is yn minder as subtile tsjoenderij, lykas it opblazen fan dingen, hat Molly krekt oanlis foar ferfine foarmen fan magy. It lûken fan in wale oer harsels (yn leketermen: jin ûnsichtber meitsje) is foar har sa natuerlik dat nimmen har noch sjen kin as se beslút soks te dwaan. Se is Harry út klearebare nijsgjirrigens nei it plak delikt folge, derop fertrouwend dat nimmen har opmerke soe. Lykwols hie Molly der net oan tocht dat har parfum noch te rûken wêze soe, of dat ûnsichtber net itselde is as ûnhearber.

Nei't er har flink beskrobbe hat, nimt Harry Molly mei op sleeptou nei it mortuarium, dêr't se al opwachte wurde troch Butters. Dyselde printet foar Harry de dossiers út fan trije soartgelikense saken fan froulju dy't sûnder dúdlike oanlieding selsmoard dien hawwe. Fan ien fan harren, Jessica Blanche, hat de plysje noch gjin neisten opspoare kinnen, en it stoflik omskot is sadwaande noch oanwêzich yn it mortuarium. Harry lit Molly in betsjoening op it lyk útfiere dy't har de lêste yndrukken opfange lit dy't Jessica by libben hân hat. Soks is foar himsels op 'e nij te ferfine tsjoenderij, mar Molly kin it wol, as se har ienris geastlik taret hat (wat tergjende stadich giet). Om't Molly de lêste yndrukken fan 'e deade belibje sil as oerkaam it harsels, hat Harry har warskôge dat it nei alle gedachten net sa'n noflike ûnderfining wêze sil. It docht lykwols bliken dat Jessica har lêste yndruk in oerweldigjend orgasme wie. Dat suggerearret dat har moardner in fampier fan it Wite Hôf wêze kin, dy't ommers tarre op gefoelens fan lust sa't fampieren fan it Reade Hôf tarre op bloed. As se wer wat bekommen is, kin Molly har lykwols in prikeljend gefoel oer har búk tebinnenbringe. Harry folget har oanwizings mei in merkstift en op 'e nij komt de ferwizing nei de bibeltekst út Exodus foar it ljocht. Harry is der dan wis fan dat der in searjemoardner aktyf is dy't it foarsjoen hat op froulju mei in lyts magysk talint.

Nei't er Molly thúsbrocht hat, set Harry ôf nei syn stamkroech MacAnally's, dêr't er de dossiers trochnimt dy't er fan Butters krigen hat. MacAnally's is in gelegenheid dêr't in protte leden fan 'e boppenatuerlike mienskip fan Chicago gearkomme, om't de neutraliteit fan 'e kroech fêstlein is yn 'e Unseelie Akkoarten, in ferdrach oer ûnderlinge relaasjes tusken de ferskate boppenatuerlike naasjes. As Harry de útbater, Mac, freget oft dy ek wat heard hat oer de rige moarden, ferwiist dy him troch nei de Ordo Lebes (Latyn foar "Oarder fan 'e Heksetsjettel"), dat in groep licht boppenatuerlik bejeftige froulju is, dy't de oare deis om fjouwer oere gearkomt.

Mei Murphy set Harry dêr de oare deis hinne en besiket kontakt te meitsjen op 'e gearkomste dy't yn it appartemint fan in Anna Ash plakfynt. De froulju fertrouwe him lykwols net om't er sûnt in pear jier in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij is. Sokken moatte misbrûk fan tsjoenderij opspoare en bestraffe, en lju dy't, lykas dizze froulju, te min talint hawwe om tsjoender te wurden, kinne it bêste mar hoopje dat de Wite Ried harren net opmerkt. De oanwêzichheid fan Murphy stelt de froulju lykwols wat gerêst, en se stimme deryn ta om wat fragen te beäntwurdzjen. Sa ûntdekt Harry dat it probleem noch grutter is as dat er tocht hie, want der wurde mear as tweintich paranormaal bejeftige froulju fermist. Jessica Blanche is de iennichste fan 'e deaden dy't by de leden fan 'e Ordo Lebes ûnbekend is. De oare trije fan 'e slachtoffers dy't dea weromfûn binne, hearden nammentlik ta de groep, en alle trije binne foar it lêst sjoen mei in knappe, lange man yn in grize mantel. De mantel liket nei in warder fan 'e Wite Ried te wizen, dy't tradisjoneel yn in grize mantel klaaid winne, mar de 'knappe lange man' is in twadde oanwizing dy't yn 'e rjochting wiist fan Harry syn healbroer Thomas Raith, dy't knap en lang is en boppedat in fampier fan it Wite Hôf. Hy is lykwols net de iennichste fertochte, mei't Harry ien lid fan 'e Ordo Lebes weromken: Helen Beckitt, dy't jierren lyn mei har man belutsen wie by de kweadoggerij fan in warlock dy't troch Harry tsjinholden waard (sjoch: Storm Front). Hja waard neitiid oppakt troch de plysje en hat jierren yn 'e finzenis sitten foar drugshannel.

De froulju wolle Harry op 't lêst wol slite, want der stiet it ien of oar te barren, al wolle se net sizze wat. As se weromrinne nei Murphy har auto wynt Harry him sa op oer Thomas syn mooglike belutsenens by de saak, dat er eefkes mei de finger it trottoir oanreitsje moat om in oerskot oan magyske enerzjy fuortrinne te litten. Dat feroarsaket koartsluting yn 'e autobom dy't immen ûnder Murphy har auto pleatst hat, sadat de auto opblaasd wurdt wylst Harry en Murphy der noch meters fan ôf binne. As se wer oerein klaud binne, stjoert Murphy Harry fuort, om't de helptsjinsten ûnderweis binne en syn oanwêzigens allinne mar mear fragen oproppe soe. Se seit ta dat se sjen sil wat se opdobje kin oer de Beckitts, en oer Jessica Blanche, dy't blykber nimmen koe. Underwilens sil Harry in besykje bringe oan syn broer.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er mei de metro nei hûs reizge is en him dêr foarsjoen hat fan in magysk wapenarsenaal dat blykber nedich is, bejout Harry him sadwaande mei syn reuseftige Tibetaanske mastyf Mouse nei Thomas syn nije wente dêr't er wol it adres en in kaai fan krigen hat, mar dêr't er noch nea west hat. It docht bliken dat it giet om in lúkse appartemint yn in flatgebou yn ien fan 'e rikere wiken fan Chicago. Thomas is net thús, dat Harry jout ta oan syn oanstriid om in lytse hûssiking te hâlden. De wenkeamer en koken binne om troch in rinkje te heljen sa skjin en kibich, wat Harry al wat fernuveret. De badkeamer en sliepkeamer binne lykwols in grutte binde; sa ken Harry syn broer wer. Hy beslút dat de 'foarkant' fan it appartemint in momkape is, en dat nimmen de 'efterkant' te sjen kriget. Yn 'e twadde sliepkeamer treft Harry in modern wapenarsenaal mei mitrailleurs en pistoalen oan, en ek in plattegrûn fan Chicago mei foto's fan alle fermoarde froulju. Hoewol't er noch hieltyd net leaut dat Thomas de searjemoardner is, kin er net mear ûntkenne dat syn broer op 'e iene of oare wize by de saak belutsen is. As de befeiliging fan it lúkse flatgebou opdaagjen komt om te sjen wat de frjemde man dy't dêr dúdlik net wennet, yn ien fan 'e apparteminten útfynt, moat Harry gau-gau in manear fine om 'e befeiligingsminsken bûtendoar te hâlden om't er út noch yn net wol dat se de twadde sliepkeamer sjogge. Om't Thomas him alris foardien hat as homo, beslút Harry himsels foar te dwaan as Thomas syn minner. Mei help fan Mouse, dy't de reuseftige mar tige oanhinklike hûn spilet, wit er dêrmei foar te kommen dat de befeiliging it appartemint ynkomt, al wurdt er sels wol frege om fuort te gean oant Thomas foar him ynstean kin.

As er wer thús is, freget Harry oan Lash, de ôfdruk fan 'e fallen ingelinne Lasciël, dy't syn harsens libbet sûnt er inkele jierren earder ien fan 'e Tritich Sulverstikken oppakt hat (sjoch: Death Masks), om 'e plattegrûn mei foto's en oantekenings út Thomas syn twadde sliepkeamer foar him op 'e muorre fan syn eigen appartemint te projektearjen. Dat liedt lykwols net ta djipper begryp fan wat syn healbroer by de ein hat. Lash makket Harry der ek opmerksum op dat der earder dy deis yn it appartemint fan Anna Ash in fyfde frou oanwêzich wie dy't sa ûnopfallend wie, dat er har amper opmurken hat en him neat mear oer har tebinnenbringe kin. Harry konkludearret dat de oangeande frou in magyske wale oer harsels lutsen hat, dy't it foar oaren frijwol ûnmooglik makke om har op te merken. Dat kin ien fan twa dingen betsjutte: de leden fan 'e Ordo Lebes hawwe Harry foarliigd, of se binne harrensels net fan 'e oanwêzigens fan 'e frou bewust en moatte rêden wurde. Yn beide gefallen moat Harry sjen dat er wer by Anna Ash komt.

As er dêr arrivearret, docht bliken dat de ûnbekende frou eins in âlde bekende fan Harry is: Elaine Mallory, syn lang deawaande earste leafde, dy't inkele jierren earder syn libben wer binnenwalste en letter mei ûnbekende bestimming ôfsette (sjoch: Summer Knight). Hja is no privee-detektive yn Los Angeles, en is ynhierd troch Anna Ash. Se fertelt dat de searjemoardner dy't Harry siket, al yn fjouwer oare stêden soartgelikense organisaasjes as de Ordo Lebes systematysk útrûge hat. Hy is al in jier aktyf en hat teminsten 36 paranormaal bejeftige froulju fermoarde foar't Elaine syn spoar nei Chicago folge hat. De mienskiplike faktor wie hieltyd de oanwêzigens fan in man yn in grize mantel. Harry is ferromme dat dizze nije ynformaasje bewiist dat Thomas net de searjemoardner is. Om't sokke klean droegen wurde troch de warders fan 'e Wite Ried, fermoedet er de belutsenens fan 'e ûnbekende ferrieder yn 'e Wite Ried, fan wa't it bestean al ferskate kearen fêst kommen is te stean, en dy't neffens Harry syn teory wurket foar in (noch hypotetyske) 'Swarte Ried', in organisaasje dy't yn alles it tsjinstelde fan 'e Wite Ried is. Elaine jout oan dat by de moarden yn 'e oare stêden gjin bibeltekstboadskippen efterlitten binne, en dat der likemin blyk wie fan in bân mei fampieren fan it Wite Hôf. Op basis fan Jessica Blanche har lêste gewaarwurdings stelle sy en Harry fêst dat der yn Chicago wat feroare wêze moat dat de wurkwize fan 'e searjemoardner beynfloedet, of dat in oar him mei de moarden bemuoit.

Op dat stuit falt it ljocht út en brekt der brân út yn it appartemintekompleks; Harry en Elaine binne der wis fan dat de searjemoardner harren besiket út te skeakeljen, temear om't der in sliepbetsjoening oer it hiele gebou lein is, sadat de moardner harren yn alle rêst út 'e ljochten helpe kin as sy as iennichsten it gebou ûntflechtsje. Dat is lykwols bûten Mouse rekkene, Harry syn reuseftige Tibetaanske mastyf, dy't eins in timpelhûn is dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn. Dy begjint nammentlik te byljen mei sa'n alderferskuorrendst lûd, dat alle bewenners fan it flatgebou der op slach klearwekker fan binne. As men fernimt dat der brân is, folget in stoarmrin op it treppehûs en nei bûten ta. Harry, Elaine, Mouse en Anna Ash bejouwe har mank de oare bewenners en ûntnimme sa de searjemoardner syn kâns om harren stilwei út te skeakeljen. Bûtendoar sjocht Harry in keardel yn in grize mantel, dy't útnaait sadree't er foar it ferstân kriget dat Harry him gewaarwurden is. Harry hjit Mouse om by Anna en Elaine te bliuwen en set sels de efterfolging yn. Griismantel (sa't Harry him yn gedachten neamt) ûntkomt yn syn auto, mar net foar't Harry dêr in stikje ferve ôf slein hat, dat er meinimt.

As er letter thús is, brûkt Harry dat stikje ferve om yn syn mei soarch gearstalde makette fan it sintrum fan Chicago de auto fan Griismantel werom te finen. Troch in komplekse betsjoening kin Harry him dan fia de makette folgje en ôflústerje. Sa is er tsjûge fan in petear tusken Griismantel en ien mei wa't er gearwurket; se hawwe it oer de Skavis, dy't de searjemoardner wêze soe, en oer in heimsinnige organisaasje dy't se "de Rûnte" neame. Ek docht út it petear bliken dat de persoan op 'e passazjiersstoel fan 'e auto fan Griismantel immen is dy't earder alris in konfrontaasje mei Harry hân hat en dy oerlibbe hat. Nei't de passazjier wer útstapt is, folget Harry Griismantel nei de Understêd, de grimelgrammel fan âlde tunnels en romten ûnder Chicago. Dêr is er der tsjûge fan hoe't de man in ûnderhâld hat mei syn opdrachtjouwer, dy't oan him ferskynt troch in magyske projeksje, en dy't Harry weromken as de nekromantikus Cowl. Mei Cowl hat Harry earder in konfrontaasje hân (sjoch: Dead Beat), en hy ferkearde yn 'e (blykber misse) ûnderstelling dat er mei him ôfweefd hie. As Cowl Harry syn ôflústerjen gewaar wurdt, hellet er mei tsjoenderkrêft nei him út, mar de klap wurdt fersêfte trochdat Harry yn 'e beskerming fan syn eigen wente ferkeart en teffens troch de magyske makette, dy't koartslút foar't er troch de folle krêft fan Cowl syn úthaal rekke wurde kin. Ear't Harry weromsmiten wurdt nei syn eigen lichem, fangt er in glimp op fan it gesicht fan Griismantel.

De oare moarns wurdt Harry wekker makke troch Molly, dy't him op 'e flier fan it laboratoarium yn 'e kelder fan syn appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou oantroffen hat. De makette sit in grut gat yn, mar Harry hat oan 'e konfrontaasje mei Cowl inkeld frijwat pineholle oerholden. As Murphy letter delkomt, fertelt er har wat der bard is. 'Skavis' is de namme fan ien fan 'e trije grutte huzen fan 'e fampieren fan it Wite Hôf. Sa't de Raiths tarre op gefoelens fan lust, tarre de Skavis op gefoelens fan pine en wanhope, en de Malvora's op gefoelens fan eangst. Troch wat der sein waard yn it petear yn 'e auto is Harry der suver wis fan dat Griismantel in Malvora wêze moat. Hy wurket blykber foar Cowl, dy't ûnderdiel út liket te meitsjen fan de Rûnte, in organisaasje dy't frijwol wis Harry syn 'Swarte Ried' is. Foar de passazjier, dy't ommers alris earder in konfrontaasje mei Harry oerlibbe hawwe soe, hat er Beckitt op it each, de man fan Helen Beckitt, dy't er okkerdeis troffen hat as lid fan 'e Ordo Lebes. Sa soe it allegear moai yninoar passe. Murphy helpt him lykwols út 'e dream: Beckitt is sân jier lyn omkommen by in opskuor yn 'e finzenis dêr't er troch Harry syn tadwaan opsletten wie.

Fan Carlos Ramirez, de kommandant fan 'e warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij yn 'e westlike Feriene Steaten, heart Harry dat de kening fan it Wite Hôf bemiddelet tusken de Wite Ried en it Reade Hôf om ta fredesbesprekkings te kommen yn 'e slepende oarloch dy't Harry jierren lyn sels begûn is (sjoch: Grave Peril). As er Ramirez fertelt oer de saak dêr't er oan wurket yn it algemien en oer Griismantel yn it bysûnder, komt dy ek ta de konklúzje dat de dieder de warders (dy't grize mantels drage) besiket te ymplisearjen yn 'e moarden. Harry is fan miening dat de belutsenens fan Helen Beckitt by de Ordo Lebes gjin tafal wêze kin, mar as er om har te konfrontearjen nei it hotel giet dêr't Elaine mei de restearjende leden fan 'e groep ûnderdûkt is, rekket er oertsjûge fan har ûnskuld. Underwilens is wer in lid fan 'e Orde Lebes ferdwûn, de jonge Olivia, en op bylden fan befeiligingskamera's dy't Elaine witten hat te besetten, is te sjen dat sy har appartemint ferlit yn it selskip fan Harry syn broer Thomas. Dyselde hat noch altyd net reägearre op 'e lytse stream fan berjochten dy't Harry hjir en dêr foar him efterlitten hat. Elaine, dy't neat wit oer de famyljerelaasje tusken Harry en Thomas, is derfan oertsjûge dat Thomas de searjemoardner is, mar Harry wol dat net oan. Troch omstannichheden twongen, nimt Harry syn taflecht ta tsjoenderij om syn broer op te spoaren. Syn betsjoening liedt him en Elaine nei de haven fan Chicago ta, dêr't se Thomas oantreffe op in âld boat, mei as namme de Water Beetle. Ek treffe se dêr Olivia en ferskate oer paranormaal bejeftige froulju en bern oan, dy't Thomas rêden hat fan 'e searjemoardner. Hy wie fan doel om harren oer te farren nei in eilantsje yn 'e Michiganmar, dêr't al ferskate oare boatladings froulju ûnderdûkt sitte.

Op it stuit dat Thomas syn útlis dien hat, wurdt de Water Beetle oanfallen troch in troep ghouls. Harry, Elaine en Thomas witte de wêzens tsjin te kearen oant de froulju en bern ûntsnapt binne. Ghouls binne gauris as hierling aktyf en yn dit gefal blike se foar de passazjier te wurkjen, Griismantel syn kompaan. Dat is nimmen oars as Madrigal Raith, in mislike neef fan Thomas, mei wa't Harry in jier earder yn 'e kunde kommen is (sjoch: Proven Guilty). Madrigal sjit Harry del mei in mitrailleur; syn betsjoende learene lange jas fangt de measte klappen op, mar Harry falt yn it wetter en rekket bûten bewustwêzen. Hy komt oeren letter wer by yn in motel, dêr't Thomas en Elaine, dy't him rêden hawwe, him en de froulju en bern fan Thomas syn boat hinne brocht hawwe. As Elaine de hotelkeamer skillet dêr't se Anna Ash yn 'e mande mei Helen Beckitt en twa oare leden fan 'e Ordo Lebes, Abby en Priscilla, efterlitten hat, kriget se gjin gehoar. Sy en Harry geane op ûndersyk út en fine it stoflik omskot fan Anna Ash, dy't fermoarde is. Harry spoart troch gebrûk fan tsjoenderij syn hûn Mouse op, dy't er by de froulju efterlitten hie. De betsjoening liedt him en Elaine nei it appartemint fan Abby, dêr't se sawol Mouse as Abby en Priscilla sûn en wol oantreffe. De beide froulju fertelle dat Helen Beckitt út 'e hotelkeamer ôfsette nei't se in heimsinnich tillefoantsje krigen hie. Letter skille se op mei it nijs dat se út it hotel wei folge wie en dat de hotelkeamer net mear feilich wie. De froulju sprieken earne ôf en nei't Helen har wer by de oaren jûn hie, giene se nei it appartemint fan Abby. Helen sei dat se sjen moast dat se ynsuline krige, foar har sûkersykte, en Anna gie mei har. Dat wie it lêste dat Abby en Priscilla fan Anna Ash sjoen hawwe.

Harry en Elaine konkludearje út dat ferhaal dat Helen Beckitt gearwurket mei de Skavis en dat se Anna Ash yn 'e fal lokke hat. Se bringe Abby en Priscilla nei it motel dêr't se de froulju en bern fan Thomas syn boat efterlitten hawwe. Dêr is Murphy ûnderwilens ek arrivearre. Harry praat har by oer de Skavis, Griismantel de Malvora en Passazjier Madrigal. It is in yngewikkeld ferhaal, en it wurdt noch yngewikkelder, want Murphy is wat oan 'e weet kommen oer it mysterieuze slachtoffer Jessica Blanche: hja wurke yn 'e Velvet Room. Dat wie in bordeel eksploitearre troch de fampieren fan it Reade Hôf, dat Harry inkele jierren earder platbaarnd hat (sjoch: Grave Peril). De gelegenheid is lykwols weriepene ûnder nij management: de Velvet Room heart no ta it misdie-ympearium fan maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone. Dat, Harry en Murphy bejouwe har nei de nije Velvet Room, wylst Elaine en Mouse by de froulju en bern bliuwe. It bordeel hat no it foarkommen fan in sportskoalle. Harry en Murphy moatte der tweintich minuten wachtsje om ien te wurd te kinnen en dan blykt Marcone yn eigen persoan delkommen te wêzen. De manager fan it bordeel, in Miss Demeter, blykt nimmen oars te wêzen as Helen Beckitt. As Harry mei har praat, kriget er foar it ferstân dat de saak noch wer oars yninoar sit as dat er tocht hie. Helen is de bân tusken Jessica Blanche en de oare fermoarde froulju. Madrigal Raith wist dat Helen lid fan 'e Ordo Lebes wie, dat doe't er har mei Jessica Blanche omgean seach, naam er stomwei oan dat dy ek paranormaal bejeftige wie. Helen is ûnskuldich oan 'e moard op Anna Ash, wat betsjut dat dejinge dy't Harry oer de gong fan saken ferteld hat de feiten moedwillich ferdraaid hat. En dy persoan is Priscilla.

Harry begrypt no dat Priscilla, dy't op gleone simmerdagen in koltrui draacht, nimmen oars is as de Skavis. Hy en Murphy en Molly, dy't op 'e nij op in ûnsichtberensbetsjoening trappearre wurdt as Harry syn tsjoendersstêf op 'e leech lykjende efterbank fan syn auto smyt, sette mei tûzen hasten ôf nei it motel dêr't se Elaine en de oaren efterlitten hawwe. Wylst Murphy riidt, besiket Harry mei in telepatyske betsjoening Elaine te berikken, sa't se foarhinne wol diene doe't se noch bern wiene. Dat slagget krekt op 'e tiid, want de Skavis hat Elaine as syn folgjende slachtoffer útkeazen, en hat har al safier krigen dat se ien fan har polzen trochsnien hat. Harry wit har lykwols wer by sûpe en stút te bringen. As se by it motel arrivearje, smyt Elaine krekt de Skavis (alias Priscilla), mei sydmuorre en al út har motelkeamer. Mei feriene krêften witte Elaine, Harry, Murphy, Mouse en Thomas, dy't ek krekt op dat stuit arrivearret, mei de opmerklik taaie fampier ôf te weven. Neitiid soarget Murphy derfoar dat Elaine nei it sikehûs brocht wurdt ear't se oan bloedferlies beswykt.

De dea fan 'e Skavis is lykwols noch net de ein fan 'e saak, want Griismantel de Malvora en syn maat Madrigal binne noch aktyf. Harry oppenearret de teory dat it hiele spul te krijen hat mei de ynterne polityk fan it Wite Hôf. Dat hat oant no ta nea folút stipe jûn oan 'e oarloch fan it Reade Hôf tsjin 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Krektoarsom, de kening fan it Wite Hôf (Thomas syn heit), hat ynset op bemiddeling tusken de stridende partijen. Neffens Harry besocht de Skavis it Hûs Raith fan 'e troan te stjitten en sels kening te wurden troch sjen te litten dat de Wite Ried sa ferswakke is dat er net iens paranormaal bejeftige froulju beskermje kin. Griismantel bemuoit him neffens Harry benammen mei de saak om 'e aksjes fan 'e Skavis te ûndermynjen en ynstee Hûs Malvora nei foarren te skowen. Wat net ien fan harren wit, mar Harry wol, is dat de kening fan it Wite Hôf mar in boechbyld is foar syn dochter, Thomas syn suster, de slûchslimme en ûnmeilydsume Lara Raith, mei wa't Harry-en-dy alris earder gedoente hân hawwe (sjoch: Blood Rites). Sy hat Thomas yn 'e saak behelle, en om't sy as ien fan mar in pear lju wit dat Thomas en Harry healbruorren binne, hat se Thomas ûnthjitte litten dat er Harry neat oer de saak fertelle soe. It mocht nammentlik net útkomme dat sy Harry, in bûtensteander, yn it spul behelle hie, mar se wist dat Thomas syn nuvere hâlden en dragen Harry syn oandacht opeaskje soe, en se sil it perfoarst gjin inkel probleem fine as Harry út himsels har swierrichheden foar har oplost. Dêrta komt er no mei in plan op 'e lapen dat eltsenien healwiis fynt, mar nettsjinsteande dat geane se der allegear yn mei.

De folgjende jûns set Harry mei Carlos Ramirez, dy't oerkommen is út Los Angeles, ôf nei it lângoed fan it Hûs Raith fuort benoarden Chicago. Molly en Mouse geane ek mei, mar bliuwe yn 'e auto efter om in flugge ôftocht mooglik te meitsjen as dat nedich wêze soe. De kening fan it Wite Hôf is dy jûns gasthear fan in topmoeting fan 'e lieders fan it Wite Hôf, dy't holden wurdt yn in grot op it lângoed dy't bekend stiet as de Djipten. Lara Raith, de wiere macht yn it Wite Hôf en sadwaande dus ek de eigentlike gastfrouwe (al witte de oare wite fampieren dat net), ferwachtet Harry al en eskortearret him nei de Djipten ta. Dêrby komme se oer in paad dat ferljochte wurdt troch lampen yn 'e foarm fan lytse koaikes dêr't in lyts ljochtsjend elfke yn finzen holden wurdt. Wylst Lara har wer nei har heit ta hastiget, wurde Harry en Ramirez bypraat troch Justine, in minsklike frou dy't de grutte leafde fan Harry syn healbroer Thomas is. Hja wie inkele jierren earder sa ferswakke dat se it by de dea om 't ôf helje moast (sjoch: Blood Rites), mar blykt yn 'e tuskentiid wer hielendal opbettere te wêzen, al is har hier no sniewyt. Se fertelt Harry dat de Skavis dy't er de deis tefoaren deade hat, eins de soan en erfgenamt fan it Hûs Skavis wie. Justine bringt de beide tsjoenders nei in plak dêr't se de gong fan saken yn 'e gearkomste fan it Wite Hôf ôfharkje kinne.

Earst is de hear fan it Hûs Skavis oan it wurd, dy't úthellet nei de polityk fan fermoedsoening fan 'e kening fan it Wite Hôf, en úthâldt dat syn soan bewiisd hat dat de Wite Ried swak is en dat no de tiid is om foargoed mei de tsjoenders ôf te weven. Cesarina Malvora, de frouwe fan it Hûs Malvora, falt him lykwols yn it wurd en beweart dat har muoikesizzer Vittorio (sa't Griismantel blykt te hjitten) dejinge is dy't mei syn maat Madrigal Raith ferantwurdlik is foar de rige moarden op froulju mei paranormale jeften. Op dat stuit brekke Harry en Ramirez yn 'e gearkomste yn en daagje Vittorio en Madrigal út ta in duël oant de dea, dêr't se ûnder de betingsten fan 'e Unseelie Akkoarten rjocht op hawwe yn harren hoedanichheid fan warders fan 'e Wite Ried, dy't ommers de beskermers fan 'e paranormale mienskip binne. Dêr hiene de beide fampieren net op rekkene, mar de kening fan it Wite Hôf seit gnyskjend dat er oan hannen en fuotten bûn is troch de Akkoarten en it duël wol tastean moat. Frouwe Cesarina Malvora, dy't hope hie om 'e dieden fan Vittorio en Madrigal te brûken om 'e kening te ûnttroanjen, kin inkeld toskeknarsjend tasjen.

Yn in lang en útputtend gefjocht witte Harry en Ramirez Madrigal Raith te deadzjen, mar as se Vittorio Malvora yn it nau dreaun hawwe en mei him ôfweve wolle, ropt dy syn master Cowl oan, dy't fanút it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, in poarte iepenet en in legerke reuseftige ghouls de grot yn stjoerd. Dy begjinne daliks alle oanwêzigen te deadzjen, dat Harry en Ramirez en de fampieren fan it Wite Hôf moatte fjochtsje foar harren libben. Cesarina Malvora en de hear fan it Hûs Skavis komme al rillegau te sneuveljen. Mar Harry hie al rekkene op ferrie, en dêr hied er foarsoarchsmaatregels foar nommen. Hy iepenet sels ek in poarte nei (in oar part fan) it Nevernever, en dêrtrochhinne kringe Thomas en Murphy de grot yn, folge troch "Gentleman Johnny" Marcone, syn liifwacht Hendricks en inkele tsientallen fan Marcone syn mannen, oanfolle mei in groep swierbewapene hierlingen. Harry syn fersterkings witte de ghouls werom te driuwen, en sa in paad te klearjen nei de fampieren fan it Hûs Raith dy't om Lara en de kening hinne gearklofte binne. Dêrnei lûke se har troch Harry syn poarte hinne werom yn it Nevernever, oant inkeld Harry, Thomas, Lara en Marcone noch yn 'e grot binne. Vittorio Malvora set lykwols mei syn psychyske tsjoenderij in oanfal yn dy't it fjouwertal letterlik ferlammet fan eangst en sa warleas efterlit. Hy tinkt dat er wûn hat en no rêstich de tiid nimme kin om syn fijannen te deadzjen, mar wat er net wit, is dat Harry net allinnich is yn syn holle.

Lash, de ôfdruk fan 'e fallen ingelinne Lasciël, ferflugget Harry syn tinkproses, sadat it suver wol liket as stiet de tiid stil. Sa kinne Harry en sy ûnderwilens in hiel petear hâlde. Se stiet der by him sterk op oan om 'e denarius, ien fan 'e Tritich Sulverstikken fan Judas Iskariot, op te nimmen en it dêrmei op in akkoartsje te goaien mei Lasciël. Harry wegeret lykwols, en fertelt Lash dat sy de lêste jierren yn syn holle in eigen ûntwikkeling trochmakke hat en dat se net mear identyk is oan Lasciël. Hy seit dat se krekt as eltse persoan in frije kar hat. Hy is derfan oertsjûge dat se him no helpe kin as se dat wol; de kar is oan har. Mei dy opstelling makket er Lash frijwat oerstjoer, mar úteinlik docht se yndie wat dat de psychyske oanfal fan Vittorio neutralisearret. Dêrop sjit Harry Vittorio del, mei as gefolch dat de fampier syn konsintraasje ferliest en de betsjoening slûpe lit. Thomas en Marcone witte dan nei it Nevernever te ûntkommen, mar ear't Harry en Lara dat foarbyld folgje kinne, grypt Vittorio syn master Cowl yn troch Harry syn poarte te sluten. Om't Harry wit dat Marcone syn mannen eksplosiven yn 'e grot oanbrocht hawwe dy't op it punt steane om ôf te gean, flechtsje hy en Lara nei de yngong, dêr't Harry harren mei in betsjoening tsjin 'e ûntploffing wit te beskermjen. Neitiid betinget Harry fan Lara dat se wearjild betelje sil oan alle djipdrôven fan 'e slachtoffers dy't de Skavis, Vittorio Malvora en Madrigal Raith makke hawwe. Ek stiet er derop dat se de finzen elfkes frijlitte sil. Dêrnei wurdt er troch Molly en Mouse thúsbrocht en op bêd stoppe.

De oare deis komt Murphy del, dy't Harry fertelt dat it goed giet mei Ramirez. Dy wie nammentlik swierferwûne rekke yn it duël, en neitiid daliks nei it sikehûs brocht. Weromsjend op it gefjocht fan 'e foargeande jûns is Harry der ridlik fan oertsjûge dat de ûntploffing fan 'e eksplosiven en de dêropfolgjende ynstoarting fan 'e grot de ein betsjut hat foar Vittorio Malvora. Mar Cowl befûn him fuortby syn eigen poarte nei it Nevernever, dat dy is de dûns nei alle gedachten ûntsprongen. Op har fraach hoe't er Marcone safier krigen hat om te helpen, antwurdet Harry dat er oanbean hat om 'e maffiabaas te helpen om him as frijhear oan te sluten by de Unseelie Akkoarten. Marcone hat dêrfoar foarspraak nedich fan trije hjoeddeistige leden, en Harry hat tasein ien fan dy trije wêze te sillen, wat er dwaan kin yn syn hoedanichheid fan warder fan 'e Wite Ried. Harry syn motyf om soks te dwaan, ôfsjoen fan syn direkte ferlet fan 'e help fan Marcone, is dat er de maffiabaas in reden en de mooglikheid jaan wol om Chicago te ferdigenjen tsjin ynkringing troch boppenatuerlike wêzens. Oant no ta hat Harry sels witten foar te kommen dat syn stêd troch sokken oernommen waard, mar it wurdt hieltyd dreger en hy is bang dat er it úteinlik allinne net oprêde sil. Op Murphy kin er fansels altyd rekkenje, mar se witte allebeide dat de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department altyd behindere wêze sil troch burokrasy en de needsaak om nei bûten ta te bearen dat boppenatuerlike wêzens net besteane. Murphy stelt fêst dat Harry Marcone brûkt, en Harry stimt dêrmei yn en follet oan dat Marcone him ek brûkt, mei't tagong ta de Unseelie Akkoarten alderhanne nije mooglikheden foar de maffiabaas opsmite sil, wêrfan't guon miskien dingen binne dy't Harry leaver net sjoen hie.

As Harry letter dy deis Ramirez en Elaine yn it sikehûs besiket, bepraat er mei Elaine it wearjild foar de slachtoffers fan 'e Skavis, Vittorio Malvora en Madrigal Raith, dat er fan Lara Raith los witten hat te krijen. Om't guon fan 'e fermoarde froulju, lykas Anna Ash, gjin djipdrôven efterlitten hawwe, stelt Harry foar om fan it net-útkearde wearjild de oprjochting fan in organisaasje te bekostjen dy't troch hiel Noard-Amearika bannen ûnderhâlde moat tusken paranormaal bejeftige lju. Hy hopet it op dy manear ûnmooglik te meitsjen dat sa'n ûnopmurken rige moarden nochris plakfine kin. (Dy organisaasje sil letter oantsjut wurde as it Paranet.) Neitiid besiket Harry Marcone yn 'e Velvet Room. Dêr set er, lykas ûnthjitten, syn hantekening ûnder Marcone syn oanfraach foar talitting ta de Unseelie Akoarten. It docht bliken dat de maffiabaas ûnderwilens ek net stilsitten hat, want de oare beide hantekenings binne al ynfolle: fan Lara Raith, út namme fan har heit, de kening fan it Wite Hôf, en fan Donar Vadderung, de CEO fan Monoc Securities, in boppenatuerlik befeiligingsbedriuw dêr't Marcone bannen mei ûnderhâldt. Harry lit Marcone witte dat er útfigelearre hat wa't it ûnbekende famke is dat al jierren yn koma yn in soarchynstelling leit en geregeldwei troch Marcone besocht wurdt: it is de dochter fan Helen Beckitt (sjoch: Storm Front), dy't by in besykjen fan in oare gangster om Marcone út 'e wei te romjen, rekke waard troch in ferdwaalde kûgel. Dat ynsidint wie in beslissend barren yn Marcone syn libben en de driuwende krêft efter hast alles dat er docht (sjoch: Death Masks).

Wer thús bepraat Harry mei Bob, de elemintêre geast fan 'e lucht dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, wêrom't Lash sûnt de foargeande jûns net mear op Harry syn praten tsjin har reägearret. Bob oppenearret dat Harry harsensletsel oprûn hat by it tsjinkearen fan 'e psychyske oanfal fan Vittorio Malvora. En dêr foeget er oan ta dat Lash dy skea beheind hat ta dat diel fan syn harsens dêr't sy, de ôfdruk fan 'e fallene ingelinne Lasciël, "libbe". Yn figuerlike sin soe men dus sizze kinne dat Lash foar Harry in kûgel opfongen hat, en dêrtroch sels omkommen is. Harry is dêr bot oandien fan. Noch dyselde jûns graaft er de denarius fan Lasciël op, dy't er ûnder in heale meter semint bedobbe hie yn 'e kelder ûnder syn appartemint, en bringt dy by pastoar Forthill yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan de Ingels, sadat de Roomsk-Katolike Tsjerke him der fierder mei rêde kin. De oare deis folget Harry syn healbroer Thomas, dy't noch altyd tige geheimsinnich oer syn wurk docht. Thomas blykt as hierknipper te wurkjen yn in dameskapsalon anneks skientmesalon, dêr't er fan 'e libbensenerzjy fan al syn klanten lytse hapkes nimt, sadat er nea wer in minske hoege sil te deadzjen om syn honger te stiljen. Yn 'e kapsalon hat Thomas lykwols de persona oannommen fan Tomás, in homoseksuële Frânske coiffeur, en Harry wurdt oansjoen foar syn (homoseksuële) partner.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases