Changes (roman fan Jim Butcher)
Changes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2010, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Dresden Files | |
● foarich diel | Turn Coat | |
● folgjend diel | Ghost Story | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 63 17X |
Changes is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Feroarings". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it tolfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Turn Coat. Yn Changes kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, fan syn eardere faam Susan Rodriguez te hearren dat er in dochter hat. Changes waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, kriget in tillefoantsje fan syn eks Susan Rodriguez, mei wa't er sân jier lang gjin kontakt hân hat. Hja wie foarhinne sjoernaliste by de Midwestern Arcane, in krantsje dat benammen oer paranormale saken publisearret. Har kollega's mienden dat se fiksje publisearren, mar Susan krige meitiid foar it ferstân dat der wier-wier boppenatuerlike dingen bestiene. Se besocht Harry as boarne te brûken, en fan it iene kaam it oare, sadat se úteinlik in relaasje krigen (sjoch: Storm Front). Dat bliek lykwols net sa befoarderlik te wêzen foar Susan har sûnens, doe't ien fan Harry syn fijannen, in fampier fan it Reade Hôf dy't Bianca hiet, har finzen naam om Harry te treffen (sjoch: Grave Peril).
Harry wist Susan te befrijen, mar tsjin dy tiid wiene Bianca-en-dy oer har gear west en wie se heal feroare yn in fampier fan it Reade Hôf. De metamorfoaze soe foltôge wurde as se it bloed fan in minske dronk oant dy it bestoar. Neitiid ferbriek Susan harren relaasje om't se no oanhâldend in gnaujende honger nei bloed fielde, dy't se net goed skiede koe fan har leafde foar en langst nei Harry. It soe dêrom mar in kwestje fan tiid wêze ear't se him op bêd by fersin deade. Twa jier letter doek Susan op 'e nij op (sjoch: Death Masks). Hja hie har tsjin dy tiid by it Genoatskip fan Sint Gilles jûn, de beskermhillige fan ferstjitlingen. It Genoatskip is in organisaasje fan minsken lykas har, dy't healwei de metamorfoaze ta fampier binne, en dy't harren ynsette om it Reade Hôf te bestriden. Nettsjinsteande alle redens om dat net te dwaan, bedreaune Harry en Susan doe noch ienris de leafde. Neitiid hat er neat mear fan har heard.
No falt Susan fuortendaliks mei de doar yn 'e hûs troch Harry te fertellen dat harren dochterke ûntfierd is troch fampieren fan it Reade Hôf. Harry, dy't gjin flau idee hie dat er heit wurden wie, is mei stomheid slein. Letter wurdt er poerrazen dat Susan op eigen manneboet besletten hie om him út it libben fan syn bern te wiskjen. As Susan dy jûns yn Chicago arrivearret, hawwe se dêr bot wurden om, mar Harry beslút om syn lulkens oan 'e kant te setten om't der no earst wichtiger dingen binne, lykas it rêden fan it libben fan syn dochter, dy't Margaret Angelica (ropnamme: Maggie) hjit. Susan fertelt dat Arianna Ortega, in hartoginne fan it Reade Hôf dy't de widdo is fan Harry syn âlde fijân Paolo Ortega, efter de ûntfiering sit. Mei Martin, in oar lid fan it Genoatskip fan Sint-Gilles, kringe Susan en Harry in geheim kantoar fan it Reade Hôf yn Chicago binnen, dat nota bene fêstige is yn itselde gebou dêr't ek Harry syn eigen detektiveburo sit. Susan fertelt dat it gebou inkele jierren lyn troch Arianna Ortega opkocht is, en Harry is poermâl om te beseffen dat er al jierrenlang hier betellet oan it Reade Hôf.
It docht bliken dat Susan en Martin folge binne út Gûatemala wei nei Chicago ta, as in seistal fampieren fan it Reade Hôf harren oer it mad komt. Harry, dy't syn selsbehearsking noch altyd net wer alhiel weromfûn hat, deadet trije fan 'e wêzens mei sielefjoer, dat in aartsingel him leard hat te brûken (sjoch: Small Favor), wylst Martin in fjirdenien út 'e ljochten helpt. Twa witte lykwols te ûntkommen. Yn it kantoar fynt Susan in blaudruk fan it kantoargebou, dêr't út blykt dat om Harry syn detektiveburo hinne allegear eksplosiven yn 'e muorren oanbrocht binne. (Harry beseft dat dat dien wêze moat doe't der sabeare asbest út it gebou ferwidere waard.) Susan, Martin en Harry witte krekt op 'e tiid út it gebou te kommen ear't it opblaasd wurdt. Neitiid bejouwe Susan en Martin harren nei in ûnderdûkadres fan it Genoatskip om te sjen oft se ynformaasje fan 'e hurde skiven helje kinne dy't se út 'e kompjûters yn it kantoar stellen hawwe.
Underwilens giet Harry nei hûs, dêr't er de komst fan 'e plysje ôfwachtet. Yndie stiet net folle letter syn goede freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, by him foar de doar. Hja hat heard dat it kantoargebou dêr't syn detektiveburo fêstige wie, opblaasd is, en se nimt oan dat er wer ris immen tsjin it hier yn strutsen hat. As Harry har de saak útleit, biedt se daliks har help oan en seit se boppedat ta om besykje te sillen en hâld de plysje fierders by him wei. Nei in koart nachtsje ljochtet Harry de oare moarns ek syn learlinge Molly Carpenter yn oer wat der geande is. Mei har set er fia in slûprûte troch it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, ôf nei Edinburgh, dêr't it haadkertier fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij fêstige is. Harry hopet dêr help te besetten fan syn mei-tsjoenders, mar as se dêr arrivearje, docht bliken dat it Reade Hôf krekt in nije ambassadeur stjoerd hat dy't de slepende oarloch tusken de beide organisaasjes beëinigje moat. Dy ambassadeur is nimmen oars as Arianna Ortega.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De ûntfangst fan Arianna is beävensearre troch Gregori Cristos, it nijste lid fan 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. Dat is deselde dy't Harry en syn âlde mentor Ebenezar McCoy derfan fertinke dat er in ynfiltrant is foar de Swarte Ried (sjoch: Turn Coat), in skimige organisaasje dy't al jierrenlang fan efter de skermen de Wite Ried tsjinwurket. Yn 'e grutte seal presintearret Cristos Arianna krekt oan in publyk fan tsjoenders as Harry en Molly dêr binnenkomme. Der ûntstiet trelit en it komt hast ta in konfrontaasje tusken Harry en Arianna, foar't Anastasia Luccio, de kaptein fan 'e warders fan 'e Wite Ried, Harry út 'e seal wit te loadsen. Neitiid nimt Luccio Harry en Molly mei nei in fertrek dêr't se net ôfharke wurde kinne. Harry, dy't Luccio ymplisyt fertrout om't se in skoft lang in relaasje hân hawwe, leit har út wat der geande is. Luccio biedt oan om him te helpen troch syn eagen en earen te wêzen yn it haadkertier fan 'e Wite Ried.
As Arthur Langtry, de Merlyn (foarsitter) fan 'e Hege Ried, him by harren jout, docht bliken dat de Wite Ried it fredesútstel fan Cristos en it Reade Hôf net foar sûkerswiet oannimt. Fan 'e leden fan 'e Hege Ried dy't op it poadium yn 'e grutte seal oanwêzich wiene, klaaid yn harren tsjoendersmantels mei djippe kappen oer de holle lutsen, is mar ien echt in lid fan 'e Hege Ried, foar it gefal dat der earne op antwurde wurde moat. De oare bestjoersleden fan 'e Wite Ried befine har feilich bûten berik fan Arianna. De Merlyn jout oan dat de Wite Ried risselwearret om foargoed mei it Reade Hôf ôf te weven, eat dat wyslik bûten de wittenskip fan Cristos om dien wurdt. Dêrfoar is lykwols earst al nedich dat it spultsje meispile wurdt. De Merlyn is derfan oertsjûge dat it Reade Hôf gjin wiere frede hawwe wol, mar ynstee fan doel is in nije oanfal op 'e Wite Ried te dwaan. Syn plan is om te wachtsjen oant de fampieren al harren krêften dêrta ynset hawwe om dan bienhurd werom te slaan. Dêrta is it wol nedich dat Harry him katoen hâldt. Wylst Harry earst tocht dat er gjin help fan 'e oare leden fan 'e Wite Ried krije soe om't se de kâns op frede mei it Reade Hôf net bedjerre woene, blykt it dus eins sa te wêzen dat er fan harren gjin help kriget om't se de kâns op it ferslaan fan it Reade Hôf net bedjerre wolle. Foar him komt dat lykwols op itselde del. Hy en Molly jouwe har wer ôf nei Chicago.
Dêr hawwe Susan en Martin ûnderwilens op 'e hurde skiven, dy't se út it kantoar yn it opblaasde gebou stellen hiene, in kompjûterbestân fûn dat bestiet út in list mei dingen dy't Harry identifisearret as rituele foarwerpen. As Harry dêr letter neifraach oer docht by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium, befêstiget dy wat Harry al wist. Hy foeget deroan ta dat sokke foarwerpen inkeld brûkber binne foar de dûnkerste foarmen fan swarte magy, lykas it bringen fan minske-offers. De foarwerpen binne neffens de list op 'e eigenste dei fan 'e ûntfiering fan Maggie opstjoerd nei in ûnbekend plak... Underwilens stjoert Harry Molly, ûnder beskerming fan syn reuseftige en grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse (dy't in neikommeling is fan in stjerlike hûn en in godlike beskermgeast), nei pastoar Forthill ta, yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dy't kontakten mei roomske preesters yn Latynsk-Amearika ûnderhâldt; Forthill seit ta fernimme te sillen oft er wat útfine kin.
Harry kriget besite fan Murphy, dy't him warskôget dat harren âlde fijân resjersjeur Barry Rudolph fan Ynterne Saken besiket om him opdraaie te litten foar it opblazen fan it kantoargebou. Der sil sadwaande mei koarten wol hûssiking by Harry dien wurde, en as er net wol dat er arrestearre en minimaal fjouwerentweintich oeren lang ûnderfrege wurdt, kin er mar better sjen dat er dreech op te spoaren wurdt. Hoewol't Harry beseft dat it op 'e lange termyn better foar himsels wêze soe om oan it plysjeûndersyk mei te wurkjen, docht er him dat no net tiid. Mar hy kin ek net samar útnaaie, want hy hat beskermingsbetsjoenings om syn appartemint hinne opboud, dy't gjin ûnderskie meitsje tusken sombys, fampieren of oare meunsters dy't der binnenkringe wolle en plysjeminsken dy't de doar ynslane om hûssiking te dwaan. Dat hy moat earst de betsjoenings ûntmantelje en dan alle spul yn syn appartemint byinoar sykje dat er eins net hawwe mei (lykas ferrike uranium) en oare dingen wêrfan't er net wol dat de plysje se fine sil (lykas Bob en syn skedel, en de beide swurden fan 'e Ridders fan it Krús dy't er op 'e noed hat). Tsjin dy tiid stiet de FBI by him foar de doar. Harry hat gjin oare kar as om út syn appartemint streekrjocht oer te stekken nei it Nevernever, eat dat er noch nea dien hat om't er de skieding mei it Nevernever op dat plak sa sterk mooglik hâlde wol.
Yn it Nevernever bedarret Harry yn in tún dêr't er suver daliks oanfallen troch in reuseftige, meunsterlike tûzenpoat, dy't er net oer kin mei syn tsjoenderij. Hy kin net ûntsnappe, en beslút dat syn iennichste mooglikheid om te oerlibjen is om werom te kearen nei syn appartemint. Hy bedobbet syn rêchsek, mei alle byinoar sochte spul deryn, op dat plak yn it Nevernever djip ûnder de grûn, dêr't (hooplik) inkeld hy it ding weromfine kinne sil. Werom yn syn appartemint wurdt Harry fuortendaliks arrestearre troch de FBI. Hy wurdt meinommen nei it kantoar dat de federale resjerzje yn Chicago ûnderhâldt, dêr't er ûnderfrege wurdt troch FBI-agint Tilly en resjersjeur Rudolph. It docht al rillegau bliken dat it net botte bûterje wol tusken de beide mannen, en Tilly kriget op in stuit sa syn nocht fan 'e ûnprofesjonaliteit fan Rudolph dat er dyselde út 'e ferhearkeamer set. Tilly blykt in ynteger man te wêzen, dy't boppedat (sûnder dat er it sels wit) in lyts magysk talint hat, dêr't er mei wissichheid troch sizze kin oft immen liicht of net. It liek him al raar ta dat Harry wat mei de ûntploffing te krijen hie, en as Harry syn direkte fraach datoangeande ûntkennend beäntwurdet, is foar him dêrmei it spul dien. Harry makket fan 'e gelegenheid gebrûk om Tilly yn 'e rjochting te stjoeren fan Arianna Ortega, yn 'e hope dat de FBI har organisaasje hjir en dêr in stôk yn 'e speaken stekke kin.
Nei't er frijlitten is, wurdt Harry op 'e strjitte foar it FBI-kantoar besketten út in ridende auto; syn betsjoende learene lange jas keart de kûgels tsjin, hoewol't er der in pear bêste blauwe plakken oan oerhâldt. Molly pikt him op en riidt him nei hûs ta, dêr't de FBI ûnderwilens klear is mei de hûssiking. Binnendoar treffe Harry, Molly en Mouse Susan en Martin oan, dy't bewusteleas yn griene kokonnen oan it plafon hingje. De dieder sit yn Harry syn noflike stoel te wachtsjen: it syn petemem, de Leanansídhe, ien fan 'e machtichste leden fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten. Hja leit út dat de tún yn it Nevernever oarekant fan syn appartemint harres is, en dat se de meunsterlike tûzenpoat dêr pleatst hat as bewekker. As er in eintsje fierder de tún yngien wie, sa seit se, hie Harry de ûnbidige berch bonken sjoen fan al syn fijannen dy't troch de jierren hinne besocht hawwe om syn appartemint fanút it Nevernever binnen te kringen.
Harry freget de Leanansídhe (dy't er Lea neamt) om Susan en Martin gean te litten. Se lykje gjin ferwûnings oprûn te hawwen, al binne se noch altyd bewusteleas. Yn in helder momint freget er Lea, dy't syn petemem is fanwegen in ôfspraak mei syn koart nei syn berte ferstoarne mem Margaret LeFay, oft syn mem har soms wat yn bewarring jûn hat oant er âld en wiis genôch wêze soe om der sels om te freegjen. Dat blykt yndie sa te wêzen: it is in reade fûnkelstien dy't alle kennis fan 'e wegen troch it Nevernever befettet. Lea warskôget him dat jin foar grutte kennis in hege priis betelje moatte; yn it gefal fan syn mem wie dat dat se neitiid nea wer goed sliepe koe. Harry, dy't beseft hoe'n grut foardiel dizze kennis him jaan kin by it rêden fan Maggie har libben, beslút de fûnkelstien dochs oan te nimmen.
Harry makket neitiid gebrûk fan 'e nije kennis dy't er opdien hat troch Susan en Martin fia it Nevernever mei te nimmen nei Nevada, dêr't de swierbewekke opslachromte stiet dêr't de rituele foarwerpen wei opstjoerd binne. Trijeresom kringe se dêrbinnen, mar se ûntdekke inkeld dat de foarwerpen nei in plak earne yn Meksiko gien binne. Wer thús ûntfangt Harry in brief fan Chandler, in warder fan 'e Wite Ried en in fertrouling fan Luccio. Dy skriuwt dat de sitewaasje yn Edinburgh ûnderwilens hielendal út 'e hân rûn is. Inkele jongere warders dy't it iepentlik ûniens wiene mei Cristos syn fredesplannen, binne oppakt en wurde fêstholden troch de oanhingers fan Cristos. Doe't Harry syn freon Carlos Ramirez en in stikmannich oaren besochten se te befrijen, waarden sy ek finzen nommen. Luccio gie dêrop yn har hoedanichheid fan kaptein fan 'e Warders nei Cristos ta om harren frijlitting te easkjen, en is doe spoarleas ferdwûn. De oare leden fan 'e Hege Ried binne ûnfynber. Harry begrypt dat er fan 'e Wite Ried fierders neat hoecht te ferwachtsjen.
Hy nimt kontakt op mei syn âlde mentor Ebenezar McCoy, mar dy lit him net útprate; ynstee oarderet er Harry om him oer tolve oeren te moetsjen op in ûnderdûkadres yn Toronto. Neitiid giet Harry by syn kontakten yn 'e boppenatuerlike wrâld te rie om út te finen wêr yn Meksiko oft Arianna Ortega fan doel is om Maggie te offerjen, mar net ien dy't him helpe kin. Hy kin in demon oproppe om mei sa'nent te ûnderhanneljen oer dat stikje kennis, mar de priis dêrfoar sil perfoarst sa heech wêze dat er him eins net betelje kin. Yn wanhope siket Harry kontakt mei it Argyf, in famke dat er Ivy neamt, fan wa't de holle it opslachplak is fan alle minsklike kennis dy't ea bestien hat. Har liifwacht, de healdemon Jared Kincaid, makket him dúdlik dat Ivy him net fertelle kin wat er witte wol, mei't har neutraliteit dan yn 'e kiif komt te stean. As er er him freget tsjin it famke te sizzen dat er oars gjin oare kar hawwe sil as om syn taflecht te nimmen ta drastyske maatregels, seit Kincaid dat Ivy fan tinken is dat "de lêste man mei wa't er gedoente hawwe wol" him fierder helpe kin.
Dat, Harry slokt syn grutskens troch en makket in ôfspraak om "Gentleman Johnnie" Marcone te moetsjen, de maffiabaas fan Chicago. As dy opdaagjen komt mei syn liifwacht Hendricks en syn feilichheidsadviseur op it mêd fan it boppenatuerlike Miss Gard (dy't eins de walkuere Sigrún is), leit Harry him de saak fan it ûntfierde famke foar, mar sûnder dêrby te fertellen dat it om syn eigen dochter giet. Marcone lit Gard fuortendaliks immen opskilje op har mobile tillefoan, mar wol dan witte wat de ynformaasje foar Harry wurdich is. Harry antwurdet dat er fan doel is en bring it Reade Hôf in swiere slach ta; om't dat deselde organisaasje is dy't oanhâldend yllegale aktiviteiten besiket te ûntjaan yn Chicago, en dêrmei Marcone syn domein binnenkringt, liket it him ta dat Marcone der allinne mar baat by hat om him de ynformaasje fergees te jaan. Marcone tinkt dêr eefkes oer nei en stimt der dan mei yn, wylst er deroan taheakket dat Harry syn dea, as Harry net yn syn opset slagje mocht, him ek prima nei 't sin wêze soe. As Gard har wer by harren jout, docht bliken dat har tillefoantsje rjochte wie oan har baas Donar Vatterung, de eigner fan it feilichheidsbedriuw Monoc Securities. Hy hat de ynformaasje dy't Harry hawwe wol, mar hy wol Harry sels moetsje.
Sadwaande lit Harry him fia it Nevernever troch Gard nei Oslo ta liede, dêr't se útkomme yn 'e kelder fan in flatgebou, dêr't de poarte ta it Nevernever bewekke wurdt troch inkele tsientallen einherjar. Se nimme de lift nei it penthouse, dêr't it kantoar fan Donar Vatterung fêstige is, en wurde dêr opwachte troch in pear kreaze en blykber tige gefaarlike resepsjonistes mei ravensswart hier. As Harry by de ieneagige Vatterung talitten wurdt, wol dy fan him witte oft er wol begrypt wa't er foar him hat. Harry ornearret dat er in aardich idee hat, de walkuere, de einherjar, de beide ravens, it iene each en de namme Donar Vatterung ("Tongers Heit") yn oanmerking nommen. Odin seit dat er Harry wol lije mei, en dat er him graach helpe wolle soe, mar dat er yn 'e moderne tiid oan beskate beheinings bûn is. Hy jout Harry de lokaasje dêr't it minske-offer plakfine sil, de ruïnestêd Chichén Itzá, sûnder der wat foar werom te freegjen. Mar hy warskôget Harry dat de Kening fan it Reade Hôf en syn neiste fermidden, de Hearen fan 'e Bûtenste Nacht, fan âlds ek goaden wiene, en dat se yn Chichén Itzá yn it sintrum fan harren macht wêze sille. Se wolle mei it minske-offer troch deademagy in flok op Maggie har bloedline lizze, dy't derfoar soargje sil dat eltsenien dy't oan har besibbe is, omkomme sil. Harry sil wat oars betinke moatte om harren tsjin te hâlden as syn wenstige maneuvels, want as er inkeld dêrmei op 'e lapen komt, sille dy fallene goaden him deaslaan as wied er in ynsekt.
Werom yn Chicago fertelle Martin en Susan oan Harry dat se útfûn hawwe wa't it Reade Hof efter harren oan stjoerd hat, en wa't dus de direkt ferantwurdliken binne foar it opblazen fan it kantoargebou. It giet om in pear heechpleatste fampieren, in man-en-wiifstel dat Estebán en Esmeralda Batiste hjit. Harry ornearret dat dyselden ek efter de oanslach op syn libben bûten it FBI-kantoar sitte moatte. Mar as Arianna Ortega dit allegear docht om him lije te litten út wraak foar syn belutsenens by de dea fan har man, wêrom besykje Estebán en Esmeralda dan om him sûnder mear út 'e wei te romjen? It antwurd moat wêze dat der twa faksjes besteane binnen it Reade Hôf, ien oanfierd troch Arianna en ien troch de Reade Kening. Miskien, sa oppenearret Molly, giet it Arianna wol net iens allegear om Harry, mar is it foar har inkeld in moaie bonus as se sydlings ek mei him ôfweve kin.
As Harry neitiid yn syn stamkroech MacAnally's in moeting mei Murphy hat om har by te praten oer de lêste ûntwikkelings, reitsje se yn petear oer Rudolph en wat in rotsak dat eins is. Syn belutsenens by de saak bepratend, spekulearje se oer wa't him opdracht jûn hat om 'e FBI yn Harry syn rjochting te wizen. Dêr wie him blykber hiel wat oan gelegen, want Murphy hat heard dat er dêr alles foar byinoar liigd hat. Harry riddenearret dat it miskien Estebán en Esmeralda west hawwe kinne, wat ek de oanslach bûten it FBI-kantoar ferklearje kinne soe: dy kûgels wiene eins bedoeld foar Rudolph, om't dy no tefolle wist. Doe't er melde dat it him net slagge wie om 'e FBI wat wiis te meitsjen, hoegde de skutter inkeld fan doelwyt te feroarjen. Harry en Murphy beslute om Rudolph yn 'e rekken te hâlden: Murphy docht dat op it wurk, wylst Harry mei Molly en Mouse syn auto foar Rudolph syn hûs oer parkearret.
Wylst se dêr it hûs oan it observearjen binne, komt Harry syn healbroer Thomas Raith opdaagjen, mei wa't Harry kontakt socht hat sa gau't er útfûn hie oer de bloedlineflok. Thomas is in fampier fan it Wite Hôf, dy't tarret op libbensenerzjy dy't er ta him nimt troch seks, krekt sa't de fampieren fan it Reade Hôf tarre op bloed. (De fampieren fan it Wite Hôf binne dus eins mear ynkuby en sukkuby as 'tradisjonele' fampieren.) Nei't Harry Thomas de sitewaasje útlein hat, biedt dy oan om syn suster Lara Raith by de saak te belûken, dy't de wiere macht is efter de Kening fan it Wite Hôf. Lara is ien fan 'e mar in pear lju dy't op 'e hichte binne fan 'e famyljerelaasje tusken Harry en Thomas, mar Harry sjocht net yn hoe't se de macht fan it Wite Hôf efter him smite kin sûnder oan oaren út te lizzen dat de bloedflok ek Thomas en fia Thomas mooglik harsels treffe kin. Thomas hâldt lykwols fol dat er de saak oan har foarlizze wol, en Harry leit him dêrby del.
As se it rinkkinkeljen fan brutsen glês hearre, hastigje Harry, Thomas, Mouse en Molly harren nei de efterkant fan it hûs fan Rudolph ta, dêr't in meunster him tagong ta de wente ferskaft hat troch in glêzen doar yn te slaan. Se falle it wêzen oan, mar dat blykt tige sterk en sa taai as hier te wêzen. As Thomas en Mouse tydlik bûten gefjocht steld binne, put Harry himsels út troch tefolle sielefjoer te brûken, wêrnei't er der warleas hinne falt en in pear ribben brekt en syn skonk slim besearet as it meunster oer him hinne knoffelet. Molly wit it wêzen by him wei te lokjen, wat Thomas en Mouse de kâns jout om wer oerein te klauwen. Se geane efter it wêzen oan. As Harry allinne efterbliuwt, wurdt er oppakt en in ein meisleept troch Estebán en Esmeralda Batiste. Dy besykje him te bepraten om 'e saak fan it minske-offer fierders gewurde te litten. Se wurkje foar de Reade Kening, en it minske-offer makket blykber diel út fan in ynterne yntriizje fan Arianna Ortega binnen it Reade Hôf om har macht te fergrutsjen en de Reade Kening te ûnttroanjen. Harry syn bemuoienissen spylje Arianna rjocht yn 'e kaart, wat de oanslach op syn libben bûten it FBI-kantoar troch Estebán en Esmeralda ferklearret. Harry hâldt de beide fampieren, dy't dúdlik gefaarlike sljochtsinnich binne, oan 'e praat oan't Thomas en Mouse ôfweeft hawwe mei it meunster, dat Estebán en Esmeralde in ik'k'uox neame. As Mouse deunby komt, naaie de beide fampieren út.
Thomas en Molly bringe Harry thús, mei't by it gefjocht tusken Thomas, Mouse en de ik'k'uox Harry syn auto troch it meunster plet is. Thomas hat yn it gefjocht sa'n krêft ferspile dat er himsels amper noch yn 'e macht hat. Troch in ûnhandige set fan Molly ferliest er syn selsbehearsking alhiel. Hy soe Molly har libbensenerzjy opiten hawwe oant se it bestoar as Mouse net tuskenbeiden kommen wie. Harry stjoert Thomas fuort en jout Molly opdracht om him nei de Tsjerke fan de Hillige Marije fan de Ingels te bringen, dêr't er feilich wêze sil foar nije oanfallen fan 'e fampieren. As se fuortsille, wurdt der lykwols ynienen in molotovcocktail troch de stikkene doar smiten (dy't by de hûssiking troch de FBI ynslein is). It hiele gebou rekket yn 'e brân en Harry komt yn syn sûterrênappartemint fêst te sitten, wylst Molly en Mouse bûtendoar binne en him net berikke kinne. Harry lûkt ien fan syn boekekasten om sadat dy heal op 'e bank falt en klimt sa nei it plafon ta, dêr't er mei magy in gat yn slacht. Hy skuort himsels troch it gat en komt út yn 'e wenkeamer fan frou Spunklecrief, de bejierre eigeneresse fan it âlde appartemintegebou. Hja leit al op bêd, mar Harry makket har wekker en se ûntsnappe troch de efterdoar.
Tsjin dy tiid stiet it gebou yn ljochte lôge en is de twadde ferdjipping, dêr't him it appartemint befynt fan 'e Willoughby's, in âlder troud pear, net mear te berikken. Mei in ljedder út it túnskuorke besiket Harry nei in finster op dy ferdjipping te klimmen, mar as der yn 'e wente fan frou Spunklecrief it ien of oar ûntploft, wurdt de ljedder ûnder him wei blaasd. Hy falt in meter as fjouwer nei ûnderen en komt mei syn rêch op in bakstiennene blombak telâne, wêrnei't er net mear oereinkomme kin. Frou Spunklecrief wit de ljedder wer rjochtop te skuorren en wol dan sels besykje nei it finster te klimmen, mar dat kin se net om har minne heup. Yn fertwifeling ropt se út: "God yn 'e himel, help ús!" Op dat stuit ferskynt efter har Sanya, in mânske negroïde Rus dy't de iennichst oerbleaune Ridder fan it Krús is. (De Ridders fan it Krús binne bewapene mei swurden dêr't in spiker fan 'e krusiging fan Jezus yn ferwurke is.) Hy klimt nei it finster ta en rêdt de Willoughby's.
Neitiid jouwe Molly en Mouse har by Harry, mar nije panyk brekt út as Harry opbychtsje moat dat er syn skonken net mear fiele kin. Hy wegeret lykwols om nei it sikehûs brocht te wurden, om't dat it earste plak is dêr't Estebán en Esmeralda him sykje sille. Hy wol net warleas op 'e operaasjetafel of yn 'e útsliepkeamer lizze as de beide fampieren him dêr oer it mad komme. Dêrom stelt Sanya in rêchboerd út ien fan 'e op 'e brân tahastige ambulânses, en hy en Molly bringe Harry en Mouse ynstee nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't pastoar Forthill yn in romte yn 'e konsistoarje in pear fjildbêden stean hat foar gefallen dat minsken dêr oernachtsje wolle. Wylst er efterút Sanya syn bestelbuske sjocht hoe't syn hiele gebou yn flammen opgiet en de brânwacht inkeld soargje kin dat it fjoer net oerslacht nei omlizzende gebouwen, ferliest Harry it bewustwêzen.
Hy wurdt wekker yn in mei in kjers ferljochte romte yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't er allinnich is en fêstbûn leit op it rêchboerd sadat er net bewege en dêrmei syn rêch noch slimmer skansearje kin. Wylst de kjers flakkeret en útgiet en Harry yn it tsjuster efterlit, betinkt er wat er no moat. Hy kin noch altyd ûnder syn mul neat fiele, wat in faai teken is. Hy hat ek de ôfspraak mei Ebenezar McCoy yn Toronto mist, wat betsjut dat er nei alle gedachten de stipe fan 'e Grize Ried misse moat. Hy is alles kwytrekke dat er hat, útsein it spul dat er yn 'e tún fan 'e Leanansídhe bedobbe hie en de kennis dy't er yn syn holle hat. Lokkigernôch binne helpmiddels net nedich foar it dwaan tsjoenderij, hoewol't se it wol in stik makliker meitsje. Sûnder sok spul moat er de hiele betsjoening yn gedachten opbouwe en fêsthâlde, wat in tigen konsintraasje ferget dy't maklik ferbrutsen wurde kin. Harry ornearret lykwols dat er net folle oare kar mear hat en stelt him yn syn holle in opropsirkel foar, wêrnei't er in opropping útfierd. De aartsingel Uriël ferskynt oan him en befestiget wat Harry al freze hie, dat syn rêch brutsen is. Harry freget him om help, mar Uriël leit út dat er yn sokke saken oan hannen en fuotten bûn is. It wie Harry syn frije wil om 'e ljedder te beklimmen wylst er al ferwûne wie, en dan moatte de konsekwinsjes ek foar syn rekken komme. De aartsingel kin Harry allinne de rie jaan om him liede te litten troch de leafde foar syn dochter.
As Harry foar it ferstân kriget dat Uriël neat foar him dwaan kin, goait er it oer in oare boech. Hy fiert op 'e nij deselde betsjoening út, mar ropt no Mab op, de keninginne fan Lucht en Tsjuster, hearskeresse oer de ierdgeasten fan it Winterhôf. Hja hat al by ferskate gelegenheden oanjûn dat se wol dat hy har Winterridder wurdt, mar twaris hat Harry dat oanbod ôfslein (sjoch: Summer Knight en Dead Beat). Harry kriget in fizioen wêryn't Mab him meinimt nei de Stiennen Tafel, in magysk foarwerp dat de macht fan 'e besitter fuortsterket troch it bloed dat derop fergetten wurdt. It is in plak dêr't Harry earder west hat (sjoch: Summer Knight). Mab brûkt de Leanansídhe om foar har te praten, mei't har grime (net op Harry) sa grut is dat Harry de earen bliede soene fan har eigen stimlûd. As se witte wol wêrom't er no ynienen wol har Winterridder wurde wol, leit Harry har de sitewaasje mei syn dochter út. Hy stelt as betingsten dat Mab syn lichem genêze sil, him de tiid en it fermogen jaan sil om Maggie te rêden en yn feilichheid te bringen, en him nea oarderje sil om fanwegen te kommen tsjin immen fan wa't er hâldt.
As se witte wol wat er dwaan sil as se syn oanbod ôfslacht, seit Harry dat er dan de munt fan 'e fallen ingel Lasciël, ien fan 'e Tritich Sulverstikken fan Judas Iskariot, by him roppe sil, dêr't er noch altyd de macht ta hat ek al hat er it ding jierren lyn opjûn (sjoch: Death Masks en White Night). En as Nicodemus en de oare leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denarius him net helpe wolle by it rêden fan Maggie, is Harry ek altyd noch ien fan twa libbene persoanen dy't witte hoe't se it 'Tsjusterhilligen' fan 'e psychopatyske tsjoender Kemmler útfiere moatte om in god op 'e Ierde te wurden (sjoch: Death Masks). As lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denarius soed er lykwols úteinlik himsels kwytreitsje oan it kwea, wylst er mei it 'Tsjusterhilligen'-ritueel withoefolle minsken deadzje soe. Dat wol Harry leaver net, mar as dat de iennichste manear is om syn dochter te rêden, sil er it dwaan. Hy jout lykwols de foarkar oan 'e tsjinst fan Mab, as "fan trije kweaden it minst kweade," in omskriuwing dy't de Winterkeninginne amusearret. Se giet akkoart en jout de Leanansídhe de frije hân om Harry te helpen by it rêden fan Maggie.
Om 'e Winterridder te wurden, moat Harry de âlde Winterridder, de ferriedlike drugsferslaafde moardner en ferkrêfter Lloyd Slate (sjoch: Summer Knight), dy't troch Mab al dy jierren ûnder slimme tramtaasjes yn libben holden is, út syn lijen ferlosse troch him op 'e Stiennen Tafel de kiel troch te snijen. Dêrnei wurdt de bân tusken him en Mab bekrêftige mei in rituele foarm fan seksuele mienskip. Op it momint fan klimaks wurdt Harry wekker yn 'e konsistoarje fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't er noch altyd fêstbûn op it rêchboerd leit, wylst syn freon, de patolooch-anatoom Waldo Butters, him mei elektryske skokken reänimearret. Wylst Harry Butters, Molly en pastoar Forthill noch besiket te oertsjûgjen fan it feit dat der neat mear mis mei him is, sadat se him wol losmeitsje kinne, kringt in man it fertrek yn en besiket Harry dea te sjitten. Mei syn fuortsterke magyske krêften as Winterridder makket Harry lykwols koarte metten mei him. As er him neitiid ûnderfreget, blykt it om in Stevie D te gean, dy't as hiermoardner wurket. Hy wol earst net sizze wa't syn opdrachtjouwer is, mar as Harry him foarleit oft er miskien leaver oan "Gentleman Johnnie" Marcone útlizze wol wêrom't er opdrachten yn dy syn domein oannimt, wol Stevie wol omlyk. Hy identifisearret lykwols, ta Harry syn ferrassing, Susan Rodridguez as syn opdrachtjouwer.
As Harry it spul letter beprakkesearret, kin er gjin goede reden betinke foar Susan om him út 'e wei romje te wollen, en wat wichtiger is, hy kin gjin goede reden betinke foar Susan om in hiermoardner yn te hieren om him út 'e wei te romjen. As Susan him dea hawwe woe, hoegde se him inkeld eefkes apart te nimmen en ta te slaan, en dan soed er syn dea nea oankommen sjen. Estebán en Esmeralda, oan 'e oare kant, hawwe in fêststeand motyf om Harry dea hawwe te wollen, en sy kinne him sels net berikke op 'e wijde grûn fan 'e tsjerke. Harry wit dat fampieren mear as genôch tsjoenderij hawwe om Stevie D leauwe te litten dat er troch Bert en Ernie ynhierd is, dat hy ornearret dat Estebán en Esmeralda de wiere opdrachtjouwers foar de hiermoard binne. Bliuwt de fraach oer: wêr is Susan, want sy en Martin soene al lang werom wêze moatte, en de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels wie ek al Harry syn ûntwyk doe't er noch mei Susan omgie, dat as se seach dat syn appartemintegebou ôfbaarnd wie, soe se him automatysk hjir sykje moatten hawwe.
Harry freget it elfke Toet-toet om help by it opspoaren fan Susan en Martin. De elfkes, dy't harsels ûnsichtber meitsje kinne, binne oeral yn Chicago en Harry hat mei harren in saaklike oerienkomst wêrby't se lytse hân- en spantsjinsten foar him ferrjochtsje as hy harren geregeldwei fan pizza foarsjocht, dêr't se sljocht nei binne. De elfkes hawwe Susan binnen de koartste kearen fûn en Toet-toet liedt Harry nei it gebou dêr't se finzenholden wurdt, wat it kantoar fan 'e FBI blykt te wêzen. Wylst er dêr de boel observearret, wurdt Harry oansprutsen troch in dakleaze, dy't Martin yn momkape blykt te wêzen. Dy fertelt dat hy en Susan troch de FBI opwachte waarden by Harry syn appartemint. Om't Martin al in foege iuw aktyf is as lid fan it Genoatskip fan Sint-Gilles, is er bekend by it Reade Hôf, dat derfoar soarge hat dat er op alle ynternasjonale listen fan terrorismefertochten stiet. Susan hat dat probleem (noch) net, dat wylst sy de FBI ôflate, makke Martin him út 'e fuotten. Hy is derfan oertsjûge dat Susan net lang fêstholden wurde sil, mar de tiid begjint sa súntsjesoan wol te driuwen, want hy hat fan syn kontakten yn Meksiko te hearren krigen dat it ritueel dyselde jûns noch plakfine sil.
Harry stjoert Martin nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels ta en seit ta dat er sjen sil oft er Susan frij krije kin. Hy giet it kantoar binnen en freget om agint Tilly te wurd te krijen oer it rinnende ûndersyk. Tilly is krekt oer de saak oan it oerlizzen mei Murphy. Hy wol Susan net gean litte oant er wit wat der oan 'e hân is. Murphy beslút him yn fertrouwen te nimmen, mar Tilly hat swierrichheden mei it idee dat fampieren wier besteane. Harry stelt foar om ynstee fan "fampieren" te sprekken fan "terroristen". Tilly liket net bot oertsjûge. Barry Rudolph kom opdaagjen om Murphy te fertellen dat se op non-aktyf pleatst is en dat se har net mear mei de saak bemuoie mei. Op dat stuit wurdt it FBI-kantoar oanfallen troch Estebán en Esmeralda mei de ik'k'uox en in kloft fampieren fan it Reade Hôf. Harry en Susan lokje harren mei troch in poarte nei it Nevernever, wylst Murphy en Tilly mei in folslein yn panyk rekke Rudolph witte te ûntkommen. Harry hie gjin idee wêr't er bedarje soe as er út it FBI-kantoar oerstappe soe nei it Nevernever, en earst liket it in grot te wêzen. As it ljocht oangiet, blike hy en Susan lykwols midden yn 'e ytseal te stean fan 'e Erlkönig, de lieder fan 'e eardsken, fan wa't Harry noch wat tegoede hat (sjoch: Dead Beat).
Harry wit de Erlkönig lykwols op syn eigen wurden te fangen en sa oanspraak op gastrjocht te meitsjen. As gasthear kin de Erlkönig him en Susan neat dwaan. Mar Estebán en Esmeralda, dy't mei harren ûnderhearrige fampieren en de ik'k'uox Harry en Susan nei it Nevernever folge binne en sa ek yn 'e ytseal fan 'e Erlkönig bedarre binne, beskuldigje Harry fan kweade opset, nammentlik dat er de Erlkönig mei opsetsin foar syn karke spanne woe, wat it gastrjocht teneate dwaan soe. Harry ûntstriidt dat yn alle toanaarden. De Erlkönig betinkt as oplossing om Harry en Susan tsjin twa fan 'e fampieren oant de dea fjochtsje te litten: wa't wint hat it gelyk oan syn kant. Estebán en Esmeralda, dy't sa lang libbe hawwe troch fan efteren te lieden, kieze ien fan 'e ûnderhearrige fampieren en de ik'k'uox út om harren te fertsjintwurdigjen. Harry en Susan kinne de fampier maklik oan, mar de reuseftige demon is in hiel oar ferhaal. Nei't se it wêzen lykwols ferwûne hawwe, lit Harry boppe út 'e ytseal (dy't yndie yn in grot ynrjochte is) in reuseftige stalaktyt op 'e ik'k'uox falle, dêr't er it meunster mei deadet. Estebán, Esmeralda en de oare fampieren wurde dêrnei grypt troch de eardsken en draaie in raar gat yn, wylst Harry en Susan weromgean kinne nei de minskewrâld. As se dêr oankomme, blykt de tiid yn it Nevernever lykwols folle flugger gien te wêzen as yn 'e echte wrâld, wat betsjut dat se opsjitte moatte om noch op 'e tiid yn Chichén Itzá te kommen.
Harry en Susan jouwe har by Martin, Mouse, Molly, Thomas, Murphy, Sanya en de Leanansídhe om nei it Jûkatanskiereilân te reizgjen. Foar't se ôfsette, jout Harry Fidelacchius, ien fan 'e trije swurden fan it Krús, tydlik oan Murphy, wylst er it oare swurd dat er yn bewarring hat, Amoracchius, tydlik oan Susan jout. Ebenezar McCoy nimt fia magyske middels kontakt mei Harry op; de âldman is poerrazen oer it feit dat Harry harren ôfspraak yn Toronto mist hat, mar as Harry him útleit dat er in dochter hat en dat er it famke rêde moat, draait McCoy by en winsket him súkses ta. Njoggenresom reizgje Harry-en-dy troch it Nevernever nei Jûkatan ta, dêr't se in foege sân km fan Chichén Itzá ôf wer yn 'e echte wrâld útkomme. De Leanansídhe hat oanjûn dat se de oaren helpe sil om it lêste stik nei de ruïnestêd fluch ôf te lizzen. Dêrfoar feroaret se Harry-en-dy yn hûnen, wat dúdlik net it soarte help wie dat Harry yn gedachten hie. As se deunby Chichén Itzá wer weromferoare binne, moat er lykwols tajaan dat it wol fertuten dien hat.
Harry hat in hiel plan úttocht om Maggie te rêden, mar it docht bliken dat it Reade Hôf al soks ferwachte hie, dat se rinne yn in mûklaach. Dêrop daget Harry op 'e nij Arianna út ta in duël, eat dêr't er sjoen de omstannichheden rjocht op hat ûnder de ôfspraken tusken de boppenatuerlike naasjes sa't dy fêstlein binne yn 'e Unseelie Akkoarten. Hy gokt derop dat de Reade Kening graach genôch de posysje fan Arianna ûndergrave wol om sa'n duël ta te stean. Harry lit him by de Reade Kening bringe, dy't him boppe-op ien fan 'e piramides fan Chichén Itzá befynt. Dêr is er dwaande mei de tarieding fan 'e bloedflok, dat it offerjen fan in protte minsken omfiemet. Bob, waans skedel Harry bewuolle yn in âld T-shirt oan syn mulrym by him draacht, flústeret Harry ta dat de betsjoening dy't de fampieren dogge, wurket as wie it in pylk-en-bôge: de minske-offers dy't al brocht binne, hawwe de bôgepiis weromlutsen, en as Maggie no offere wurdt, sil dat de pylk wêze dy't op Harry en Susan ôfsketten wurdt. Sa't Harry al tocht hie, hat de Reade Kening der gjin beswier tsjin dat Harry in duël oangiet mei Arianna, dy't foar him in stikel yn 'e foet wurden is.
It twagefjocht fynt plak yn it mânske balhôf fan 'e ruïnestêd, dêr't de Maya's eartiids sportwedstriden organisearren. De Reade Kening, de mei gouden maskers tariste Hearen fan 'e Bûtenste Nacht en de legere adel fan it Reade Hôf nimme plak op 'e tribunes, wylst Harry en Arianna inoar yn 'e arena moetsje. Harry is ferheard om út 'e wurdewikseling tusken Arianna en de Reade Kening te begripen dat sy syn dochter is. It duël moat inkeld mei magy útfjochte wurde. Hoewol't Arianna gjin tsjoenster yn 'e eigentlike betsjutting fan it wurd is, bestiet se yn har ûndeade steat al tûzenen jierren en hat se mear as genôch tiid hân om har op 'e behearsking fan magy ta te lizzen. Se is sadwaande mear as oan Harry weage. Boppedat wit se dat er foar syn gefjochtsbetsjoenings almeast gebrûk makket fan fjoer, en dêr is se ree foar. Se wurdt Harry op in hier nei oermânsk, oant er syn nije krêften as Winterridder ynset en har deadet troch it gebrûk fan iis ynstee fan fjoer. De Reade Kening is net ûntefreden oer de útkomst fan it duël, mar neitiid wegeret er him te hâlden oan syn ûnthjit om Harry-en-dy, Maggie ynbegrepen, gean te litten. Hy jout opdracht om Maggie te offerjen.
Dêrop falt Harry de Reade Kening oan. De Reade Kening en de Hearen fan 'e Bûtenste Nacht, dy't op it mêd fan macht goaden allyk binne, besykje Harry te ferpletterjen mei harren wil, mar Bob beskermet Harry langernôch dat er Murphy berikke kin. Al syn selskipslju binne as beferzen ûnder de blik fan harren machtige fijannen, mar as Murphy ûnder de beskerming fan Bob falt, lûkt se it swurd Fidelacchius út 'e skie, dat krekt as earder (sjoch: Small Favor) yn har hân sa'n fel ljocht ôfsmyt dat eltsenien dertroch ferbline rekket. Nij is dat de aartsingel Uriël mei Murphy har stim sprekt en rjochtdei oer it Reade Hôf oankundiget. De macht dy't de fampieren oer Harry-en-dy hawwe, wurdt ferbrutsen, en mei Murphy en Sanya foarop falle Harry-en-dy oan op in see fan fampieren. De Leanansídhe makket in poarte nei it Nevernever, dêr't tolve griisbemantele figueren troch komme. It binne de tsjoenders fan 'e Grize Ried, dy't oanfierd wurde troch Ebenezar McCoy en in tsjoender mei in djippe kap oer de holle en in toverstêf mei in izerne punt. Dy lêste makket in nije poarte nei it Nevernever, dêr't in leger trochhinne siedt fan kenku, ravenseftige humanoïde wêzens út 'e folkloare fan Japan, dy't McCoy noch wat skuldich wiene.
Underwilens is Molly ferwûne rekke trochdat se yn har boppeskonk sketten is troch ien fan 'e minsklike trewanten fan 'e reade fampieren, en Harry lit har efter ûnder de beskerming fan Mouse en Thomas. Sels begjint er him mei Murphy, Sanya, de Leanansídhe en Martin in paad troch de fampieren te klearjen yn 'e rjochting fan 'e piramide dêr't Maggie noch altyd fêstholden wurdt. Underweis dêrhinne deadet Murphy in Hear fan 'e Bûtenste Nacht. Tsjin 'e tiid dat se oan 'e basis fan 'e piramide arrivearje, is Harry alhiel ynein, mar as er de stim fan Mab yn syn earen flústerjen heart, merkt er dat der in weach fan nije krêft oer him komt. Wylst Murphy en Sanya de efterfolgjende fampieren tsjinkeare, bejouwe Harry en Martin harren nei de timpel op 'e top fan 'e piramide. Dêr treffe se lykwols net inkeld Maggie oan, mar ek de Reade Kening mei acht fan 'e maskere Hearen fan 'e Bûtenste Nacht. Wylst Harry op 'e nij bestrûpt rekket yn 'e wil fan 'e Hearen fan 'e Bûtenste Nacht, besiket de Reade Kening Maggie te offerjen, dy't op it alter leit. Ut it neat ferskynt lykwols in swurd, dat him de hân ôfslacht. Harry begrypt dat Susan ûnder in betsjoening fan ûnsichtberens fan 'e Leanansídhe oer it alter hinne stiet.
Wylst eltsenien ôflaat is, slûpt Martin de timpel yn. Harry ferwachtet dat er de Reade Kening fan efteren oanfalle sil, mar ynstee skopt er Susan fan it alter ôf. As se falt, wurdt de ûnsichtberensbetsjoening ferbrutsen. It docht bliken dat Martin al dy jierren dat er foar it Genoatskip fan Sint-Gilles wurke, eins in ynfiltrant foar it Reade Hôf wie. Harry besiket driuwend om tiid te winnen en hâldt Martin oan 'e praat troch te freegjen wêrom't Arianna de lytse Maggie foar har bloedflok brûke woe. Martin leit út dat se dêrmei net inkeld Harry treffe soe, mar ek Ebenezar McCoy, de tsjoender dy't har man fermoarde hie; want Harry syn mem Margaret LeFay wie de dochter fan McCoy. Dàt komt foar Harry as in grutte ferrassing, want it betsjut dat McCoy syn pake is. De âldman hat dêr nea wat fan blike litten, hoewol't Harry him dat net kwea-ôf nimme kin, want hy is sels ek beslist net fan doel om oare leden fan 'e Wite Ried te fertellen dat er in dochterke hat.
Harry beseft dat er net folle tiid hat om Maggie har libben te rêden. Mei syn âlde faam Elaine Mallory hied er in telepatyske bân; as er dat no besiket, blykt dat er mei Susan ek op dy wize kommunisearje kin. Hy makket har poerrazen troch har foar te hâlden dat Martin dejinge wêze moat dy't it Reade Hôf oer it bestean fan Maggie ferteld hat. Dêrnei hyst er har op om him oan te fleanen. Susan smyt harsels op Martin, wêrby't se slim ferwûne rekket troch in feech fan syn kapmês, mar ynstee dat se him mei fûsten of wapens te liif giet, byt se him yn 'e hals. Harry syn blik krúst dy fan Martin, en hy beseft dat dy syn lange bedroch fan it Genoatskip fan Sint-Gilles net mear as in dekmantel wie foar syn noch langere bedroch fan it Reade Hôf. Martin hat him ris ferteld dat er alles dwaan soe om it Reade Hôf út te rûgjen, en Harry beseft dat er it hiele spul hjir no sa manipulearre hat dat Harry de kâns kriget om dat te dwaan.
Wylst Susan de Reade Kening en de Hearen fan 'e Bûtenste Nacht ôfliedt, brekt Harry frij fan harren betsjoening. Ien fan Hearen fan 'e Bûtenste Nacht, waans masker earder droegen waard troch dejinge dy't troch Murphy deade waard, smyt no de momkape ôf en dan stiet middenmank de fijân ynienen de Leanansídhe, ien fan 'e âldste tsjoensters fan it Winterhôf, dy't de oare Hearen fan 'e Bûtenste Nacht te liif giet wylst Harry de Reade Kening de eagen útstekt. Wylst de ferbline kening om help raast en tûzenen fampieren op 'e piramide ta komme, bûcht Harry him oer Susan hinne. Hja is slim ferwûne, mar trochdat se Martin mei har byt deade hat, is se no in folbloed-fampier fan it Reade Hôf oan it wurden. Harry leit har út hoe't se har dochter rêde kin, en Sustan stimt ta. Hy leit har yn it plak fan Maggie op it alter en stekt har dea mei it rituele mês fan 'e Reade Kening. De wachtsjende bloedflok slacht dêrtroch ynstee fan op Harry syn famylje werom op it Reade Hôf, wêrfan't de leden allegear deselde bloedbân diele. Sa wurde yn ien klap alle reade fampieren útrûge en fan 'e ierdboaiem ferdylge.
Neitiid rekket Harry in stikmannich minuten kwyt oan ûnthâldsferlies. As er wer ta himsels komt, sit er mei de lytse Maggie op 'e râne fan 'e piramide. McCoy jout him dêr by him. Hy kin it Harry net kwea-ôf nimme dat dy om syn dochter te rêden yngien is op Mab har oanbod om 'e Winterridder te wurden. Mar hy hâldt him foar dat Mab him nea syn frije wil ôfnimme kin, ek al sil se dat miskien wol suggerearje. Molly is, yn it selskip fan Thomas en Mouse, ûnderwilens mei in helikopter evakuëarre nei in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Meksiko. Dat is nei't it skynt bewurkmastere troch Lara Raith, wat mar wer ris sjen lit hoe'n macht it Wite Hôf eins hat. As Harry witte wol hoe't McCoy de oankomst fan 'e Grize Ried yn Chichén Itzá mei de Leanansídhe beknopedraaid hat, antwurdet de âlde tsjoender dat dat mei Mab bûten syn bemuoienis om regele is. Hy meneuvelet yn 'e rjochting fan 'e tsjoender mei de kap en de izerbesleine toverstêf. As Harry better sjocht, beseft er dat it gjin toverstêf mar in spear is; yn it skaad fan 'e kap wurdt er in eachlapke gewaar, wylst Odin him mei it oare each eefkes rjocht oansjocht. McCoy merkt op dat hy it wie, dy't de learmaster wie fan 'e oarspronklike Merlyn, de oprjochter fan 'e Wite Ried. Murphy jout Harry Fidelacchius werom, en Sanya foeget dêr it troch him opfandele Amoracchius oan ta. As Harry dêr tsjinyn leit dat er no, as de Winterridder, faaks wol net de bêste kar is om sokke wapens yn bewarring te hawwen, seit Sanya dat Uriël dan mar yngripe moat as dat sa is.
Werom yn Chicago draacht Harry Maggie oer oan Murphy. Hy freget har om it famke nei pastoar Forthill te bringen yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, en him te freegjen om har op it feilichste plak ûnder te bringen dat er fine kin. Sels giet Harry nei de Water Beetle, de boat fan Thomas, der't er de beide Swurden fan it Krús efter in útnimber paniel ferberget. Hy ferskjinnet him en giet op bêd, mar kin net sliepe. De oare deis op 'e middeisoere feroaret de betsjoening dy't de Leanansídhe oer syn klean lein hie, wer werom. De lange learene oerjas dy't er jierren lyn fan Susan krigen hie, sit fol mei swurdhouwen en kûgelgatten en falt foar syn eagen útinoar. Harry is alles kwyt: syn hûs, syn auto, syn klean. It liket him wol ta dat er alles dat er hie, opjûn hat om it libben fan syn dochter te rêden. Dêr kin er wol mei libje. Murphy siket him op en fertelt dat der troch tadwaan fan Barry Rudolph in nij ûndersyk nei har iepene is. Diskear rekket se hoe dan ek har baan kwyt. Harry biedt har op 'e nij it swurd Fidelacchius oan, om in Ridder fan it Swurd te wurden, mar Murphy wol dêr earst ris lang en djip oer neiprakkesearje. Suver sûnder erch reitsje se oan 'e praat oer harren gefoelens foar inoar. Se beslute dêr einlings wat oan te dwaan en prate oer in oere ôf foar in ôfspraakje. As Harry fjirtich minuten letter út 'e kajút fan 'e Water Beetle komt, wurdt er fan grutte ôfstân delsketten troch in slûpskutter. Hy sakket op it dek yninoar en stjert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |